Teätertsjerke Wadway

teätertsjerke yn Wadway, Nederlân
(Trochferwiisd fan Teätertsjerke fan Wadway)

Teätertsjerke Wadway (Nederlânsk: Theaterkerk Wadway) is de eardere herfoarme tsjerke fan Wadway yn de provinsje Noard-Hollân.

Teätertsjerke Wadway
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Wadway
adres Spanbroekerweg
koördinaten 52° 41'N 4° 58'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige oarspr. Marije Magdalena
status sekularisearre, no teäter
Arsjitektuer
boujier 1450-16e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31802 31803
Webside
theaterkerkwadway.nl
Kaart
Teätertsjerke Wadway (Noard-Hollân)
Teätertsjerke Wadway

Skiednis bewurkje seksje

De bou fan de tsjerke fûn noch yn de roomske tiid plak en waard oarspronklik oan Marije Magdalena wijd. De toer is let-goatysk fan styl en stamt út likernôch 1450. It koer en it skip fan it tsjerkje datearje út de 16e iuw. Oan de noardlike kant fan it skip is in poartsje mei dêrboppe in bôgefjild dat opfolle is mei in sark fan Bremer sânstien.

Healwei de 20e iuw rekke de tsjerke slim brekfallich; it gebou waard sels troch in skieppeboer as stâl brûkt.

Yn de jierren 1960 kocht de Stifting Wadway de tsjerke oan, dy't de tsjerke restaurearje liet en it in nije funksje joech. As Teäter krige de tsjerke yn de rin fan de tiid namme by in soad artisten en kabaretiers.

Ynrjochting bewurkje seksje

Yn de tsjerke stiet in iken preekstoel út 1656.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Theaterchurch Wadway fan Wikimedia Commons.