In tekenfilmstudio is de gebrûklike beneaming foar in filmstudio of in tillefyzjestudio dêr't tekenfilms en/of tekenfilmsearjes makke wurde. Eins is de minder bekende en minder faak brûkte oantsjutting animaasjestudio better, om't net alle animaasje tekene wurdt. Sa kin der bgl. ek mei stop-motiontechniken wurke wurde. De ierste tekenfilmstudio, yn 'e sin fan in filmstudio dy't him folslein talei op 'e produksje fan tekenfilms, wie de Amerikaanske Barré Studio (nei 1917 de Bud Fisher Films Corporation), dy't yn 1914 oprjochte waard troch Raoul Barré en bestie oant 1923.

Tekenfilmstudio's mei de breedste opset binne bedriuwen dy't sels betinke hokker produkt se ôfleverje wolle, dêr yn 'e preproduksjefaze sels ûntwerpen foar oandrage, en ek it ark en reau besitte en de animators yn 'e tsjinst hawwe om it produkt úteinlik sels te meitsjen. Soms binne se dêropta ek noch belutsen by de filmdistribúsje. Sokke tekenfilmstudio's litte faak ek merchandising útbringe en hawwe sels it auteursrjocht yn besit op it publisearre produkt. In protte tekenfilmstudio's binne lykwols inkeld produksjestudio's, dy't tsjin betelling opdrachten fan oare bedriuwen of gruttere studio's oannimme en útwurkje en gjin rjochten op it ôflevere produkt hawwe.

Foarbylden fan bekende tekenfilmstudio's binne: 20th Century Animation*, Aardman Animations, de Blue Sky Studios*, de Cartoon Network Studios, de DisneyToon Studios*, DreamWorks Animation, Hanna-Barbera Productions, Kyoto Animation, Marvel Animation*, de Nickelodeon Animation Studio, Paramount Animation, de Pixar Animation Studios*, Sony Pictures Animation, de Universal Animation Studios, de Walt Disney Animation Studios*, Walt Disney Television Animation* en Warner Bros. Animation.
(De tekenfilmstudio's markearre mei in asterisk (*) binne dochterûndernimmings fan The Walt Disney Company.)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.