Swarte Tsjettel (Sjajinsk: Moketavato, útspr.: [mokɪtavato]; Ingelske oersetting: Black Kettle; ±1803 – oan 'e rivier de Washita (Oklahoma), 27 novimber 1868) wie in opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hoewol't er him fersette tsjin 'e opkringende kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de Amerikanen, wied er in fredesstifter, dy't ferdraggen akseptearre om syn folk te beskermjen. Hy oerlibbe yn 1864 it Bloedbad fan Sand Creek, mar kaam om yn it Bloedbad fan de Washita, in Amerikaanske oanfal op syn kamp, yn 1868.

Swarte Tsjettel
persoanlike bysûnderheden
echte namme Moketavato
oare namme Black Kettle
nasjonaliteit Sjajinsk
berne ±1803
berteplak westlike Feriene Steaten
stoarn 27 novimber 1868
stjerplak oan 'e Washita (Oklahoma)
etnisiteit Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Súdlike Sjajinnen
jierren aktyf ±18251868

Libben bewurkje seksje

Ier Libben bewurkje seksje

It tinken is dat Swarte Tsjettel likernôch yn 1803 berne wêze moat, mar der is net folle bekend oer syn libben foàr 1854. Yn dat jier waard er keazen ta ien fan 'e leden fan 'e Rie fan Fjouwerenfjirtich, in gearkomste fan stamâldsten dy't de Sjajinske naasje bestjoerde. Yn 1851 wiene de Sjajinnen ien fan 'e Yndiaanske folken dy't it earste Ferdrach fan Fort Laramie mei de Amerikanen sleaten. Dêrby waarden ûnbidige stikken fan 'e Grutte Flakten troch Washington erkend as Yndiaansk lân. Mar dwers tsjin 'e ôfspraken yn wegere it Amerikaanske regear neitiid om 'e blanke kolonisaasje fan dat Yndiaanske lân in halt ta te roppen. Dat waard noch helte minder doe't der yn 1859 goud fûn waard, en de Goudkoarts fan Pike's Peak begûn. Goudsikers en oare blanke kolonisten ferkrongen de Súdlike Sjajinnen doe út harren foarâlderlike wengebiet, wylst se soargeleas weardefolle helpboarnen fan wetter en jachtwyld opbrûkten.

Swarte Tsjettel wie pragmatyk genôch om yn te sjen dat de Amerikaanske militêre macht te grut en de kolonisaasje ûntsjinkearber wie. Yn 1861 joegen syn Súdlike Sjajinnen en harren bûnsgenoaten, de Súdlike Arapaho, harren oan 'e Amerikanen oer by Fort Lyon, ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Fort Wise. Swarte Tsjettel miende dat er sa foar syn folk de beskerming fan 'e Amerikaanske oerheid tsjin 'e kolonisten krije koe, mar it ferdrach wie tige ûngeunstich foar de Súdlike Sjajinnen. Swarte Tsjettel-en-dy moasten har nei wenjen sette yn it Sand Creek Yndianereservaat, in lyts hoekje lân yn súdeastlik Kolorado, dêr't de grûn ûnbebouber wie en de tradisjonele jacht op 'e bizons ûnmooglik, mei't dy bisten dêr net foarkamen.

In protte Sjajinnen wegeren dit ferdrach te akseptearjen, mei't se harsels yn it reservaat ûnmooglik yn libben hâlde kinne soene. Blanke delsettings en boerespultsjes waarden it doelwyt fan oerfallen troch poerlulke Sjajinske krigers. Oft Swarte Tsjettel dizze oarlochshannelings oanfitere, dulde of besocht tsjin te gean, dat is noch altyd in striidpunt ûnder histoarisy.

De Kolorado-oarloch bewurkje seksje

Tsjin 'e simmer fan 1864 wie de sitewaasje oanboaze ta in iepen oarloch tusken de hauken ûnder de Súdlike Sjajinnen, dy't lykstimden ûnder de Súdlike Arapaho en de Kajowa (Kiowa) as bûnsgenoaten hiene, en de Amerikanen. De Yndianen stielen fee en oare itensfoarrieden by de oerfallen dy't se útfierden op 'e delsettings fan 'e kolonisten, en soms ûntfierden se froulju en/of bern om yn harren folk op te nimmen ta ferfanging fan ferlerne kammeraten. Nei in oerfal wêrby't in hiel kolonistegesin fermoarde wie, stalde John Evans, de gûverneur fan Kolorado, in steatsmilysje gear, dy't oanfierd waard troch kolonel John M. Chivington, mei as doel om foar iens en foar altyd mei de Yndianen ôf te weven. Alle "freonlike Yndianen" waarden oardere om har te melden by legerposten om't se oars as fijannich te boek komme soene te stean. Dat, Swarte Tsjettel late syn troep nei Fort Lyon ta, dêr't er him melde by de legerkommandant. Mei beswarrings fan freonskip waard er wer weromstjoerd nei it Sand Creek Reservaat, dêr't er bliuwe moast oant de fijannichheden beëinige wiene.

 
In foto fan Swarte Tsjettel en party fan syn krigers krekt bûten Denver, yn 1864.

