In taalgebiet is in gebiet dêr't in beskate taal (memmetaal) en de dêroan besibbe dialekten sprutsen wurdt. In taalgebiet hoecht net perfoarst mank mei in steatkundige ienheid te wêzen. Sa beslacht it Fryske taalgebiet de provinsje Fryslân, sûnder de Stellingwerven, It Bilt, eastlik Kollumerlân, Flylân, It Amelân en Midslân op Skylge, mar wol wer de Grinslânske doarpen De Wylp, Mearum en De Grinzer Pein.

Fryske taalgebiet mei syn ferskate dialekten

Oare taalgebieten bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje