Suffrazjette is in term dy't ôflaat is fan it Ingelske suffragette, [1] foar immen (feitlik allinne in frou) dy't stridet foar frouljusrjochten benammen foar it frouljuskiesrjocht. De wiere namme fan dy organisaasje wie de Sosjale en Politike Frouljusuny, dy waard opset yn 1903. De term is ôflaat fan it Ingelske wurd 'suffrage', dat stimrjocht betsjut.

Christabel Pankhurst
In suffrazjette yn Washinton DC, 1918

De suffrazjettes binne in beweging út de earste feministyske weach, ein 19e- en begjin 20e iuw, yn de Angelsaksyske lannen. Emmeline Pankhurst wie de stifster fan de suffrazjettebeweging, tegearre mei har dochter Christabel Pankhurst.

Suffrazjettes waarden wol sjoen as fersoere en ûnsjogge froulju dy't gjin man krije koenen, mar it wie meast krekt oarsom. Faak wiene it jonge troude froulju dy't war dienen foar harren rjochten. Sy organisearren grutte demonstraasjes. Groepen froulju setten har mei keatlings fêst oan it stek fan bygelyks it parlemintsgebou of sloegen oan it fjurkestoken op strjitte. Belangrike brieven waarden ferbaarnd en yn de stimbussen waard soer getten sadat de stimbiljetten net mear te lêzen wiene. Om arrestaasjes út te lokjen giene hja by demonstraasje hieltyd fierder. Der waarden samar winkelruten ynsmiten of gemeente-eigendom fernield. De froulju waarden fêstset en guon waarden út protest hongerstaker. Sy woene dat it regear serieus prate soe oer rjochten fan de frou. Faak wie it rissultaat krekt oars om en waarden de finzenisbeweitsers hjitten om harren ûnder twang iten te jaan. In foaroansteande suffrazjette, Emily Wilding Davison, stoar doe't sy besocht by in hynstewedrin it hynder fan de kening te kearen.

In protte froulju karden sok gedrach ôf en setten har eigen groepen op, sa as de Nasjonale Uny foar it Frouljuskiesrjocht. Tûzenen froulju, meast út de middenklasse, dienen mei oan freedsume demonstraasjes mei spandoeken en sjongen. Froulju út de arbeidersklasse stie it net frij om opppakt te wurden en fêstset te wurden, dêr soe harren hûshâlding slim ûnder te lijen hân hawwe soe. Doch hiene ek dy demonstraasjes wolris te krijen mei protest fan tsjinstanner of sels fan plysjeoptreden.

Yn Nederlân wie in oare groep aktyf. Aletta Jacobs waard foarsitster fan de VvVK, de Vereniging voor VrouwenKiesrecht. It tal leden waard doe hurd grutter.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Betocht troch de Britske krante de Daily Mail

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.