Mar de ambisjeuze Chivington late de 700 man fan syn 3de Kavaleryrezjimint fan Kolorado nei Fort Lyon ta, dat er neffens eachtsjûge John S. Smith by ferrassing ynnaam, mei't er eltse tynge fan syn oansteande oankomst dêre tsjinholden hie. Hy liet it fort besingelje, sadat nimmen derút koe, en pleatste de Yndiaansk agint dy't de ôfspraken mei Swarte Tsjettel makke hie, ûnder arrest. Doe sette er mei it grutste part fan syn troepen ôf nei it Sand Creek Reservaat, dêr't Swarte Tsjettel en syn Súdlike Sjajinnen, mei in lyts groepke Súdlike Arapaho fan Lofterhân, oan it streamke de Big Sandy Creek harren winterkamp opslein hiene. Op dat stuit wiene de measte krigers ôfwêzich, om't se op jacht gien wiene. It opperhaad hie by syn tipy neffens ôfspraak in Amerikaanske flagge hyst. Likegoed joech Chivington moarnsier op 29 novimber 1864 daliks befel om oan te fallen. De soldaten slachten 163 Sjajinnen ôf, meast froulju en bern, en namen "sûvenirs" troch lichemsdielen fan harren deade slachtoffers ôf te snijen dy't se fouwer moanne letter yn Denver tentoanstelden. Dit barren, dat de skiednis yngien is as it Bloedbad fan Sand Creek, wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e slimste oarlochsmisdieden fan 'e Amerikanen yn harren striid tsjin 'e Yndianen, tegearre mei it lettere Bloedbad fan Wounded Knee. Sels doedestiden wie der yn it easten fan 'e Feriene Steaten al in soad krityk op.

Swarte Tsjettel wist oan 'e slachting te ûntkommen, en kearde letter werom om syn frou, dy't swier ferwûne rekke wie, te rêden. Nettsjinsteande it ferrie en de swiere ferliezen woed er lykwols fierder op it paad fan 'e frede. De mearderheid fan 'e foaroanlju fan 'e Súdlike Sjajinnen wie it net mei him iens. Hja sleaten in ferbûn mei de Komansjen en de Kajowa en fierden oarloch tsjin it Amerikaanske leger en de blanke kolonisten. Swarte Tsjettel late syn folgelingen lykwols fierder nei it suden, en hold oan mei it fieren fan ûnderhannelings mei de Amerikanen. Yn oktober 1865 sleat er mei harren it Ferdrach fan de Lytse Arkansas, wêrby't Washington him "ivige frede" en in oar wengebiet ûnthiet by wize fan wiedergutmachung nei wat der by Sand Creek bard wie. It direkte effekt dêrfan wie lykwols dat de Súdlike Sjajinnen har reservaat wer kwytrekken en dat se twongen waarden om te ferfarren nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma). Fan gefolgen begûn Swarte Tsjettel syn ynfloed ûnder syn folk te belúnjen.

 
De rivier de Washita, likernôch op it plak dêr't Swarte Tsjettel yn 1868 omkaam.

It Bloedbad fan de Washita bewurkje seksje

Likegoed joegen Swarte Tsjettel en syn folgelingen oan dat se noch altyd yn frede mei de blanken libje woene, en dêrta tekene it âlde opperhaad yn oktober 1867 alwer in nije oerienkomst mei de Amerikanen, it Ferdrach fan Medicine Lodge. Underwilens setten de jonge krigers fan 'e Súdlike Sjajinnen harren oanfallen op Amerikaanske doelen yn Kolorado, Kansas en Teksas fuort, dêrby oanfierd troch sokken as Kromme Noas en Lange Bolle. Ynhoefier't de beide groepen inoar oerlapen, is in âld skiedkundich striidpunt. Neffens Lytse Rots (Little Rock), dy't de ûnderbefelhawwer fan Swarte Tsjettel wie, kearden in soad fan 'e krigers dy't de oanfallen útfierden neitiid werom nei it kamp fan Swarte Tsjettel, soms mei blanke finzenen, benammentlik froulju en bern, by harren. Mar Yndiaanske opperhaden hiene gjin wetlik gesach oer harren folk en moasten it inkeld fan harren persoanlike ynfloed hawwe, en tsjin dy tiid wie de ynfloed fan Swarte Tsjettel sa lyts wurden dat it ûnwierskynlik is dat er de dieden fan 'e jonge krigers yn syn kamp tsjinkeare kinnen hie as er dat besocht hie.

As reäksje op 'e oanhâldende oerfallen en moardpartijen ûntwurp de Amerikaanske generaal Philip Sheridan, dy't namme makke hie yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, in plan foar in strafekspedysje tsjin 'e Súdlike Sjajinnen. Syn idee wie om harren yn har winterkampen oan te fallen, al har foarrieden te ferneatigjen en har fee en hynders en eltsenien dy't him fersette te deadzjen. Neitiid soe de winter dan wol mei de oerlibbenen ôfweve. De fjildtocht waard útfierd troch in oare held út 'e Boargeroarloch, generaal George Armstrong Custer. Op 27 novimber 1868 foel dy mei syn 7de Kavaleryrezjimint it doarp fan Swarte Tsjettel oan, dy't oan 'e rivier de Washita, yn Oklahoma, syn kamp makke hie. Custer syn troepen deaden by dat Bloedbad fan de Washita mear as hûndert Yndianen, de measten Súdlike Sjajinnen. Swarte Tsjettel en de frou kamen om doe't se yn 'e rêch sketten waarden by it oerstekken fan 'e rivier, yn in besykjen om út te naaien.

Swarte Tsjettel wurdt tsjintwurdich rûnom beskôge as in grut fredesstifter en lieder, en hy is it meast ferneamde opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen. Party histoarisy hawwe krityk op him utere om't er de oanfallen fan syn krigers op 'e blanken net tsjinhold, mar it is gehiel ûnwis oft er dêr it fermogen wol ta hie. Deunby it plak dêr't er fermoarde waard, by Cheyenne, yn Oklahoma, stiet no it Swarte Tsjettel Museum, dat oan syn oantins wijd is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.