Syffaks (Syphax) wie yn de âldheid de kening fan de Massesyljers, in Berberske stamme yn westlik Numydje, yn de lêste fearns iuw fan de tredde iuw f.Kr. De romeinske skriuwer Titus Livius skreau oer him yn syn wurk Ab Urbe Condita fan 27-25 f.Kr.

Syffaks
Syphax
aadlik persoan en/of hearsker
Stânbyld yn it Fatikaanmuseum; Syffaks, kening fan Numydje
Stânbyld yn it Fatikaanmuseum; Syffaks, kening fan Numydje
nasjonaliteit Numidysk
stjerdatum 203 f.Kr.
stjerplak Tivoli, Romeinske Republyk
etnisiteit Massesilysk
Kening fan de Massesyljers
amtsperioade ±215 f.Kr. - 203 f.Kr.
foargonger net bekend
opfolger Massinissa as kening fan gâns Numydje
Syffaks ûntfangt Skipio

Libbensrin bewurkje seksje

Yn 218 f.Kr. bruts de Twadde Punyske Oarloch út tusken Kartago en de Romeinske Republyk en Syffaks keas ynearsten de kant fan Rome. Yn 213 f.Kr. sleat er in alliânsje mei Rome en dy stjoerde help en train Syffaks syn troepen. Dêrnei foe Syffaks it eastnumidyske keninkryk fan de Massyljers ûnder harren kening Gaïa oan, dy't bûnsmaten fan Kartago wiene. Doe't Gaïa yn 206 f.Kr. ferstoar, krigen syn soannen Massinissa en Uzalses spul oer de erfenis. Dêrtroch slagge it Syffaks en oermasterje grutte parten fan it eastnumidysk keninkryk.

Nei't de romeinske generaal Skipio Afrikanus de Slach by Ilipa yn 206 f.Kr. wûn hie, stjoerde er syn freon Gaius Laelius nei Syffaks en befêstigje it ferdrach tusken him en Rome. Syffaks wegere dat lykwols, om't er allinnich mei Skipio in ferdrach tekenje woe. Skipio teach dêrnei mei twa quinqueremes (oarlochsskippen) en moetsje Syffaks. Hy naam dêrmei in grut risiko, want hy kaam tagelyk oan yn de numidyske haven as de kartaachske generaal Hasdrubal Gisko, dy't út Ibearje wei flechte en nei Kartago werom kearde. Skipio wie der justjes earder as Hadrubal syn sân triremes, dochs Hasdrubal doarde de Romeinen yn in neutrale haven net oan te fallen. Syffaks nûge harren beide út foar in jûnsmiel, dêr't Skipio syn sjarme oer Syffaks en Hasdrubal wist te winnen.

Underwilens kaam Massinissa ta de konklúzje dat Rome oan de winnende hân wie tsjin Kartago en besleat om nei de kant fan Rome oer te skeakeljen. Hasdrubal moast dêrom in nije bûnsmaat sykje en hy wist Syffaks oer te heljen troch syn dochter Sofonisba oan te bieden mei him te boaskjen. Hja wie lykwols oant 206 f.Kr. ferloofd mei Massinissa.

Mei it omskeakeljen fan de alliânsjes like it der ynearsten op dat Kartago en Syffaks in sterkere posysje hiene yn Afrika, benammen earstoan yn de kampanje fan Skipio yn Noard-Afrika. De mankrêften fan Hasdrubal en Syffaks wisten Skipio te twingen en jou it belegerjen fan Utika op. De tastân feroare mei de Slach op de Grutte Flakten yn 203 f.Kr. en Hasdrubal en Syffaks moasten belies jaan dêrnei't Syffaks werom nei syn keninkryk flechte. Skipio konsintrearre him op Kartago, wylst Laelius en Massinissa Syffaks nei Sirta ta folgen.

Wylst Syffaks efterfolge waard, krige er te krijen mei oproer ûnder syn troepen, doe't Laelius en Massinissa harren troepen tichter by it numidysk front oankamen. Om syn troepen oan te moedigjen ried er sels op de romeinske kavalery ôf. Syffaks foel fan syn hynder ôf, om't dy swier ferwûne rekke. De romeinske soldaten namen him finzen en brochten him by Massinissa. Syffaks syn troepen lutsen harren werom nei Sirta, de haadstêd, dy't dêrnei yn Massinissa syn hannen foel. Massinissa waard dêrnei kening fan gâns Numydje. Syffaks waard oerlevere oan Skipio en waard dêrnei yn de finzenis yn Tibur, it hjoeddeistich Tivoli (Latium), smiten, dêr't er yn 203 of 202 f.Kr. ferstoar.

Nei syn dea bewurkje seksje

Syffaks syn frou, Sofonisba, troude dêrnei fannijs mei Massinissa. Skipio betroude har lykwols net en easke dat se troch de strjitten fan Rome as kriichsbút laat waard. Om har dat krinkjen te besparjen stjoerde Massinissa har fergif dêr't se harsels mei tekoart die.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: