Stormy Daniels, echte namme: Stephanie Gregory Clifford (Baton Rouge (Louisiana), 17 maart 1979), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, regisseur fan pornofilms en senarioskriuwster út Louisiana, yn it Amerikaanske Suden. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Stormy en Stormy Waters. Hja begûn yn 1996 yn in stripklub te wurkjen en sette nei 2000 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Daniels wûn frijwat prizen, net inkeld foar har dûnsjen en aktearjen, mar ek foar har rezjy en senario's. By in breder publyk en bûten de Feriene Steaten waard se lykwols benammen bekend doe't yn 2018 oan it ljocht kaam dat se in koarte bûtenhoulikse affêre mei presidint Donald Trump hân hie.

Stormy Daniels
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Stormy, Stormy Waters
echte namme Stephanie Gregory Clifford
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 maart 1979
berteplak Baton Rouge (Louisiana)
etnisiteit Iersk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, pornoregisseur,
senarioskriuwster
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
www.stormydaniels.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Daniels waard yn 1979 berne yn Baton Rouge, de haadstêd fan 'e steat Louisiana, yn it Amerikaanske Suden. Etnysk is hja heal fan Iersk en heal fan Sjeroky-Yndiaansk komôf. Daniels is in iennichst bern. Har âlden skieden faninoar doe't se fjouwer jier wie. Daniels waard neitiid yn earmoede grutbrocht troch har allinnichsteande mem. Yn fraachpetearen hat se sein dat der "dagen sûnder elektrisiteit" wiene, om't har mem de fêste lêsten soms net betelje koe. Yn har autobiografy Full Disclosure fertelde se dat se op njoggenjierrige leeftyd ferskate kearen ferkrêfte waard troch in man dy't de buorman in freondintsje fan harres wie. Hja skreau: "Ik wie njoggen. Ik wie in bern en doe wie ik ynienen gjin bern mear. Hy ferkrêfte Vanessa, en dêrom sprong ik dertuskenyn [...], sadat er har gewurde litte soe." Daniels folge letter middelber ûnderwiis oan 'e Scotlandville Magnet High School, dêr't se redakteur fan 'e skoalkrante wie.

Karriêre bewurkje seksje

Stripper bewurkje seksje

Yn in fraachpetear mei Twan Huys, yn septimber 2018 yn RTL Late Night op 'e Nederlânske tillefyzje, fertelde Daniels dat se, doe't se de middelbere skoalle ôfmakke hie, in oplieding ta bistedokter folgje woe. Dêr hie se lykwols gjin jild foar, en om har stúdzje te bekostjen begûn se yn 1996, mei santjin jier, as stripper te wurkjen yn in stripklub yn Baton Rouge. It wie oarspronklik har bedoeling om ien jier te strippen en dêrmei genôch jild te fertsjinjen om har hiele mearjierrige oplieding fan te beteljen. Se wie op in stuit sels al talitten ta in universiteit. Mar se fertsjinne as stripper safolle jild dat se nei in jier besleat en sko it plan om bistedokter te wurden op 'e lange baan.

 
Stormy Daniels yn 2006 by de útrikking fan 'e AVN Awards.

De foarnamme fan har artystenamme keas Daniels om har fan-wêzen fan Nikki Sixx út te drukken, de basgitarist fan 'e band Mötley Crüe, dy't syn eigen dochter Storm neamd hie. De efternamme fan har artystenamme keas se nei't se in advertinsje sjoen hie foar it whiskeymerk Jack Daniel's, mei de slachsin "in favoryt út it Suden". Yn septimber 2000 joech Daniels har by it Continental Theatrical Agency, wêrnei't se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns begûn te reizgjen.

Pornoaktrise bewurkje seksje

It wie yn dy snuorje dat se fia har wurk mei pornoaktrise Devon Michaels yn 'e kunde kaam. Doe't dy koarte tiid letter in pear lesbyske pornosênes opnaam, ien foar Wicked Pictures en in oaren foar Sin City, nûge se Daniels út om har te beselskipjen en de set te besykjen. Dêr mette Daniels pornografysk regisseur Brad Armstrong, dy't har oerhelle om de lesbyske sekssêne foar Sin City mei Michaels op te nimmen foar de film American Girls Part 2. Neitiid begûn Daniels geregeldwei mei Armstrong gear te wurkjen, mar altyd yn lesbyske sekssênes.

Yn july 2002 waard Daniels cast yn 'e haadrol fan 'e film Heat, foar de studio Wicked Pictures, wêryn't se har earste heteroseksuële sekssêne die. Yn septimber fan datselde jier krige se fan Wicked in eksklusyf kontrakt oanbean, dat se grif tekene. Neitiid wurke Daniels benammen foar Wicked, mar nei't har kontrakt dêr ôfrûn wie se ek wol yn 't spier foar oare bekende Amerikaanske pornografyske filmstudio's, lykas VCA Pictures, Hustler Video, Jill Kelly Productions, Adam & Eve, Vivid Entertainment, Digital Playground, Evil Angel, Metro, Napali Video en Legend Video.

Yn 2018 hie Daniels yn mear as 270 pornofilms spile. Dêrby hie se gearwurke mei kollega-aktrises as Asa Akira, Anikka Albrite, Alexis Amore, A.J. Applegate, Audrey Bitoni, Tori Black, Abbey Brooks, Mary Carey, Tanya Danielle, Devon, Jada Fire, Allie Haze, Kylie Ireland, Janet Mason, Trina Michaels, Shyla Stylez en India Summer, en mei manlike tsjinspilers as Manuel Ferrara, Mark Davis, Mick Blue, Mr. Pete en Tommy Gunn. Foar har aktearjen ûntfong Daniels û.m. fjouwer kear in AVN Award (de Oscars fan 'e pornoyndustry). Yn 2014 waard se yn itselde jier opnommen yn sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame.

 
Stormy Daniels yn 2007 mei pornoakteur Ron Jeremy.

Oare aktiviteiten bewurkje seksje

Sûnt 2004 wie Daniels ek in soad, mar útslutend foar Wicked Pictures, aktyf as regisseur en senarioskriuwster fan pornofilms. Yn 2018 hie se 90 pornofilms regissearre. Ek dêrfoar wûn se ferskate prizen. Njonken har wurk yn en foar pornofilms wie Daniels ek aktyf as neakenmodel. Sa stie se yn 2007 yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Penthouse, as de Penthouse Pet fan 'e moanne febrewaris. Oare neakenblêden dêr't Daniels foar posearre hat, binne Playboy, Hustler en High Society. Ek hat se mei fotoreportaazjes pronke yn 'e Amerikaanske edysje fan it manljusblêd FHM, dêr't se ek in skoft in kollumn foar skreau.

Begjin 2007 fertolke Daniels yn 'e Amerikaanske dramasearje Dirt de rol fan in stripper dy't belutsen is by it yn 'e fâle lokjen fan in basketballer spile troch Rick Fox. Letter datselde jiers toande se har feardichheid yn it pealdûnsjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Wake Up Call, fan 'e band Maroon 5. Yn 'e film The 40-Year-Old Virgin, út 2005 hie Daniels ek in lytse rol: Steve Carell, dy't de titelrol fan 'e 40-jierrige faam spilet, sjocht har fideo Space Nuts: Episode 69 – Unholy Union en besiket dan oer har fantasearjen. Fierders spile se yn 'e film Knocked Up, tegearre mei har kollega-pornoaktrise Nautica Thorn, in pear lapdancers yn Las Vegas.

