Svealand (Frysk: Svealân) is ien fan de trije lânsdielen fan Sweden en bestiet út de lânskippen Dalarna, Närke, Södermanland, Uppland, Värmland en Västmanland. Yn 2016 hie Svealand likernôch 4 miljoen ynwenners.

Svealand op de kaart fan Sweden

Krekt as de oare lânskippen Götaland en Norrland hat Svealand gjin bestjoerlike betsjutting, mar de namme wurdt wol yn de deistige omgong brûkt, bygelyks yn waarberjochten.