The Bourne Ultimatum (film)

The Bourne Ultimatum is in Amerikaansk-Dútske spionaazje-aksjeskrillerfilm út 2007 ûnder rezjy fan Paul Greengrass, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Julia Stiles. De titel betsjut "It Bourne-Ultimatum". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Robert Ludlum. It ferhaal giet oer Jason Bourne, in âld-agint fan 'e CIA dy't oan ûnthâldsferlies lijt. Op 'e nij rekket er yn dizze film tsjin wil en tank behelle by de skimige operaasjes fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst. The Bourne Ultimatum wie de trêde film fan 'e Bourne-filmsearje en folge as sadanich op The Bourne Supremacy út 2004. In folgjend diel, The Bourne Legacy, kaam út yn 2012 mei Jeremy Renner yn 'e haadrol. The Bourne Ultimatum krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wûn trije Oscars en ferskate oare prizen. De film ûntjoech him ek yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.

The Bourne Ultimatum
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Greengrass
produsint Frank Marshall
Patrick Crowley
Paul L. Sandberg
senario Tony Gilroy
Scott Z. Burns
George Nolfi
basearre op de roman fan Robert Ludlum
kamerarezjy Oliver Wood
muzyk John Powell
filmstudio MP BETA Productions
The Kennedy/Marshall Company
Ludlum Entertainment
Studio Babelsberg
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Matt Damon
Julia Stiles
byrollen Joan Allen
David Strathairn
Paddy Considine
Joey Ansah
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 24 july 2007
foarm langspylfilm
sjenre spionaazje-aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 115 minuten
budget en resultaten
budget $110 miljoen
opbringst $442,9 miljoen
prizen 3 × Oscar
2 × BAFTA
1 × SAG Award
filmsearje
filmsearje Bourne
● foarich diel The Bourne Supremacy
● folgjend diel The Bourne Legacy

Plot bewurkje seksje

Hast trije jier nei't er him losmakke hat fan 'e geheime Operaasje Treadstone fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, is de eardere slûpmoardner Jason Bourne syn ûnthâldsferlies noch net te boppe. Nei't er yn Moskou oan 'e efterfolging troch FSB-agint Kirill ûntkommen is en in besyk brocht hat oan Irena Neski, de dochter fan syn earste slachtoffers (sjoch: The Bourne Supremacy), ûntkomt Bourne oan 'e Russyske plysje. Kirill hat him lykwols ferwûne, en as er in foar de nacht ôfsletten klinyk binnenkringt om syn wûnen te fersoargjen, kriget er nije flashbacks dy't weromgeane op 'e tiid dat er foar it earst by Operaasje Treadstone kaam.

Seis wiken letter spilet Pamela Landy, ien fan 'e adjunkt-direkteurs fan 'e CIA, foar CIA-direkteur Ezra Kramer en syn neiste meitwurkers it kassettebantsje ôf dat Bourne har jûn hat (sjoch: The Bourne Supremacy), mei dêrop it opnommen tillefoantsje fan adjunkt-direkteur Ward Abbott mei de Russyske oligarch Joeri Gretkov en Bourne syn eigen petear mei Abbott. Dêrút docht bliken dat Abbott jierren lyn $20 miljoen fan 'e CIA efteroer drukt hie en Bourne dêrfoar opdraaie litte woe.

Underwilens hat de Britske sjoernalist Simon Ross, fan The Guardian, yn Turyn in geheime moeting mei in heechpleatste ynformant binnen de CIA, dy't ynformaasje oan him útbringt oer Bourne en Operaasje Blackbriar, dy't yn it plak kommen is fan Operaasje Treadstone. De ûnnoazele Ross, dy't gjin idee hat wêr't er mei omboartet, skillet fuort nei't er wer yn Londen oankommen is syn haadredakteur op en neamt Operaasje Blackbriar yn in petear oer de mobile tillefoan. Dat wurdt fuortendaliks opmurken troch de NSA, in Amerikaanske ynljochtingetsjinst dy't oeral yn 'e wrâld mobyl tillefoanferkear ôfharket. De ynformaasje oer Ross wurdt trochdien oan 'e CIA, dêr't it by Operaasje Blackbriar telâne komt. Adjunkt-direkteur Noah Vosen, dy't oan it haad fan Blackbriar stiet, lit in djipdollend ûndersyk nei Ross ynstelle, wêrby't temûk syn appartemint trochsocht wurdt, hysels folge wurdt oeral dêr't er giet en ek al syn tillefoanen ôflústere wurde.

Bourne is yn 'e tuskentiid nei Parys reizge, dêr't er Martin Kreutz, de healbroer fan syn ombrochte freondinne Marie Helena Kreutz, fan har dea op 'e hichte stelt. Letter lêst Bourne ien fan Ross syn eardere artikels dat oer him (Bourne) giet. Om't Ross dúdlik mear oer him wit as hysels, beslút er kontakt mei de man op te nimmen. Hy reizget nei Londen ta, en praat mei Ross ôf by Waterloo Station. Bourne hat fuortendaliks troch dat Ross folge wurdt troch de CIA, en besiket de man fia in net-trasearbere prepaid-tillefoan nei feilichheid te lieden. Dat wie ek noch slagge, as Ross, dy't no einlings beseft hoe djip oft er himsels yn 'e swierrichheden brocht hat, net yn panyk rekke wie. Sadwaande negearret er de ynstruksjes fan Bourne en wurdt er deasketten troch in slûpmoardner fan Blackbriar dy't Paz hjit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dy moard bart yn opdracht fan Noah Vosen, dy't derfan oertsjûge is dat Bourne de boarne fan Ross wêze moat. Pamela Landy, dy't Vosen en syn team op befel fan direkteur Kramer mei tsjinnichheid bystiet, analysearret de oantekenings dy't yn it appartemint fan Ross oantroffen binne en identifisearret syn wiere boarne sûnder folle muoite as Neal Daniels, it burohaad fan 'e CIA yn Madrid, dy't net inkeld by Blackbriar belutsen is, mar yn it ferline ek yn Treadstone behelle west hat. Bourne, dy't útnaaid is mei it skriuwblok dat Ross yn 'e bûse hie, makket út 'e oantekenings dêryn itselde op en reizget nei Madrid. Dêr treft er it kantoar fan Daniels lykwols leech oan, mei't dyselde op 'e flecht slein is sadree't er op 'e tillefyzje it nijs seach dat Ross midden yn Waterloo Station deasketten wie. Bourne stelt de beide slûpmoardners bûten gefjocht dy't Vosen op Daniels ôfstjoert.

Fuort dêrnei wurdt er ûnderbrutsen troch Nicky Parsons, de eardere logistyk meiwurkster fan Operaasje Treadstone, dy't nei harren lêste moeting yn Berlyn (sjoch: The Bourne Supremacy) oerpleatst is nei Madrid. Sy nimt in bewuste beslissing om Bourne te helpen en fertelt him dat Daniels útnaaid is nei Tanger, yn Marokko. Bourne beävensearret op snoade wize dat hysels en Nicky it reserveteam fan Blackbriar, dat ûnderwilens troch Vosen stjoerd is, ûntwike kinne. Underweis fertrout Nicky Bourne ta dat it foar har yn har tiid binne Operaasje Treadstone "net maklik wie" om him "sa te sjen". Dêrmei liket se trochskimerje te litten dat se fereale op Bourne is.

Oankommen yn Tanger makket Nicky gebrûk fan har tagong ta it kompjûtersysteem fan 'e CIA om Bourne te warskôgjen dat Desh Bouksani, in slûpmoardner fan Blackbriar, aktivearre is om Daniels út 'e wei te romjen. As Vosen dêr lucht fan kriget, jout er Desh opdracht om, nei't er mei Daniels ôfweeft hat, ek Bourne en Nicky te likwidearjen, in beslissing dêr't Pamela Landy poer op tsjin is. Bourne lit him troch Desh nei Daniels ta liede, mar kin net foarkomme dat Daniels omkomt by in troch Desh beävensearre bomoanslach. Neitiid set Desh efter Nicky oan, dy't útnaait troch de nauwe strjitsjes fan 'e âlde medina fan Tanger. Bourne, dy't sels efterfolge wurdt troch de Marokkaanske plysje, set de efterfolging yn en wit nei in spektakulêre tocht oer de dakken en dwers troch partikuliere huzen hinne Desh te berikken ear't er Nicky deadzje kin. Yn in ferbiten man-tsjin-mangefjocht deadet er Desh. Nei in iepenhertich petear stjoert Bourne Nicky fuort om ûnder te dûken foar de CIA.

