In sulveren of sulverne medalje is de op ien nei heechste medalje dy't útrikt wurdt foar in prestaasje op net-militêr mêd. Sokke ûnderskiedings binne benammen ferbûn mei de sport. De namme komt fuort út it feit dat der alteast in fraksje sulver (meast yn 'e foarm fan blêdsulver) oan dizze medaljes tafoege is, en om't sa'n medalje de kleur fan sulver hat. It komt mar selden foar dat 'sulverne medaljes' wier fan poer sulver binne; de measten binne ynstee fersulvere, sa't dat bygelyks it gefal is mei de sulverne medaljes dy't útrikt wurde op 'e Olympyske Spullen.

In sulverne medalje fan 'e Olympyske Winterspullen 1980 yn Lake Placid.

By grutte sporteveneminten kriget de winner in goudene medalje, de twadde-plakhâlder kriget in sulverne medalje en dejinge dy't it trêde plak behellet, wurdt in brûnzene medalje oan útrikt. Dat is noch mar goed in iuw sa, want by de Olympyske Spullen fan 1896, yn Atene, krigen de winners noch in sulverne medalje. De goud-sulver-brûns-hierargy waard pas ynfierd op 'e Olympyske Spullen fan 1904 yn St. Louis. Neitiid waard dat systeem oernommen troch alle oare sporteveneminten

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.