The 5th Wave (film)

film út 2016 fan J Blakeson

The 5th Wave, ek wol stavere as The Fifth Wave, is in Amerikaanske dystopyske science fiction-aksjefilm dy't spilet yn in post-apokalyptyske wrâld en rjochte is op teenagers. De film datearret fan 2016, en waard regissearre troch J Blakeson, mei yn 'e haadrollen Chloë Grace Moretz, Nick Robinson en Alex Roe. It ferhaal giet oer in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde en in famke dat middenmank alle gaos har jongere bruorke besiket te rêden. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme foar jongfolwoeksenen, skreaun troch Rick Yancey, dy't yn 2013 publisearre waard. The 5th Wave krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses.

The 5th Wave
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur J Blakeson
produsint Graham King
Tobey Maguire
Lynn Harris
Matthew Plouffe
senario Susannah Grant
Akiva Goldsman
Jeff Pinkner
basearre op de roman fan Rick Yancey
kamerarezjy Enrique Chediak
muzyk Henry Jackman
filmstudio Columbia Pictures
GK Films
LStar Capital
Living Films
Material Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Chloë Grace Moretz
Nick Robinson
Alex Roe
voice-over Chloë Grace Moretz
byrollen Ron Livingston
Maggie Siff
Zackary Arthur
Liev Schreiber
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 jannewaris 2016
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm, jeugdfilm
taal Ingelsk
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $38–54 miljoen
opbringst $109,9 miljoen

Plot bewurkje seksje

De sechstjinjierrige Cassie Sullivan, dy't yn in earder libben learlinge oan in middelbere skoalle yn Ohio wie, tsjocht lykme-allinne, bewapene mei in mitrailleur, troch de bosken. Yn in lange flashback wurdt útlein dat in healjier lyn in reuseftich bûtenierdsk romteskip by de Ierde arrivearre is. Elts besykjen fan 'e minskheid om kontakt te lizzen mislearre. Nei tsien dagen lieten de bûtenierdske wêzens, dy't troch de minsken 'de Oaren' neamd wurde, harren 1e Weach op 'e Ierde los: in elektromagnetyske puls dy't foargoed alle elektrisiteitsnetwurken op 'e wrâld útskeakele.

Neitiid folge in 2e Weach, wêrby't de Oaren de geologyske breklinen fan 'e Ierde manipulearren om mei ierdbevings in rige tsûnamys te feroarsaakjen, dy't alle eilannen en kuststêden ferwoastgen. By de 3e Weach pasten de Oaren troch genetyske manipulaasje in fûgelgrypfirus oan ta in sykte dy't ekstreem besmetlik en deadlik wie foar minsken. Dêrnei lieten se it troch fûgels oer de hiele wrâld ferspriede, mei in pandemy as gefolch dy't hûnderten miljoenen slachtoffers easke. Under de deaden wie ek Cassie har mem Lisa, dy't ferpleechkundige wie.

As de pandemy fierhinne útwurke is, ferlitte Cassie, har heit Oliver en har jongere bruorke Sam harren hûs om beskûl te sykjen yn 'e bosken. Dêr jouwe se har by trijehûndert oare oerlibbenen, dy't ferbliuwe yn in âld simmerkamp. Inkele dagen nei harren oankomst dêre riidt der in ienheid fan it Amerikaanske Leger mei wurkjende auto's it kamp binnen. De kommandant fan 'e ienheid, in kolonel Vosch, leit de kampbewenners út dat de Oaren op it punt steane en set útein mei de 4e Weach. Dêrom moat it hiele kamp evakuëarre wurde nei de Loftmachtbasis Wright-Patterson, dêr't de minsken ûnder beskerming fan it leger feilich wêze sille.

Om't der mar in pear âlde skoalbussen beskikber binne foar it ferfier, bepaalt Vosch dat de bern it earst yn feilichheid brocht wurde moatte. De minsken yn it kamp stimme dêr mei tsjinnichheid mei yn. Oliver Sullivan set syn beide bern op 'e bus, mar de jonge Sam ûntdekt nei it ôfskie dat er syn teddybear fergetten is. Hy makket sa'n opskuor dat Cassie wer út 'e bus giet om it ding op te heljen. As se weromkomt, is se krekt op 'e tiid om te sjen hoe't de bus mei har bruorke deryn it kamp útriidt. Se giet dan op 'e siik nei har heit, dy't krekt as alle oare folwoeksenen troch Vosch syn soldaten nei de ytseal ta roppen is. Cassie is fan bûtendoar ôf tsjûge hoe't de soldaten de minsken dêr mei mitrailleurfjoer ôfslachtsje.

Cassie begrypt dan dat de 4e Weach al geande is, mei't net alle wêzens dy't minsken lykje, echte minsken binne. Se ferskûlet har wylst de militêren nei bûten ta komme en fuortride, efter de bussen mei bern oan. As se wis is dat alle Oaren it kamp ferlitten hawwe, komt se foar it ljocht en fynt se tusken de liken fan it bloedbad yn 'e ytseal ek it stoflik omskot fan har heit. Mei in rêchsek mei foarrieden, in mitrailleur dy't se fan ien fan 'e slachtoffers ôfnommen hat en de teddybear fan Sam set Cassie geandefoets troch de bosken ôf nei de Loftmachtbasis Wright-Patterson om har bruorke te rêden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis moat se in autodyk oerstekke dêr't ferskate minsken deasketten njonken harren fiertugen lizze. Cassie talmet dêr te lang: wurdt troch in slûpskutter yn 'e boppeskonk sketten en falt derhinne. As se likernôch in wike letter wer by bewustwêzen komt, is har skotwûne fersoarge en befynt se har yn in hûs midden yn 'e bosk, dat bewenne wurdt troch in jongeman dy't Evan Walker hjit. Hy hat har libben rêden, mar Cassie fertrout him net. Se besiket te ûntkommen, mar wurdt yn 'e bosk op in hier nei ûntdutsen troch in Oare. Op 'e nij is it Evan dy't har rêdt.

Neitiid stimt er deryn ta om mei har te gean om Sam te rêden, mar as se jûns yn harren kamp oerfallen wurde troch in Oare, deadet Evan dy mei in faasje en krêft dy't dúdlik boppeminsklik is. Hy jout dan ta dat er sels ek ien fan 'e Oaren is, dy't jierren lyn as in slieperagint nei de Ierde ta stjoerd is en dêr syn bewustwêzen opgean litten hat yn dat fan in minsklike gasthear. Der binne folle mear lykas him, en alle slieperaginten hawwe yn Ohio in eigen sône yn 'e bosken tawiisd krigen, dêr't se alle minsken deasjitte dy't se fine kinne. Evan is lykwols fereale rekke op Cassie, wat syn minsklikens reäktivearre hat. Hy kin de ynvaazje no net mear goedkrije en hat besletten him dertsjin oan te kantsjen. Cassie, dy't earder safolle leagens fan him heard hat dat se no net mear wit wat se leauwe moat, wol op eigen manneboet fierder, en Evan lit har gean. Hy warskôget har lykwols foar kolonel Vosch en syn ûnderhearrigen, dy't allegear beset binne fan it bewustwêzen fan ien fan 'e Oaren.

Underwilens wurdt op 'e Loftmachtbasis Wright-Patterson troch sersjant Reznik bedroch en technology ynset om 'e rêden bern wiis te meitsjen dat in protte minsken bûten de basis beset rekke binne troch de Oaren. De bern wurde traind ta bernesoldaten, dy't yndield wurde yn seksjes om bûten de basis de fan Oaren besette minsken te deadzjen. De jonge Sam is yn in seksje pleatst dy't ûnder oanfiering stiet fan Ben Parish, in eardere klasgenoat fan Cassie op wa't se al jierren temûk fereale wie. Ien fan 'e oare leden fan 'e seksje is Ringer, in rûch teenerfanke dat in probleem hat mei te dwaan wat har opdroegen wurdt.

Wylst se op harren earste misje bûten de basis binne, snijt Ringer op in stuit it militêre ymplantaat út har nekke dat se allegear ynjektearre krigen hawwe. Fuortendaliks registrearret de militêre útris fan 'e oare seksjeleden har as in minske dy't troch ien fan 'e Oaren beset is. Ben wit bloedferjitten foar te kommen en ûntdekt troch eksperimintearjen dat it gjin flater yn 'e apparatuer is. Dat betsjut dat Vosch-en-dy de bernesoldaten brûke om echte, net fan Oaren besette minsken te deadzjen. Ben liedt dêrút ôf dat Vosch-en-dy de echte troch Oaren besette minsken binne, en dat de bernesoldaten de 5e Weach binne wêrmei't de Oaren de minskheid foargoed en folslein útrûgje wolle.

Neitiid stjoert Ben syn seksje de bosken yn om te ûntsnappen. In goede die komt no werom om him dwers te sitten, want hy hie de lytse Sam fêstbûn op 'e basis efterlitten om him de earste misje te besparjen. No moat er werom om 'e jonge te rêden. Hy lit him troch Ringer delsjitte sadat it allegear minder fertocht lykje sil, en beart as er troch in helikopter oppikt wurdt dat de rest fan syn seksje sneuvele is. Vosch trapet der lykwols net yn en lit Ben daliks by him bringe as wer op 'e basis weromkeart. Yn harren petear jout er al Ben syn oannames en fermoedens ta.

Underwilens hat Cassie de basis ynfiltrearre troch har oppikke te litten as in nije rekrút. As sersjant Reznik har besiket te yndoktrinearjen sa't se by alle rekruten docht, komt Cassie har oer it mad en deadet har. Neitiid giet se yn Reznik har militêr unifoarm yn 'e basis op 'e siik nei Sam, mar foar't se him fine kin, giet it alaarm ôf om't de basis fan bûtenôf oanfallen wurdt. It blykt Evan Walker te wêzen, dy't mei de iene bom nei de oare de basis systematysk oan it opblazen is. Yn 'e gaos ûntkomt Ben oan Vosch, wêrnei't er op 'e siik nei Sam Cassie tsjin it liif rint. Tegearre witte se de jonge op te spoaren krekt foar't er mei de oare bernesoldaten mei helikopters evakuëarre wurde sil. Mei help fan Ringer ûntsnappe se fan 'e basis foar't dy hielendal de loft yn giet. Underwilens ûntkomt Vosch yn 'e lêste helikopter. Yn 'e bosken wurde Ben, Sam en Ringer weriene mei harren seksje, dêr't Cassie har no ek by jout. De film einiget (as it earste diel fan wat as filmtrilogy bedoeld wie) as Cassie de macht fan hoop beprakkesearret as driuwende krêft foar it oerlibjen fan 'e minskheid.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Chloë Grace Moretz.
 
Nick Robinson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Cassie Sullivan / voice-over by flashback Chloë Grace Moretz
Ben Thomas Parish Nick Robinson
Evan Walker Alex Roe


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Oliver Sullivan Ron Livingston
Lisa Sullivan Maggie Siff
Sam Sullivan Zackary Arthur
kolonel Alexander Vosch Liev Schreiber
'Ringer' Maika Monroe
sersjant Reznik Maria Bello
'Dumbo' Tony Revolori
'Teacup' Talitha Bateman
'Poundcake' Nadji Jeter
'Flintstone' Alex MacNicoll
Jeremy Parker Wierling

Produksje bewurkje seksje

The 5th Wave is basearre op 'e roman foar jongfolwoeksenen The 5th Wave, fan 'e Amerikaanske skriuwer Rick Yancey, út 2013. Al rom foar't dat boek útkaam, yn maart 2012, waarden de filmrjochten op 'e hiele romantrilogy oankocht troch filmstudio Columbia Pictures.

De film waard regissearre troch J Blakeson nei in senario dat skreaun wie troch Susannah Grant, Akiva Goldsman en Jeff Pinkner. As produsinten wiene by it projekt belutsen Graham King, Tobey Maguire, Lynn Harris en Matthew Plouffe foar de studio's Columbia Pictures, GK Films, LStar Capital, Living Films en Material Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $38 oant 54 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Enrique Chediak, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Henry Jackman.

De opnamen foar The 5th Wave setten op 18 oktober 2014 útein yn Atlanta en einigen op 17 jannewaris 2015. Op 11 jannewaris 2015 gie der om kertier foar fjouweren moarns wat mis by de opname fan in ûntploffing fan in autobus yn sintrum fan Macon (Georgia): de eksploazje wie swierder as ferwachte, mei as resultaat dat mear as fjirtich ruten fan omlizzende gebouwen oan Cotton Avenue sneuvelen. De hiele strjitte siet ûnder de ruotplakken, ferskate plafons sakken derút, winkeletalaazjes waarden ferwoastge en ien gebou rekke yn 'e brân. De studio's seine ta alle skea te fergoedzjen, mar twa en in heal jier letter wiene de reparaasjes noch net foltôge en it wurk dat àl dien wie, bliek ûnder de maat te wêzen.

De distribúsje fan The 5th Wave waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De premiêre fan 'e film waard ferskate kearen hinne en wer skood, mar úteinlik iepene The 5th Wave op 22 jannewaris 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn Austraalje, Dútslân en it Midden-Easten draaide er lykwols al fan 14 jannewaris ôf yn 'e bioskopen.

Untfangst bewurkje seksje

The 5th Wave krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Neffens Jeffrey M. Anderson fan The San Francisco Examiner wie "eltse draai yn 'e plot en eltse regel dialooch" oernommen út oare films en wie "alles folslein, totaal foarsisber". Hy neamde de Twilight-, de Hunger Games en de Divergent-franchises as foarbylden fan films dêr't The 5th Wave yn syn wurden "materiaal fan stellen" hie. Yn it tydskrift The New Yorker omskreau resinsint Anthony Lane de film as in "marketing-banaliteit yn 'e momkape fan in keunstfoarm", wat neffens him opsomme waard troch it byld fan Cassie dy't har troch de bosk hastiget mei "sawol in mitrailleur as in teddybear." Hy heakke dêr noch oan ta dat it wol liek as wie de film makke troch leden fan 'e Amerikaanske wapenlobby dy't oanhelle wiene mei in Oidipoeskompleks.

Rob Vaux fan 'e Sci Fi Movie Page joech de film ien stjer fan fiif. Neffens him wie de film in nij djiptepunt yn 'e trend om science fiction-films foar jongfolwoeksenen te meitsjen, en wie der in treflike cast mei fergriemd. Yn 'e San Francisco Chronicle skreau Mike LaSalle: "selden faalt in film sa folslein nei't er sa goed begûn is." Yn it tydskrift Variety skreau Eddie Cockrell: "The 5th Wave is yn prinsipe in ridlike post-apokalyptyske, de-wrâld-hinget-derfan-ôf–oerlibbingsskriller" dy't neffens him in "ynnimmend orizjinele draai" joech oan "trendy sjenreklisjees". Hy tekene dêrby lykwols oan dat fans fan it boek "problemen mei wat fuortknipt is" hawwe kinne soene.

Yn 'e krante USA Today joech Brian Truitt in positive resinsje oan 'e film, dy't er omskreau as "in ynnimmende science fiction-ynvaazje" dy't "kreas de ferbylding opstoket fan in nije generaasje fan science fiction-filmnerds." Hy priizge Chloë Grace Moretz en Nick Robinson as haadpersonaazjes dy't "like sterk" wiene. Shannon Harvey fan The West Australian wie ek posityf oer The 5th Wave. Se skreau: "[De film] hat eins in soad pluspunten, fan 'e treflike jonge aktrise Chloë Grace Moretz as it soarte taaie mar brekbere heldinne dat jin oansprekt, oant […] ferskate draaiïngs yn 'e plot." Neffens Michael Patterson fan Moviepilot wie de film in "spannend ferhaal oer oerlibjen".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The 5th Wave in leech goedkarringspersintaazje fan 15%, basearre op 137 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei effekten dy't net ymposant binne en plotpunten dy't skynber gearfandele binne út eardere dystopyske science fiction-films foar jongfolwoeksenen, fielt The 5th Wave by einbeslút oan as in slop, fan oare films ôflaat gewrimel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

The 5th Wave brocht $34,9 miljoen op yn de Feriene Steaten en Kanada, en $75 miljoen yn alle oare lannen en territoaria. Opteld komt dat wrâldwiid út op in totaal fan $109,9 miljoen. Dat betsjut dat de film, mei in budget fan $38 oant 54 miljoen, teminsten $55,9 miljoen winst makke, al moasten dêr de marketingkosten noch fan ôf. Yn de Feriene Steaten ûnderfûn The Fifth Wave yn 'e bioskopen benammen konkurrinsje fan Dirty Grandpa en The Boy. Chloë Grace Moretz waard foar har rol yn The 5th Wave nominearre foar de Teen Choice Award yn de kategory favorite filmaktrise yn in science fiction- of fantasyfilm. De produsinten wiene fan doel om ek de oare beide romans fan Rick Yancey syn trilogy The 5th Wave te ferfilmjen, mar troch de negative ûntfangst fan 'e earste film kaam dat plan stil te lizzen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.