Suurhusen is in doarp en dielgemeente fan Hinte yn East-Fryslân, krekt benoarden Emden, yn Dútslân.

Suurhusen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Auwerk
Sifers
Ynwennertal 1113 (2020)
Oerflak 9 km²
Hichte 0 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2

De delsetting wurdt foar it earst neamd yn dokuminten út 1255 en waard yn it ferline ek Zuiderhusen neamd, wierskynlik om ûnderskied te meitsjen mei it tichteby lizzende Osterhusen en Westerhusen. Ut in stien mei it jiertal 1004 en ierdewurk dat yn de tsjerke fûn is docht lykwols bliken dat it doarp folle âlder is.

It doarp hat in lyts museum dat it libben fan in lânarbeidershûshâlding yn it ferline sjen lit.

Tsjerketoer bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Suurhusen.

Suurhusen is benammen bekend om de skeane tsjerketoer (1450) fan de evangelysk grifformearde tsjerke út de earste helte fan de 13e iuw. Neffens it Guinness Book of Records is de toer nog briker as dy fan Pisa. Dy hellet 4,95° oer, de Dútske 5,19°. De toer 11 x 11 meter en 27 meter heech. By de ferbouwing fan 1855 waard in sânstien mei de ynskripsje "AD MVI" (Anno Domini 1006) fûn. De toer kaam hieltyd skeaner te stean troch it sakjen fan it grûnwetter. Dat waard it earst fernaam yn 1885. Dêrnei waard it starichoan slimmer. It liket der op dat er no stabyl is.

Berne yn Suurhusen bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje