De sulverskiif (Boloria euphrosyne) is in soarte yn de it skaai fan de hoedersparlemoerflinters (Boloria)

sulverskiif
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai hoedersparlemoerflinters (Boloria)
soarte
Boloria euphrosyne
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen bewurkje seksje

Yn Nederlân komt dizze flinter net mear foar. De lêste waarnimming wie yn 1959. De Sulverskiif is al noch te finen yn de Ardinnen en Eifel yn Belgje. It is in honkfêste soarte. De kâns dat de flinter oait wer út himsels nei Nederlân ta komt is hiel lyts. De flinter hâldt fan begerske boskrânen en iepen plakken yn 'e bosk.

Op de reade list stiet de sulverskiif as ferdwûn út Nederlân.

Flinter bewurkje seksje

De wjuklingte is ûngefear 19 oant 23 mm. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit yn 'e midden in opfallend plak. Dat is it Sulverplak. Fandêr ek de namme Sulverskiif.

Fleantiid bewurkje seksje

De flinter fljocht fan begjin maaie ôf oant begjin juny. As der in twadde generaasje is fljocht de flinter ek fan ein july ôf oant ein augustus. De Sulverskiif fljocht yn ien generaasje, soms yn twa.

Rûp bewurkje seksje

De rûp oerwinteret as healwaaks rûp tusken de blêden. De groeiperioade leit yn 'e maaitiid en yn 'e simmer.

De rûp fret fioeltsjes, hûnsfioeltjes en it boskfioeltsje.

Sjoch ek bewurkje seksje