In swiere kruser is in middelgrut type oarlochsskip. De beneaming is fan oarsprong in ferkoarte foarm fan "swierbepânsere kruser", wêrmei't in soarte skip beskreaun waard dat in folle swierdere bepânsering hie as de saneamde lichte krusers. Swiere krusers waarden ûntwurpen foar in lang berik en hege faasje, en wiene relatyf swier bewapene. De iennichste swierdere marineskippen wiene de slachkruser en it slachskip.

De Amerikaanske swiere kruser USS Columbus yn 1963.

De swiere kruser waard ûntwikkele út it eardere pânserdekskip, dat yn 1878 yntrodusearre waard troch de Britske Keninklike Marine. Tsjin it begjin fan it Ynterbellum hiene har út dat eardere skipstype twa soarten krusers ûntjûn: de lytsere, lichter bewapene en lichter bepânsere lichte kruser en de gruttere, swierder bewapene en swierder bepânsere swiere kruser. Yn 'e tekst fan it Marineferdrach fan Londen, út 1930, waard de swiere kruser omskreaun as in kruser mei kanonnen fan in loopdiameter fan 6,1 inch (155 mm) oant 8 inch (203 mm). It skip mocht fierders (krekt as de lichte kruser) net grutter wêze as 10.000 ton.

De USS Salem yn 1951 yn Feneesje.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't de eardere beheinings net mear neilibbe waarden, groeiden de swiere krusers almar grutter, oant de Amerikaanske swiere krusers fan 'e Alaska-klasse like grut wiene as slachkrusers of slachskippen út dy tiid en grutter as de slachskippen út 'e Earste Wrâldoarloch. Se wiene lykwols folle lichter bepânsere en koene in konfrontaasje mei in echte slachkruser of in slachskip net oan. Der waarden mar twa skippen fan 'e Alaska-klasse makke en se waarden net folle ynset.

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch rekken swiere krusers al hiel fluch út 'e graasje, mei't technyske foarútgong it mooglik makke dat lytsere en folle goedkeapere torpedoboatjagers deselde funksje ferfolje koene as krusers. De marines fan Dútslân en Japan waarden nei de oarloch ûntmantele, en de Britske Keninklike Marine tanke syn lêste trije swiere krusers ôf yn 'e iere 1950-er jierren. De Amerikaanske Marine, de lêste seemacht dy't noch sokke skippen brûkte, helle syn lêste swiere krusers, de USS Chicago, de USS Columbus en de USS Albany, tusken 1975 en 1980 út 'e feart. Tsjintwurdich bestiet der noch mar ien swiere kruser yn 'e hiele wrâld, de USS Salem, dy't soarchfâldich beholden wurdt as museumskip yn Quincy (Massachusetts).

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.