De stoomturbine is in apparaat dat brûkt wurdt om de druk en temperatuer fan stoom om te setten yn in útgeand asfermogen. Sa type turbine wurdt in protte tapast yn elektrisiteitssintrales, mar hat ek oare tapassings dêr't in grut fermogen frege wurdt, sa as by de oandriuwing fan seeskippen.

Rotor fan in modern stoomturbine, brûkt yn in elektrisiteitssintrale
Ferskaat oan turbineblêden
De Turbinia, 1894, it earste skip dat oandreaun waard troch in stoomturbine

De turbine hat de stoommasine mei sûgers yn it foarste plak ferfongen omdat it rendemint dêrfan, ôfset tsjin it gewicht (power-to-weight ratio), in stik heger is.

Skiednis bewurkje seksje

De stoomturbine is al om 1883 útfûn troch de Sweedske yngenieur Gustav de Laval yn syn meast ienfâldige foarm, de lavalturbine. Dy turbine hat in grut tal amerfoarmige skoepen dy't de stoom opfange en omsette yn in omgeande beweging. De Laval brûkte dy turbine om in molksintrifúzje oan te driuwen.

Yn 1884 hat de Britske yngenieur Charles Algernon Parsons de reaksjeturbine ûntwurpen; de turbine lit de stoom yn de lingterjochting fan de as streame en ferleget de druk yn stappen, ferspraat oer in oantal skoepetsjellen.

Tagelyk mei Parsons ûntwurp A.C.E Rateau in turbine dêr't de druk yn allinne ferlege wurdt by de statorskoepen; in lyts ferskil dat lykwols laat ta in flink grutter rendemint. Tsjintwurdich wurde dat Zoelly -turbines neamd. Feitlik binne it in rige skeakele lavalturbines. Meidat der dan mear as ien, elkoar opfolgjende, druk -en snelheidstreppen binne, giet de omgongsfaasje 'U' omleech. Omgongsfaasje en de waarmtefal oer de druktrep binne dan rjochtevenredich. De waarmtefal de druktrep sil lytser wêze en dêrtroch sil de omgongsfaasje ek redusearje. De waarmtefal fan eltse druktrep (skeakele turbines beächte) moat lykols wol deselde bliuwe. Oars soene der ferskillende omgongsfaasjes op 1 haadas sitte.

Klassifikaasje bewurkje seksje

Stoomturbines wurde yndield op ferkate grûnen: Aksiaal/radiaal, lykdruk (impuls)/oerdruk (reaksje), gearstald type, kondinsaasje/ôftaap

It basisûnderskied wurdt makke op ekspânsje-eigenskippen; de haadyndieling wurdt meast makke op it feit at it lykdruk -of oerdrukturbines binne.