Neitiid keapet Bourne in meiwurker fan it Marokkaanske mortuarium om dêr't it stoflik omskot fan Daniels en al syn besittings hinne brocht binne. Yn syn troch de bomoanslach útinoar skuorde diplomatekofferke, dat fol sit mei ferbrând papier, treft er in hoekje oan dat net ferbrând is, mei dêrop it logo fan 'e CIA en it adres fan in geheim kantoar fan 'e tsjinst yn New York, dêr't Vosen wei lieding jout oan Blackbriar.

Bourne arrivearret yn New York en bejout him nei it dak fan it oanbuorjende flatgebou, dêr't er Landy wei opskillet. Dan folget de sêne dy't oan 'e ein fan The Bourne Supremacy al te sjen wie. Landy fertelt him dat syn wiere namme David Webb is en jout him syn berteplak en -datum (4-15-71). Ek freget se him om har moetsjen. Nei in skoftke stilte seit Bourne inkeld: "Soargje datst wat mear sliep krijst, Pam. Sjochst der wurch út." It tillefoantsje wurdt ûnderskept en ôfharke troch Vosen en syn team, eat dat Bourne fan syn skûlplak ôf gewoan mei eigen eagen sjen kin. Landy giet nei bûten ta om Bourne ta in moeting te ferlieden, en Bourne stjoert har in SMS-ke wêryn't er in plak en in tiid neamt. It berjocht wurdt ûnderskept troch it team fan Vosen, dy't der mei man en macht op út tsjocht om mei Bourne ôf te weven. Underwilens wachtet Bond oant eltsenien fuort is, kringt dan bretaalwei it gebou binnen en stelt de topgeheime dossiers oer Blackbriar út 'e klûs yn it kantoar fan Vosen.

As er trochkriget dat Bourne him deryn rinne litten hat, is Vosen poer. Hy stjoert slûpmoardner Paz efter him oan. De resultearjende efterfolging eniget mei in ferkearsûngemak wêrby't de auto's fan Bourne en Paz tegearre by in betonnen obstakel op ride. Bourne is as earste wer by sûpe en stút, mar hoewol't er de op dat stuit warleaze Paz ûnder skot hâldt, hellet er de trekker net oer. Neitiid bejout Bourne, dy't de koade fan Landy útfigelearre hat, him nei in sikehûs dat eins in geheime CIA-trainingsfasiliteit is, op it adres 415 East 71st Street. It is it plak dêr't ek hysels syn training foar Treadstone ûndergien hat. By de haadyngong wachtet Landy him op, en Bourne jout har de dossiers oer Blackbriar.

Underwilens hat Wills, de assistint fan Vosen, Landy har koade ek brutsen. Vosen warskôget dokter Albert Hirsch, de man dy't oan it haad fan it harsensspielingsprogramma foar Treadstone en Blackbriar stiet. Hy arrivearret fuort nei Bourne by it sikehûs, mar is te let om Landy tsjin te hâlden, dy't tsjin 'e tiid dat hy har byhellet, de dossiers trochfakst hat. As se by him lâns rint om fuort te gean, byt se him ta in goede abbekaat te sykjen. Underwilens wurdt Bourne op in hegere ferdjipping oansprutsen troch Hirsch. Troch dy syn wurden komme guon fan Bourne syn oantinkens werom, en kin er him wer tebinnen bringe dat er himsels as frijwilliger foar Treadstone opjûn hat. Nettsjinsteande dat is dúdlik dat Hirsch ferskriklik misbrûk makke hat fan 'e sitewaasje, mei't Bourne tocht dat er him opjoech foar in programma om syn lân te tsjinjen, net om geastlik stikken makke te wurden sadat er as in stik ark troch oaren brûkt wurde koe om harren smoarge wurk op te knappen. Bourne achtet Hirsch lykwols gjin kûgel wurdich.

Bourne moat wer sjen dat er fuortkomt as Vosen syn trewanten arrivearje, en flechtet nei it dak, dêr't Paz him ynhellet. Paz hâldt Bourne ûnder skot, mar hellet de trekker net oer, mei't er fan Bourne witte wol wêrom't dy him earder net deade hat doe't er dêr de kâns foar hie. Bourne freget Paz oft dy eins wol wit wêrom't er him deadzje moat en werhellet dan de wurden dy't 'de Professor', in oare slûpmoardner fan Treadstone, tsjin Bourne spriek foar't er stoar: "Sjoch ús no. Sjoch ris wat se dy twinge om te jaan." (Sjoch: The Bourne Identity.) Dêrop lit Paz syn wapen sakje, mar Vosen ferskynt op it dak en sjit op Bourne wylst dyselde fan it flatgebou ôf yn 'e East River springt.

