Sybrandus Johannes Fockema Andreae (rjochtshistoarikus)

Sybrandus Johannes Fockema Andreae (Beetstersweach, 4 juny 1844 - Leien, 17 jannewaris 1921) wie in Frysk heechlearaar yn it âld-Hollânsk rjocht. Fockema Andreae wie de heit fan Joachimus Pieter Fockema Andreae en de pake fan argivaris Sybrandus Johannes Fockema Andreae.

Sybrandus Johannus Fockema Andreae
Afina Goudschaal (1877-1956)

Fockema Andreae gie nei it gymnasium yn Ljouwert en waard yn 1863 studint yn Leien; promovearre yn 1868 ta doktor yn de rjochtwittenskip op in dissertaasje oer it burorjocht.
Fockema Andreae waard beneamd ta kantonrjochter op De Lemmer en Hillegersberg, dêrnei ta rjochter yn Leien en Amsterdam; yn oktober 1877 waard hy beneamd ta heechlearaar oan de Leidske Hegeskoalle en koart dêrop naam er dit amt oan mei in rede oer de gronden voor de beoefening der Germaanse Rechtsgeschiedenis en waard hy belêste mei it ûnderwiis yn de Nederlânske rjochtsskiednis.

Yn syn heechlearaarskip hat er mei syn ûndersyk de grûnslaggen foar de hjoeddeistige beoefening fan it âldheitelânsk rjocht lein. Yn 1886 waard er lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen en yn 1894 waard er lid fan de Koninklijke Vlaamse Academie van België voor Wetenschappen en Kunsten. Yn it stúdzjejier 1893 -1894 hie er de funksje fan rector magnificus. Yn dy hoedanichheid spruts er de rede Het rechtsgeleert bedrijf in Nederland út. Yn 1914 gie er mei emeritaat. Hy krige yn 1919 in earedoktoraat fan de Rheinische Friedrich-Wilhelms-Universiteit. Foar syn publikaasje Untersuchungen zur Erbenfolge der Ost-Germanischen Rechte waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Fierder wie er earelid fan de Juridyske Gesellschaft yn Berlyn.

Publikaasjes (in karút) bewurkje seksje

  • Beschouwingen over Burenrecht. Leien 1868
  • Gronden voor de beoefening der Germaansche Rechtsgeschiedenis. Leien 1877
  • Overzicht van Oud-Nederlandschr Rechtsbronnen. Haarlim 1881
  • De Stad Vollenhoven en haar recht, eene bijdrage tot de Overijsselsche rechtsgeschiedenis. Swolle 1885
  • De partijen in Nederland. 1891
  • Het rechtsgeleerd bedrijf in Nederland. Leien 1894
  • Het Oud-Nederlandsch burgerlijk recht. Haarlim 1906, 2.
  • Hugo de Groot, Inleiding tot de Hollandsche Rechtsgeleerdheit, met aanteekeningen. Arnhim 1895, 1910

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: