Ter Aar, yn de folksmûle ek wol Aardam, is in plak yn de gemeente Nieuwkoop yn de provinsje Súd-Hollân. Oant 2007 wie it in selsstannige gemeente, dy't dat jier 9000 ynwenners en in oerflakte van 21,71 km² hie (wêrfan 2,36 km² water).

Ter Aar. Op de foargrûn Korteraar (2017)

De gemeente Ter Aar is op 1 jannewaris 2007 mei Liemeer en Nieuwkoop opgean yn de gemeente Nieuwkoop.

Lizzing bewurkje seksje

Ter Aar leit flakby Alfen oan de Ryn en op 30 km fan Amsterdam. Wat sneldiken oanbelanget leit Ter Aar net sa geunstich: de opritten dy't it tichtsteby binne lizze by Bodegraven (A12) en Leimuiden (A4), dêr't Ter Aar krekt tuskenyn leit.

Skiednis bewurkje seksje

De namme Ter Aar is ôflaat fan it kanaal 'De Aar', it hjoeddeiske Aarkanaal.

Gemeentewapen bewurkje seksje

By keninklik beslút is op 28 desimber 1859 oan de gemeente Ter Aar in wapen ferliend. De beskriuwing fan it wapen ist: "wêzende in skyld parti, it earste diel fan kiel (read), it twadde fan goud mei in klimmende foks fan kiel".

Oare kearnen bewurkje seksje

 
De Langeraarske Plassen sjoen fan de Langeraarsewei

ôf.

De oare kearnen binne Korteraar, Langeraar en Papenveer. Oantal ynwenners per kearn per 1 jannewaris 2005:

Kearn Oantal ynwenners
Aardam 4686
Korteraar 765
Langeraar 2435
Papenveer 1106
totaal 8992

Fúzje bewurkje seksje

Op 1 jannewaris 2007 fusearret de gemeente Ter Aar mei de gemeenten Liemeer en Nieuwkoop. De nije namme is noch net bekend. Op 't heden wurdt de nije gemeente oantsjutten as Nieuwkoop, mar de namme sil wierskynlik noch feroarje.

Berne yn Ter Aar bewurkje seksje

Basisskoallen bewurkje seksje

  • De Fokseskâns
  • De Fontein
  • It Kompas

Keppeling om utens bewurkje seksje