Swartslús[1] of Swartslûs (Nederlânsk en offisjeel: Zwartsluis; Nedersaksysk: De Sluus) is in (haven)plak yn de gemeente Swartewetterlân yn de provinsje Oerisel. It plak hat op 1 desimber 2015 4805 ynwenners.

It byld "De Veenvaart" (Hans Mes, 2000) wol de histoaryske ferbûnens fan it plak mei de turfwinning ta utering bringe

Skiednis bewurkje seksje

 
Zwartsluis yn 1649 troch J. Blaeu

Swartslús is ûntstien op it plak dêr't it Meppelerdjip yn it Swarte Wetter útrint. It plak wurdt yn 1398 foar it earst neamd, doe't it djip ôfdamme waard mei in dûkerslús.

Swartslús hat in trochfierhaven west foar turf út Drinte nei Hollân.
Tusken 1765 en 1798 wie Swartslús it plak dêr't in protte Joadske húshâldings út de omkriten harren nijberne jonkjes besnije lieten. It besnijenisregister dat bewarre bleaun is neamt de plaknamen Dwingeloo, De Lemmer, Kampen, Bloksyl en oaren. Der hat in synagoge west, mar dêr is neat mear fan te sjen as it tsjerkhôf dat efter de synagoge lei.

Men men hat yn dit doarp in tal tsjerken: De Herfoarme tsjerke, Grifformearde tsjerken, in Mennistetsjerke en in Kristlike Grifformearde tsjerke.

Oant 2001 wie Swartslús in selsstannige gemeente, it is doe mei Hasselt en Genemuiden opgien yn de gemeente Swartewetterlân.

Underwiis bewurkje seksje

Swartslús hat twa basisskoallen. De Wijngaard is in protestantsk-kristlike skoalle en De Aremberg jout iepenbier ûnderwiis. It Agnieten College foar fuortset ûnderwiis hat dêr ek in festiging.

Berne yn Swartslús bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bygelyks neamd as "Swartslús" yn Huwelijk van Wiemer en Nanke Hoekstra in het teken van water en varen yn De Woudklank