Surrey is in greefsip yn de Ingelske regio Súdeast-Ingelân. It oerflak beslacht 1662,5 km2. Kingston upon Thames is it haadplak (mar heart no ta Greater London, sadwaande binne der plannen om Woking ta it bestjoerlik sintrum te meitsjen). Surrey ûntstie as bestjoerlike ienheid yn 825, doe't it troch it Angelsaksyske kening Egbert fan Wesseks ferovere waard op it Keninkryk Mersia. Yn 927 waard it in greefskip fan it Keninkryk Ingelân.

Surrey yn Ingelân

Surrey hat fruchtber heechlân mei yn it noarden krythichten (de North Downs mei as heechste punt Box Hill, 182 m) en yn it suden sânstienhichten (heechste punt Leith Hill, 320 m). De lânbou, túnbou en feehâlderij binne rjochte op de ôfsetmerk Londen. Surrey hat fierders in protte forinzeplakken mei lju dy't yn Londen wurkje. Ek hat it betsjutting as rekreaasjegebiet foar Londen en tsjinnet er as griene sône foar de agglomeraasje.

Distrikten bewurkje seksje

Distrikten Kaart
  1. Spelthorne
  2. Runnymede
  3. Surrey Heath
  4. Woking
  5. Elmbridge
  6. Guildford
  7. Waverley
  8. Mole Valley
  9. Epsom and Ewell
  10. Reigate and Banstead
  11. Tandridge
 

Plakken bewurkje seksje

Grutte plakken yn Surrey:

In lytser plak is Addlestone, ferneamd om syn tûzenjierrige ikebeam.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: