De republyk Tûva (Russysk Респу́блика Тыва́; Respûblika Tûva, Tûvynsk: Тыва Республика) is in autonome republyk fan de Russyske Federaasje. De republyk leit yn it súdlike diel fan Sibearje.

Republyk Tûva
Респу́блика Тыва́ (Russysk)
Тыва Республика (Tûvynsk)
flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio East-Sibearje
haadplak Kyzyl
grutste plak Kyzyl
taal Russysk, Tûvynsk
Etnyske groepen Russen 82.0 %
Tûvinen 16.3 %
(Stân 2010)
sifers
ynwennertal 332.609 (2022)
oerflak 168.604 km²
befolkingstichtens 1,97 ynw./km²
oar
stifting 1944
tiidsône UTC+7, MSK+4
koördinaten 51° 47' N 94° 45' E
webside rtyva.ru

Geografy bewurkje seksje

 
Lânskip oan de Lytse Jenisej

Tûva leit yn it suden fan Ruslân oan de noardwestlike grins fan Mongoalje en wurdt omfieme troch de bergen fan de Westlike Sajan yn it noarden, it Tannû-Olaberchtme yn it suden en it Altai-berchtme yn it westen. De belangrykste rivier is de Jenisej. De Grutte Jenisej, dy't by Kyzyl mei de Lytse Jenisej gearrint, hat syn boarne yn Tûva.

It klimaat is kontinintaal. De trochsneedtemperatueren yn jannewaris binne −45 °C oant −28 °C en de trochsneedtemperatueren yn july om 20 °C oant fakentiden 30 °C hinne. Simmerdeis falt der mar in bytsje rein en it sneit winterdeis ek hast net; delslach is der dus mar in bytsje: alle jierren mar 200–300 mm (yn de bergen 400–600 mm). Tûva telt yn't jier likernôch 300 sinnedagen.

It gebiet leit op de útrinners fan it Mongoalske Heechlân en kin ferdield wurde yn in eastlik bercheftich gebiet en in troch bergen omklamme flak westlik diel. De flakke steppes fan Tûva lizze 520-1200 boppe seenivo. De heechste berch is de Mongun-Taiga mei in hichte fan 3976 m. De republyk hat likernôch 6.700 lytsere en gruttere marren. De measten dêrfan lizze yn it Todzja-bekken.

De dynamyskje groei fan de hannel mei Sina nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny feroarsake grutte miljeuskea yn de regio. Nei tsien jier kontrôle waard fêststeld dat it areaal dat kapt waard folle kearen grutter wie as it tastiene areaal. Dat late ta soargen by it Wrâld Natoer Fûns. Sineeske seagerijen, houtbedriuwen en de Sineeske ûnderwrâld spilen in grutte rol yn de yllegale houtkap. Strûperij yn Tûva draacht by oan it ôfnimmen fan seldsume bisten.

Skiednis bewurkje seksje

Rûsd wurdt dat it gebiet al 30.000 jier, mooglik sels 120.000 jier, bewenne wurdt. Yn 1207 oermastere Dzjengis Khan it gebiet, dat letter ûnder it bewâld fan de Yuan-dynasty kaam. It gebiet fan it tsjintwurdige Tûva, eartiids ek Urjanchai neamd, hearde bestjoerlik foar in hiel skoft by Bûten-Mongoalje. Yn de tiid fan de Qing-dynasty waard it Mongoalske heechlân yn 1644 yn twa provinsjes ferdield: it noardlike Bûten-Mongoalje en it súdlike Binnen-Mongoalje. Beide dielen bleaune oant 1912 ûnderdiel fan it Keizerryk Sina.

De rykdom oan bont en grûnkatten brocht yn de 19e iuw in migraasje fan Russen op gong. Oantrune troch it tsaristyske regear ûnstie ûnder de jimmeroan grutter wurden Russyske befolking in separatistyske beweging, dy't op 15 febrewaris 1912 de ûnôfhinklikheid fan Tûva ûnder de namme 'Republyk Urjanchai' ôfkundige. Der folge in ynfal fan Russyske troepen en op 17 april 1914 waard Urjanchai in protektoraat fan it Russyske Ryk.

 
It dokumint út 1944 wêrmei't Tûva ûnderdiel waard fan de Sovjet-Uny

Nei de Xinhai-revolúsje slagge de Sineeske ôffurdige by it sluten fan it ferdrach fan Kjachta yn it jier 1915 der yn, dat de Republyk Sina wer de folsleine soevereiniteit oer Bûten-Mongoalje krige. Alhoewol't de provinsje fiergeande autonomyrjochten krige, bleau it Tûva-gebiet in diel fan Sina.

 
Delegaasje fan Tannû Tûva yn Moskou (1925)

Yn de jierren 1918-1919 krige it gebiet te meitsjen mei de Russyske Boargerkriich. Nei de oerwinning fan de bolsjewiken rôpen de Russyske kolonistem mei stipe fan it Reade Leger op 14 augustus 1921 de Folksrepublyk Tannû-Tûva mei as haadstêd Belozarsk (it tsjintwurdige Kyzyl) út en sa waard Tannû-Tûva in sattelytlân fan de yn 1922 stifte Sovjet-Uny sûnder dêr diel fan út te meitsjen. De Sovjet-Uny kaam yn 1926 mei de Mongoalske Folksrepublyk oerien, dat it gjin oanspraken mear makke op it Tûva-gebiet. Dat gyng tsjin it ynternasjonale rjocht yn om't de Mongoalske Folksrepublyk oant 1946 gjin soevereiniteitsrjochten hie, bûten de Sovjet-Uny erkende gjin inkel lân de folksrepublyk.

De earste president fan Tannu-Tûva waard Donduk Kuular. Ynearsten wie de sovjetyske rûbel it betelmiddel, mar sûnt 1934 oant 1944 waard de Tûvynske Akşa ynfierd, dy't oan de rûbel koppele wie. Kuular besocht de ôfhinklikens fan de Sovjet-Uny te beheinen en nauwere bannen mei Mongoalje oan te gean. Ek fierde er it boeddhisme as steatsgodstsjinst yn, woed er in teokrasy fan de republyk meitsje en besocht er de migraasje fan Russen te beheinen. Jozef Stalin liet Kuular lykwols yn 1929 oppakke en letter ombringe. Nei syn dea wie de Sovjet-Uny definityf de machthawwer en de nije kommunistyske lieding sette yn de Tûvynske Folksrepublyk útein mei de kollektivisaasje fan it lân, dat oant dy tiid noch nomadysk brûkt waard. Lykas yn oare dielen fan de Sovjet-Uny waard tagelyk ek in ateïstyske polityk en de ferneatiging fan religy ynset.

Op 17 augustus 1944 fregen ôffurdigen fan de Tûvynske Folksrepublyk de oansluting by de Sovjet-Uny oan, dêr't de Heechste Sovjet tastimming foar joech. Dêrmei waard de republyk op 13 oktober 1944 in autonoom gebietsdiel fan de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk (RSFSR). De kranten fan de Sovjet-Uny brochten it nijs oer de anneksaasje pas twa jier letter, oare publikaasjes út dy tiid neame ek it jier 1945 as it momint fan annekaasje.

Yn 1961 krige de Tûvynske Folksrepublyk de namme 'Tûvynske Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk'.

Yn febrewaris 1990 stifte Kaadyr-ool Bicheldei de Tûvynske Demokratyske Beweging mei as doel mear hûzen en banen te kreëarjen en de Tûvynske taal- en kultuer te befoarderjen. Mei de ûntbining fan de Sovjet-Uny rôp Tûva yn 1991 de ûnôfhinklikens út, dy't troch it regear fan de RSFSR en fan de formeel noch besteande USSR net erkend waard. Op 31 maart 1992 wie Tûva ien fan de ûndertekeners fan it ferdrach foar de skepping fan de Russyske Federaasje. De offisjele stavering fan Tûva waard fan Tува nei Тыва feroare. Yn de grûnwet is it rjocht fan ôfskieding fan de Russyske Federaasje as it folk dêrom freget fêstlein. Yn dy tiid ûntstie in weach fan oanfallen op de grutte Russyske mienskip, fral op frachtweinen en efterútlizzende delsettings. Russen waarden op de strjitte oanfallen en harren hûzen yn 'e brân stutsen. 168 minsken waarden fermoarde en tûzenen Russen pakten de koffers en flechten de republyk út.[1]

Befolking bewurkje seksje

 
Tûvynske ruters

It Tûvynske folk is in Turksk folk. Hja foarmje de mearderheid yn de republyk. De Tûvinen binne ien fan de grutste minderheden yn Sibearje en as folk njonken de Jakûten yn Sacha de iennige minderheid, dy't yn in autonoom gebiet fan de federaasje de mearderheid foarmje. Sûnt 1989 binne in soad Russen flechte of ferhûze nei oare gebieten en harren oandiel yn de befolking fan Tûva is mear as de helte minder fan eartiids. Lytsere minderheden binne de Tsjakassen, de Oekraïners, de Komi en de Tataren.

Tûvynsk en Russysk binne de twa talen yn it offisjele ferkear. De Tûvinen hingje it boeddhisme oan, en dan fral de Tibetske fariant. Dêrnjonken binne der ek in soad otterdokse kristenen yn Tûva en in wat lytser tal dat it sjamanisme oanhinget.

Kultuer bewurkje seksje

 
Tûvynsk wrakseljen

De nasjonale sport yn Tûva is wrakseljen.

Yn 1998 waard in Skytyske grêfheuvel út de 6e oant 5 iuw foar Kristus yn de Tsaredelte yn Tûva fûn. De lokaasje waard yn 2003 ûndersocht en folslein bleatlein. De fynsten binne restaurearre troch it Hermitaazje yn Sint-Petersburch.

Op in eilân yn de Tere-Cholemar leit it op in hichte fan 1300 m fort Por-Bazjyn (Пор-Бажын), dat yn de 8e iuw yn de tiid fan it Oeigoersk Kaganaat boud waard. It fort dat muorren fan 10 meter heech hie, hat in oerflak fan 3,5 ha en is ien fan de belangrykste histoaryske en kulturele lokaasjes fan de Russyske Federaasje.

Bysûnder yn Tûvynske kultuer is de kultivearre kielsang, it heechste nivo fan de boppetoansang, wêrby't tagelyk meardere toanen yntonearre wurde, en de ûndertoansang. In bekende fertsjintwurdiger fan dy bysûndere Tûvynske muzyk is de groep Huun-Huur-Tu. Troch optredens, fral ek troch dy muzykgroep yn bygelyks de Carnegie Hall yn New York, rekke dy foarm fan Tûvynske kultuer ek bekend yn it Westen.

Nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny naam ek de belangstelling foar it sjamanisme ta. Tûva hat in âlde lamaïstyske boeddhistyske tradysje. Yn septimber 1992 besocht de 14e Dalai Lama Tûva.

By Erschei, in lyts doarpke oan de Lytse Jenisej op likernôch 140 km súdeastlik fan Kyzyl leit ien fan de doarpen fan âldleauwigen, dat de Tûviners Kersjaki neamd wurd.

Bestjoerlike yndieling bewurkje seksje

De republyk is yn 17 rajons (lokaal 'kozjuun' neamt) en twa stedsdistrikten yndield.

Yn de haadstêd Kyzyl wennet likernôch in tredde fan de befolking fan de republyk. Kyzyl is ek de iennige grutte stêd. Der binne noch fjouwer lytse stêden en ien plak fan it stedske type.

 
Kyzyl
 
Teäter en boeddhistyske gebedsmûne yn Kyzyl
Stêden / plak fan it stedske type (*)
Namme Russysk Tûvynsk Ynwenners (2022) Stedsdistrikt/rajon (kozjuun) Flagge Lokaasje
Ak-Dovûrak Ак-Довурак Ак-Довурак 13.769 (2021) Stedsdistrikt   51° 10' N 90° 36' E
Kaa-Chem* Каа-Хем Каа-Хем 19.911 (2021) Kyzyl
gjin
51° 42' N 94° 32' E
Kyzyl Кызыл Кызыл 123.260 (2022) Stedsdistrikt   51° 42' N 94° 22' E
Sjagonar Шагонар Шагаан-Арыг 11.289 (2021) Ulûg-Chemski
gjin
51° 32' N 92° 54' E
Tsjadan Чадан Чадаана 9.519 (2021) Dzûn-Chemtsjikski
gjin
51° 17' N 91° 34' E
Tûran Туран Туран 4.916 (2021) Pi-Chemski
gjin
52° 08' N 93° 55' E

Ekonomy bewurkje seksje

Tûva is noch altiten in efterútwrâld en dreech tagonklik wat ynfrastruktuer oanbelanget. Der binne mar twa gruttere strjitweien nei Tûva, ien troch de Westlike Sajan nei de haadstêd en de oare fan Abakan oer Abasa nei Ak-Dowûrak yn it westen fan it lân. Ekonomysk is it gebiet ûnderûntwikkele.

Lânbou is de belangrykste sektor, wêryn't it hâlden fan fee it belangrykst is. Fierder is der mynbou, it gebiet ryk oan grûnskatten lykas koalen, metalen, edelstiennen en ek asbest. Mei in rykdom oan natoer en in ferskaat oan geology, floara en fauna hat it gebiet in toeristysk potintjeel, dat lykwols hast net brûkt wurdt.

De republyk hinget foar in hiel grut part ôf fan subsydzjes út Moskou.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 12 augustus 2022

 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne