Taken 3 (soms stilearre as Tak3n) is in Ingelsktalige Frânsk-Amerikaansk-Spaanske aksjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Olivier Megaton, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Maggie Grace en Forest Whitaker. It ferhaal giet oer Bryan Mills, in âld-agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't falsk beskuldige wurdt fan 'e moard op syn eks-frou. Hy beweecht himel en ierde om syn ûnskuld te bewizen en de wiere dieders te pakken. Taken 3 wie it trêde en lêste diel fan 'e Taken-trilogy, nei Taken (2008) en Taken 2 (2012). De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses.

Taken 3
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Olivier Megaton
produsint Luc Besson
senario Luc Besson
Robert Mark Kamen
kamerarezjy Eric Kress
muzyk Nathaniel Méchaly
filmstudio EuropaCorp
M6 Films
TSG Entertainment
Groupe Canal+
Ciné+
Meñakoz Films
distribúsje EuropaCorp (Frankryk)
20th Century Fox (ynternasj.)
spilers
haadrollen Liam Neeson
Maggie Grace
Forest Whitaker
byrollen Famke Janssen
Dougray Scott
Sam Spruell
Leland Orser
skaaimerken
lân/lannen Frankryk
Feriene Steaten
Spanje
premiêre 16 desimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $48 miljoen
opbringst $325,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Taken
● foarich diel Taken 2

Plot bewurkje seksje

In boekhâlder wurdt jûns let út syn wente ûntfierd en meinommen nei it kantoar fan syn baas. Dêr wachtet in krimineel mei in Russysk aksint him op, dy't him fertelt dat syn baas him in protte jild skuldich is. De boekhâlder wurdt twongen om 'e mânske klûs fan syn baas te iepenjen, mar dy blykt leech te wêzen. Om syn baas in boadskip te stjoeren wurdt de boekhâlder troch de krimineel en syn trewanten yn 'e klûs treaun en deasketten.

Bryan Mills, in âld-kommando en âld-agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, giet op besite by syn dochter Kim, ta gelegenheid fan har jierdei dy't oer trije dagen falt. Kim hat krekt ûntdutsen dat se yn ferwachting is. Om't se dêr mingde gefoelens oer hat, wol se it (noch) net útbringe oan har heit, wat fan it besyk in ûnnoflik barren makket. Letter dy deis waait Mills syn eks-frou Lenore by him thús oan, dy't him fertelt oer har houliksswierrichheden mei har hjoeddeistige man, Stuart St. John. Hoewol't it dúdlik is dat Mills en Lenore allebeide noch gefoelens foarinoar hawwe en sels in tút útwikselje, makket Mills syn eks-frou dúdlik dat it tusken harren neat wurde kin salang't se noch troud is mei St. John. De oare deis kriget Mills besite fan St. John, dy't blykber fermoedet dat der wat geande is tusken syn frou en him, en him freget om by Lenore wei te bliuwen.

De oare moarns ûntfangt Mills, as er in ein oan it hurddraven is, sa't er eltse moarn docht, in tekstberjocht fan Lenore, dy't him freget om har by him thús te moetsjen en doughnuts mei te nimmen. As Mills thúskomt, sjocht er lykwols in mês op 'e flier lizzen, dat er dom genôch opkriget. Hy fynt dêrnei Lenore mei in trochsniene kiel op syn bêd. Fuort letter kringe plysjes fan it Los Angeles Police Department (LAPD) syn hûs binnen, en as se him mei it mês noch yn 'e hân by it stoflik omskot fan syn eks-frou oantreffe, beslute se dat er de dieder wêze moat en besykje se him te arrestearjen. Mills makket lykwols gebrûk fan syn training om 'e beide plysjes oermânsk te wurden, wêrnei't er útnaait. De lieding oer it ûndersyk nei de moard wurdt opdroegen oan ynspekteur Frank Dotzler, dy't yn it ferline fan Mills dûkt en daliks beseft dat it net maklik wurde sil om dizze man op te pakken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mills begjint sels in ûndersyk nei de lêste bewegings fan Lenore en ûntdekt troch de GPS-gegevens fan har auto te downloaden dat se de jûns foar har dea nei in tige ôfhandich benzinestasjon riden is. Hy set dêrhinne en makket de eigner wiis dat er by de plysje wurket, wêrnei't er tagong kriget ta de befeiligingskamera's. Op 'e bylden fan dy jûns sjocht er hoe't Lenore arrivearret, njonken har auto stiet te wachtsjen en dan in buske ynskuord en ûntfierd wurdt troch manlju mei opfallende bindetatoeaazjes. As de echte resjersjeurs Garcia en Smith by it benzinestasjon arrivearje om 'e bylden fan 'e befeiligingskamera's te besjen, lit Mills himsels arrestearje. Dotzler warskôget syn ûnderhearrigen oer de tillefoan dat se mei Mills goed op har tellen passe moatte, mar Garcia en Smith en de unifoarmearre plysjes dy't Mills ferfiere, hawwe der alle fertrouwen yn dat se de sitewaasje ûnder kontrôle hawwe.

Op 'e weromweis nei it plysjeburo wit Mills lykwols syn hânboeiens los te krijen, wêrnei't er de beide plysjes oermasteret en de plysje-auto kaapt. Troch de kompjûter yn 'e auto kriget er tagong ta alles wat it LAPD oant safier oer de saak ûntdutsen hat, en dy ynformaasje download er nei in USB-stick. Nei in spektakulêre efterfolging wit er yn in parkeargaraazje de plysje ôf te skodzjen en wei te wurden. Fia in minykamera op 'e klean fan syn maat Sam Gilroy folget Mills letter op ôfstân de begraffenis fan Lenore. Troch Sam makket er kontakt mei syn dochter Kim, dy't er opdracht jout om har oan har "tige foarsisbere" dei-yndieling te hâlden. Op 'e universiteit dêr't se studearret moetet er har letter op it húske, dêr't er in stjoerderke ferwideret dat Dotzler-en-dy har sûnder dat se it trochhie by de klean ynstutsen hawwe. Kim fertelt hat heit dat se swier is, en teffens dat har styfheit Stuart St. John him nuver hâldt en draacht en liifwachten ynhierd hat.

Mills folget St. John en syn liifwachten as se út Los Angeles wei by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns nei Malibu ride. In SUV riidt him lykwols fan 'e dyk ôf, dat syn auto by it klif delrôlet. De ynsittenden fan 'e SUV smite neitiid in hângranaat nei syn auto, sadat dy ûntploft. Mills is lykwols fuort nei't syn auto oer de râne fan it klif gie, der al útsprongen. Hy klaut wer nei boppen ta, kaapt in passearjende auto en riidt nei in benzinestasjon, dêr't er deselde SUV stean sjocht. De fjouwer ynsittenden, leden fan 'e Russyske maffia, binne yn 'e winkel fan it benzinestasjon, dêr't Mills harren oer it mad komt. Hy slacht trije fan harren bewusteleas en oermasteret de fjirde, dy't deselde tatoeaazje hat as de man dy't Lenore op 'e bylden fan 'e befeiligingskamera yn it buske skuorde. As er him lykwols ûnder bedriging mei in pistoal, dat er him tsjin 'e holle oan set, ûnderstiet oer syn opdrachtjouwer, wegeret de man te praten. Sterker noch, hy grypt Mills syn hân fêst en hellet sels de trekker fan it pistoal oer, dat er it bestjert.

Mills stelt de SUV fan 'e Russen, riidt nei de filla fan St. John yn Malibu en ûntfiert him. Hy is der no wis fan dat St. John wat mei de dea fan Lenore te krijen hat, en as de man him net fertelle wol hoe en wat, ûnderwerpt er him oan in ymprovisearre foarm fan waterboarding. As St. John úteinlik wol omlyk wol, fertelt er Mills dat er in protte jild skuldich is oan in Oleg Malankov, in eardere sakepartner fan sines. Dyselde is in eardere Spetsnaz-kommando, dy't opklommen is ta baas fan syn eigen kriminele organisaasje binnen de Russyske maffia. Malankov hat Lenore fermoardzje litten om St. John ûnder druk te setten. St. John bekent ek dat de Russen besocht hawwe Mills foar de moard opdraaie te litten, en letter om him te fermoardzjen, om't er Malankov oer Mills syn eftergrûn ferteld hat yn in besykjen om 'e man ôf te skrikken.

Om't it Mills wol dúdlik is dat sa'nent as Malankov nea opjaan sil oant er syn sin kriget, beslút er dat de man út 'e wei romme wurde moat. Mei help fan syn maten en eardere kollega's Sam Gilroy, Mark Casey en Bernie Harris en in senuweftige St. John ferskaft Mills himsels tagong ta it swierbewekke lúkse appartemint fan Malankov. Underwilens ûntdekke Dotzler en syn team dat St. John in libbensfersekering ter wearde fan $12 miljoen op Lenore ôfsletten hie. Nei't er de bewekkers fan it appartemint fan Malankov en dyselde syn oare trewanten deade hat, rekket Mills behelle yn in sjitpartij mei de man sels, dy't einiget yn brute slaanderij. Mei muoite wit Mills it gefocht te winnen, wêrnei't in deadlike ferwûne Malankov him fertelt dat er Lenore fermoardzje litten hat yn opdracht fan St. John, dy't mei it jild fan 'e libbensfersekering syn skulden ôflosse woe. It is Malankov no lykwols dúdlik wurden dat er fan doel is it jild sels te hâlden en dat er dêrom Mills stjoert hat om him (Malankov) te deadzjen.

Kim is troch Mills en Sam Gilroy meinommen om foar te kommen dat Malankov en syn trewanten har wat oandwaan kinne. Om har dwaande te hâlden, litte se har yn 'e gegevens omsneupe dy't har heit fan 'e plysje stellen hat. Dêr ûntdekt se dat har mem nei it ôfhandige benzinestasjon ta lokke is troch in tekstberjochtsje fan Mills om har dêr te moetsjen. It docht bliken dat St. John, doe't er by Mills thús wie om him te freegjen om net mear mei Lenore om te gean, temûk it berjochtsje op Mills syn mobyltsje ferstjoerd en dêrnei wiske hat foar't Mills klear wie mei it setten en ynskinken fan tee. St. John sjit Sam Gilroy del, wêrnei't er Kim ûntfiert. Hy is fan doel om mei har en it jild fan rutens te spyljen, en bejout him nei in lyts fleanfjild by Santa Monica, dêr't syn priveefleantúch al klear stiet om him nei it bûtenlân te bringen.

De ferwûne Mills wit út Malankov syn appartemint te ûntsnappen foar't er oppakt wurde kin troch de tahastige plysje. Hy stelt de Porsche fan Malankov út 'e parkearkelder en jaget as in gek nei it fleanfjild, mei't Kim temûk har mobile tillefoan oanset hat sadat er har lokaasje trasearje kin. Dotzler, dy't no ek beseft dat Mills ûnskuldich is, skillet him op 'e ynboude tillefoan fan 'e Porsche op en besiket him safier te krijen dat er de efterfolging fan St. John oan 'e plysje oerlit. As Mills him lykwols freget wat syn heechste prioriteit is en Dotzler antwurdet dat dat de arrestaasje fan St. John is, seit Mills dat sýn heechste prioriteit it wolwêzen fan syn dochter is en hinget op. Mills komt by it fleanfjild oan krekt as it fleantúch fan St. John oan it opstiigjen is. Hy trapet it gaspedaal folslein yn op in dyk dy't heaksk op 'e lâningsbaan stiet en komt sa krekt op 'e tiid om it noch net ynlutsen lâningsgestel fan it passearjende fleantúch te reitsjen. Sawol auto as fleantúch ferûngelokje.

Mills klaut út it wrak fan 'e auto en konfrontearret St. John, dy't krekt op dat stuit mei Kim út it fleantúch komt. St. John besiket Kim as libben skyld te brûken, mar Kim springt fansiden, wêrnei't Mills St. John delsjit. Mills stiet yn bestân om it rjocht yn eigen hân te nimmen en St. John ôf te meitsjen, mar om 'e oanwêzigens fan Kim en de sirenes fan 'e tahastigjende plysje, dy't al te hearren binne, bedimmet er him. Hy byt St. John ta dat de man mei al syn kontakten grif net lang yn it tichthûs sitte sil foar de moard op Lenore. Mar sadree't er frijkomt, sil Mills him witte te finen om dochs noch rjochtdei oer him te hâlden.

 
Liam Neeson.
 
Maggie Grace.
 
Forest Whitaker.

Neitiid stelt Dotzler formeel fêst dat Mills net by de moard op Lenore belutsen wie. Letter geane Mills, Kim en har frijer Jimmy út en beprate hoe't se oan moatte mei Kim har ûnferwachtse swierwêzen. Kim fertelt har heit dat sy en Jimmy de poppe hâlde wolle, en dat se it bern 'Lenore' neame wol as it in famke is.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bryan Mills Liam Neeson
Kim Mills Maggie Grace
ynspekteur Frank Dotzler Forest Whitaker


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lenore Mills St. John Famke Janssen
Stuart St. John Dougray Scott
Oleg Malankov Sam Spruell
Sam Gilroy Leland Orser
Mark Casey Jon Gries
Bernie Harris David Warshofsky
resjersjeur Garcia Don Harvey
resjersjeur Smith Dylan Bruno
Jimmy Jonny Weston
resjersjeur Johnson Al Sapienza

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Taken 3 is it trêde en ôfslutende diel fan 'e Taken-trilogy, nei Taken út 2008 en Taken 2 út 2012. It wie eins oarspronklik net de bedoeling dat der in trêde film yn 'e rige makke wurde soe, mar filmdistributeur 20th Century Fox krong dêr nei't it skynt by de makkers op oan. Om't it oarspronklike útgongspunt nei twa films wolfoargoed útmolken wie, waard besletten om it oer in oare boech te smiten as yn 'e earste beide dielen, sa't senarioskriuwers Luc Besson en Robert Mark Kamen yn oktober 2012 oankundigen.

De film waard regissearre troch Olivier Megaton, dy't ek Taken 2 foar syn rekken nommen hie. As produsint wie op 'e nij Luc Besson by it projekt belutsen, diskear foar de filmstudio's EuropaCorp, M6 Films, TSG Entertainment, Groupe Canal+, Ciné+ en Meñakoz Films. Taken 3 wie dêrmei in Frânsk-Amerikaansk-Spaanske ko-produksje. Der wie foar de film in budget beskikber fan $48 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Kress, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nathaniel Méchaly. De opnamen setten op 29 maart 2014 yn Los Angeles útein. Der waard ek filme yn Atlanta en yn Covington (Georgia). Yn dat lêste plak gie Newton Kolleezje & Karriêre-akademy troch foar de universiteit fan Kim Mills.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Taken 3 waard yn Frankryk fersoarge troch EuropaCorp en yn oare lannen troch 20th Century Fox. De film gie op 16 desimber 2014 yn 'e bioskopen yn Dútslân yn premiêre. Dêrnei kaam de film ek út yn Hongkong en Súd-Koreä (1 jannewaris 2015) en yn it Feriene Keninkryk (8 jannewaris), foar't er yn 'e bioskopen iepene yn 'e Feriene Steaten (9 jannewaris), Spanje (16 jannewaris) en Frankryk (21 jannewaris. It byhearrende soundtrackalbum mei de filmmuzyk fan Nathaniel Méchaly kaam op 5 jannewaris 2015 út by EuropaCorp.

Untfangst bewurkje seksje

Taken 3 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Nicolas Rapold yn The New York Times: "It slome senario […] sakket yninoar ûnder it gewicht fan hollefêstgripend banale dramatyske sênes. Inkeld de oantrekkingskrêft fan Liam Neeson oerlibbet dat op 'e iene of oare wize ûnskansearre, wat miskien wol de ymposantste stunt út 'e hiele film is." Betsy Sharkey fan 'e Los Angeles Times fûn Taken 3 "ûnbedoeld hilarysk", en Joe Neumaier fan 'e New York Dailey News skreau dat it "hjir it publyk is dat yn gizeling nommen [taken] wurdt."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Taken 3 in tige leech goedkarringspersintaazje fan 12%, basearre op 115 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er hindere wurdt troch toskleaze […] aksjesênes, in ynkoherinte rezjy en in ôfseage plot, tsjinnet [dizze film] as in dúdlik sinjaal dat it mear as tiid is om 'e franchise mei pinsjoen te stjoeren." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Taken 3 in goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Taken 3 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $89,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $236,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $325,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $48 miljoen betsjut dat in winst fan $277,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Taken 3, nettsjinsteande de minne resinsjes, in reuseftich kommersjeel súkses.

Prizen bewurkje seksje

Taken 3 wûn yn 2015 de People's Choice Award yn 'e kategory favorite skrillerfilm. Aktrise Maggie Grace waard nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory favorite aktrise yn in aksjefilm.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.