Sunderum is in folksfeest op it Fryske waadeilân Skylge dat alle jierren op 6 desimber fierd wurdt.

Manlju gean op Sunderum nachts yn it tsjuster mei maskers op en ferklaaid yn selsmakke pakken de dyk op, de doarpen troch, om te spûkjen en kringe de huzen yn dêr't de doar fan iepen stiet. Foar de froulju is it dan 'ferbean' om harren op strjitte te fertoanen. De mannen besykje al dy tiid net werkend te wurden en meitsje mei nuvere stimmen opmerkingen oer resinte foarfallen yn it doarp. Sunderum is in folksfeest dêr't fan tocht wurdt dat it syn oarsprong hat yn de foarkristlike heidenske perioade. It Sunderum- en oare maskeradefeesten wurde wol sjoen as foarrinners fan it hjoeddeiske Sinteklaasfeest. Hja soene weromgean op de Wylde Jacht of it Wylde Hear. It feest wurdt yn alle doarpen fan it eilân fierd. Op de oare waadeilannen wurde yn de perioade om Sinteklaas hinne ferlykjende feesten fierd.

Ek yn Sâltkamp wurdt mei Sinterklaas inselde soarte folksfeest fierd. Sawol manlju as froulju rinne dan nachts ferklaaid oer de dyk om yn it doarp te spûkjen en kringe huzen yn dêr't de doar fan iepen stiet. Meastentiids rint it goed ôf en geane de maskers ôf as der in buorrel oanbean wurdt.

Yn it boek Sil de Strandjutter skreaun troch Cor Bruijn wurdt in haadstik wijd oan de "sunderums" (haadstik 8).

Sjoch ek bewurkje seksje