In suffeet wie ien fan twa heechste magistraten yn de Fenisyske stêden lykas Tyrus en benammen yn Noard-Afrika yn de Punyske stêdsteat Kartago.

Namme bewurkje seksje

It wurd "suffeet" komt fan de Semityske woartel "TPT". It Punyske begryp špṭ, útsprutsen as šophet of šuphet, komt oerien mei it Hebriuwske schofet dat "rjochter" betsjut. De Latynske útspraak is su(f)fes, meartal su(f)fetes en yn it Gryksk βασιλεύς.

Fenisysk bewurkje seksje

Yn de ferskate Fenisyske stêdsteaten oan de kust fan it hjoeddeistige Libanon en Syrje en yn de Punyske koloanjes yn it westlike Middellânske Seegebiet, wêrûnder Kartago, wie in suffeet in net-keninklike magistraat dy't it bestjoer oer de stêdsteat late, dat te ferlykjen wie mei in Romeinske konsul. In konsul en in suffeet tsjinnen beide ien jier yn in twamanskip.

Punysk bewurkje seksje

De ferantwurdlikens fan in Kartaachske suffeet wie it foarsitten fan de senaat en de folksgearkomste en it tsjinjen as in rjochter. Harren oantal, termyn en machten kamen aardich oerien mei dy fan in Romeinske konsul, allinnich in suffeet hie gjin macht oer it leger, itjinge de Romeinske konsul wol hie.

De suffeet wie lykwols net de steatshaad fan it Kartaachske Ryk. Letter krigen de Kartaachske koloanjes harren eigen suffeten en ûntstie der in hiërargy fan suffeten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.