Polityk bewurkje seksje

Yn 2009 besocht in groep fans út har bertesteat Louisiana, feriene yn 'e website DraftStormy.com, Daniels safier te krijen dat se har ferkiesber stelle soe foar de foarferkiezings fan 2010 fan 'e Republikeinske Partij foar in sit yn 'e Amerikaanske Senaat. Dêrby soe se it dan opnimme moatten hawwe tsjin 'e sittende Republikeinske senator David Vitter, in tige konservative, troude man dy't de mûle fol hie oer famyljewearden, mar op in stuit tajaan moast dat er geregeldwei nei de hoeren gie.

Op 21 maaie 2009 rjochte Daniels in kommisje op, dy't har kânsen ûndersykje moast foar it gefal dat se har ferkiesber stelle soe. Ek makke se in rûnreis troch Louisiana, wêrby't se har ynformearje liet oer de ekonomy, de posysje fan froulju yn it sakelibben en de beskerming fan bern. Op 28 july waard bekend dat har kampanjemanager it doelwyt fan in foarnommen moardoanslach mei in autobom west hie. Op 15 april 2010 makke Daniels bekend dat se har net ferkiesber stelle soe, mei't se it jild net hie om de kampanje fan te beteljen, en ek om't de media har net serieus namen.

 
Stormy Daniels op it AVN Adult Entertainment Expo yn Las Vegas yn 2009.

Priveelibben bewurkje seksje

Houliken bewurkje seksje

Daniels, dy't yn 2014 yn Dallas wenne, hat trije kear troud west. Op 29 augustus 2003 gie se in houlik oan mei pornoakteur Pat Myne, dat yn 2005 yn in skieding einige. Op 4 novimber 2007 troude se jitris, no mei Mike Moz, in p.r.-man yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dat houlik einige yn 2009 yn trelit; Daniels waard op 25 july fan dat jier yn Tampa arrestearre foar in lichte oertrêding dy't te krijen hie mei in út 'e hân rûne rûzje mei Moz. Se soene spul krigen hawwe oer wa't de wask dwaan moast en oer it feit dat Moz de ynkommen rekkens net betelle; Daniels soe him doe út lulkens in terwinkel jûn hawwe. Letter dat jier folge in skieding. Yn 2010 wertroude Daniels mei pornoakteur Brendon Miller (wiere namme: Glendon Crain). Yn jannewaris 2011 krigen Miller en Daniels in dochterke, dat se de namme Caden joegen. Harren houlik einige yn 'e simmer fan 2018 yn in skieding trochdat Miller net omgean koe mei alle publisiteit om 'e Trump-affêre hinne.

Trump-affêre bewurkje seksje

Op 12 jannewaris 2018 brocht de krante The Wall Street Journal út dat Michael Cohen, de persoanlike abbekaat fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump, oan Daniels in bedrach fan $130.000 oan swijjild betelle hie. Dat wie dien yn oktober 2016, koart foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier. Reden wie om Daniels stil te hâlden oer de oerhoer dy't Trump yn 2006 mei har begien hie wylst syn frou Melania krekt fjouwer moanne âldkreams wie fan harren soan Barron. Men wie bang dat it nijs oer dy affêre Trump syn kânsen op it presidintskip skea tabringe soe, mocht it bekend wurde, en Daniels hold doe, nei't it skynt, tariedende petearen mei it tillefyzjeprogramma Good Morning America en it tydskrift Slate, om dêr har ferhaal te dwaan.

Nei it ferskinen fan it artikel yn The Wall Street Journal ûntkende Cohen dat der sa'n affêre west hie, en hy liet ek in brief sjen dy't sabeare ûndertekene wie troch Daniels, wêryn't de affêre en it beteljen fan swijjild ûntkend waard. Op 13 febrewaris feroare Cohen fan ferhaal; doe fertelde er oan The New York Times dat er Daniels fan syn eigen jild $130.000 betelle hie, mar dat dat neat mei de Trump-kampanje te krijen hie, en dat er it jild ek net fergoede krigen hie. Dêrop makke Daniels har abbekaat, Michael Avenatti, oan Cohen dúdlik dat de hiele oerienkomst ûnjildich wurden wie trochdat hy it beteljen fan it swijjild iepenbier makke hie, en dat Daniels dêrom no frijút oer de saak prate koe. Op 6 maart spande Daniels dêroer in rjochtsaak oan tsjin Trump. Cohen begûn in dei letter in arbitraazjeproses tsjin Daniels, dat resultearre yn in gerjochtlike útspraak dat Daniels foarearst gjin "fertroulike ynformaasje" bekend meitsje mocht dy't ferbân hold mei de geheimhâldingsferklearring dy't se yn ruil foar de $130.000 ûndertekene hie. Daniels har abbekaten neamden de redens dy't Cohen foar de geheimhâlding oanfierde (en dy't sels ek geheim bliuwe moasten) "flauwe kul".

 
Stormy Daniels yn 2013 op 'e erotykbeurs Exxxotica Chicago.

Yn in fraachpetear mei it nijsprogramma 60 Minutes sei Daniels op 25 maart dat sy en Trump ien kear seksuële omgong hân hiene. Teffens fermelde se dat se letter yn it bywêzen fan har fiifjjierrich dochterke bedrige wie en dat se har dêrtroch twongen field hie om 'e geheimhâldingsferklearring te ûndertekenjen. Doe't aginten fan 'e FBI op 9 april it kantoar fan Cohen trochsochten en dêr e-mails en alderhanne oare dokuminten yn beslach namen, fûnen se ek materiaal dat te krijen hie mei de betelling oan Daniels. Sy dage op 30 april Trump foar de rjochter foar kwealaster om't er har yn in Twitterberjocht in "bedrager" (fraud) neamd hie. Hy bewearde yn datselde berjocht ek dat se it ferhaal oer de man dy't har bedrige út 'e tomme sûgd hie.

Op 12 july waard Daniels by in optreden yn in stripklub yn Columbus (Ohio) arrestearre by in undercoveroperaasje fan 'e pleatslike plysje. Hja soe trije resjersjeurs dy't incognito yn 'e klub oanwêzich wiene, "oanrekke" hawwe, wat yn Ohio tsjin 'e wet is. Wylst Daniels yn 'e sel smiten waard, waarden twa oare strippers dy't yn deselde saak oppakt wiene, daliks nei hûs ta stjoerd mei in oprop om op 'e fêststelde tiid foar de rjochter te ferskinen. Daniels naam abbekaat Chase Mallory út Columbus yn 'e earm, dy't derfoar soarge dat binnen tolve oeren alle oanklachten tsjin har ynlutsen wiene. Daniels har abbekaat Michael Avenatti ûnthiet dat er de plysje fan Columbus oankleie soe om't de arrestaasje fan syn kliïnte neffens him polityk motivearre wie. Letter brocht sjoernalistyk ûndersyk oan it ljocht dat de liedingjaande resjersjeur by de undercoveroperaasje yn 'e stripklub in fanatike oanhinger fan Trump wie. Ut e-mails fan in oar lid fan it undercoverteam die bliken dat de resjersjeurs al dagen foartiid ynformaasje ynwûn hiene oer Daniels en it plak dêr't se optrede soe.

Yn augustus 2018 berikte Cohen in skikking mei it Iepenbier Ministearje, wêrby't er bekende dat er Daniels swijjild betelle hie "yn opdracht fan de [...] kandidaat" (de iennichste 'kandidaat' foar wa't er ea wurke hie, wie Trump) en ek dat er dat dien hie "yn haadsaak om 'e ferkiezings te beynfloedzjen." Yn septimber bea Cohen oan om 'e geheimhâldingsferklearring mei Daniels ûnjildich te ferklearjen as se de $130.000 weromstoarte op 'e bankrekken fan syn bedriuw. Trump syn abbekaten lieten witte dat se it neilibjen fan 'e geheimhâldingsferklearring net ôftwinge soene, en likemin soene se Daniels har bewearing oanfjochtsje dat de oerienkomst ûnjildich wurden wie troch de iepenbierings dy't Cohen deroer dien hie. Op 12 septimber kundige Daniels de publikaasje oan fan in autobiografysk boek, mei as titel Full Disclosure, dat details oer har relaasje mei Trump befetsje soe. Op 19 septimber publisearre CNN dêr ferskate koarte sitaten út, û.m. ien wêryn't Daniels de foarm fan Trump syn penis beskreau. It boek kaam út op 2 oktober 2018.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Stormy Daniels is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en kupmaat 36DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Daniels hat gjin piercings útsein de wenstige gatsjes troch de earlellen. Wol hat se in stikmannich tatoeaazjes, fan in tiara op har rjochterpols, it sifer 2 yn har nekke en in grut ûntwerp oer har ûnderbúk.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2000 Nudes-A-Poppin 3e plak Miss Nude Future Star n.f.t.
2004 Adam Film World Guide Award wûn kontrakt-babe fan it jier (foar Wicked Pictures) n.f.t.
AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise (fideo) Beautiful
nominearre bêste aktrise (fideo) Not a Romance
wûn bêste nije stjer n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste aktrise (redaksjepriis) n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2005 CAVR Award wûn stjer fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste nije regisseur (redaksjepriis) n.f.t.
2006 Adam Film World Guide Award wûn froulike crossover-artyst fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Jessica Drake) Eternity
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Randy Spears) Eternity
nominearre bêste aktrise (film) Eternity
wûn bêste byrol fan in aktrise (fideo) Camp Cuddly Pines Powertoon Massacre
wûn bêste senario Camp Cuddly Pines Powertoon Massacre
CAVR Award wûn bêste regisseur (film) n.f.t.
FAME Award wûn favorite boarsten n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste aktrise (publykspriis) n.f.t.
wûn trijefâldige priis (strippen, aktearjen, regissearjen) n.f.t.
XRCO Award wûn favorite pornostjer yn 'e mainstream-media n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste aktrise (fideo) Taken
nominearre bêste senario (fideo) 3 Wishes
wûn kontraktstjer fan it jier (foar Wicked Pictures) n.f.t.
FAME Award wûn favorite boarsten n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste feature dancer (publykspriis) n.f.t.
ynhuldige NightMoves Hall of Fame oeuvre
2008 Adam Film World Guide Award wûn aktrise fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Randy Spears) Black Widow
nominearre bêste aktrise (fideo) Black Widow
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste senario Operation: Desert Stormy
nominearre bêste regisseur Operation: Desert Stormy
nominearre regisseur fan it jier oeuvre
wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.
FAME Award wûn favorite regisseur n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste regisseur (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre regisseur fan it jier (film) n.f.t.
wûn froulike crossover-stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre spesifyk optreden (aktrise) Operation: Desert Stormy
nominearre bêste gemy mei in tsjinspiler (mei Randy Spears) Black Widow
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn favorite pornostjer yn 'e mainstream-media n.f.t.
wûn bêste regisseur (film) (dield earste plak mei Brad Armstrong) n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise The Wicked
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
FAME Award wûn favorite boarsten n.f.t.
Positive Image Award fan de Free Speech Coalition wûn n.f.t. n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste regisseur (redaksjepriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre regisseur fan it jier oeuvre
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn ASACP Service Recognition Award n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste regisseur (film) n.f.t.
nominearre favorite pornostjer yn 'e mainstream-media n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste aktrise Partly Stormy
nominearre bêste regisseur (film) Whatever It Takes
nominearre bêste senario Whatever It Takes
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste regisseur (film) Heart Strings
NightMoves Award wûn bêste regisseur fan in film dy't gjin parody is (redaksjekar) n.f.t.
2014 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame oeuvre
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste senario Switch
nominearre bêste regisseur (film) Switch
2016 Xbiz Award wûn regisseur fan it jier (film) oeuvre

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.