Inkele dagen letter, op in ûnbeskaat plak yn it bûtenlân, sjocht Nicky Parsons nei in nijsberjocht oer de ûntmaskering fan Operaasje Blackbriar. Pamela Landy hat de geheime dossiers útbrocht yn in iepenbiere sitting fan 'e kommisje fan it Amerikaansk Kongres dy't oer de ynljochtingestjinsten giet. Dokter Hirsch, Noah Vosen en CIA-direkteur Ezra Kramer binne arrestearre foar belutsenens by de saak. De status fan David Webb, ek bekend as Jason Bourne, is ûnbekend. Hy waard besketten doe't er fan it dak fan in flatgebou ôf yn 'e East River sprong, mar nei trije dagen sykjen is syn stoflik omskot noch altyd net fûn. As Nicky dat heart, begjint se te glimkjen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Matt Damon.
 
Julia Stiles.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jason Bourne Matt Damon
Nicky Parsons Julia Stiles


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Pamela Landy Joan Allen
Noah Vosen David Strathairn
Simon Ross Paddy Considine
Desh Bouksani Joey Ansah
dokter Albert Hirsch Albert Finney
Neal Daniels Colin Stinton
Tom Cronin Tom Gallop
Ray Wills Corey Johnson
CIA-direkteur Ezra Kramer Scott Glenn
Paz Édgar Ramírez
Martin Kreutz Daniel Brühl
Lucy Lucy Liemann
Marie Helena Kreutz Franka Potente (op argyfbylden)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

The Bourne Ultimatum wie hiel loskes basearre op 'e roman The Bourne Ultimatum fan Robert Ludlum, út 1990. De film waard regissearre troch Paul Greengrass nei in senario fan Tony Gilroy, Scott Z. Burns en George Nolfi. Gilroy, de skriuwer fan 'e senario's fan 'e beide foargeande films fan 'e Bourne-rige, skreau de earste kladferzje fan it skript foar The Bourne Ultimatum, mar wie fierders net by de film belutsen. Hy hie mear de klam lizzen wollen op it berou fan Bourne foar syn eardere moarden en fûn dat dat elemint yn 'e úteinlike film ûndersnijde. Tom Stoppard skreau ek in kladferzje fan it senario, mar sei letter dat der neffens him gjin wurd fan sines yn 'e úteinlike film bedarre wie.

As produsinten wiene by it projekt, dat in Amerikaansk-Dútske ko-produksje wie, Frank Marshall, Patrick Crowley en Paul L. Sandberg belutsen foar de studio's MP BETA Productions, The Kennedy/Marshall Company, Ludlum Entertainment en Studio Babelsberg. Der wie foar The Bourne Ultimatum in budget fan $110 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Wood, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell. De opnamen foar The Bourne Ultimatum fûnen plak tusken oktober 2006 en april 2007 yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire en op lokaasje yn Parys, Madrid, Tanger, Berlyn en New York. (Madrid gie ek troch foar Turyn en de sênes yn Moskou waarden yn Berlyn filme.)

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Bourne Ultimatum waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 24 july 2007 yn Hollywood yn premiêre en iepene op 3 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 11 desimber 2007 waard The Bourne Ultimatum útbrocht op dvd.

Untfangst bewurkje seksje

The Bourne Ultimatum waard rûnom mei lof ûntfongen troch de filmkritisy, hoewol't Richard Corliss fan it tydskrift Time him ôffrege wêrom't it byld yn petearsênes sa trillet dat it wol liket as hat de kamera de sykte fan Parkinson. Yn 'e Britske parse waard yn 'e resinsjes in protte oandacht bestege oan 'e sênes dy't yn it Feriene Keninkryk spylje, yn 't bysûnder dy yn Waterloo Station. Peter Bradshaw, dy't foar The Guardian wurket, skreau dat de fiktive sjoernalist Simon Ross by dy krante in kollega fan him wie, en murk by túltsjes op dat it ûntdûken fan 'e kûgels fan slûpmoardners fan 'e CIA foar him deistige kost is.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Bourne Ultimatum in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 265 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as "in yntelliginte, fyn ôfstelde achtbaanrit dy't fan gjin ophâlden witte wol." Dêr wurdt oan taheakke: "In […] sterk optreden fan Matt Damon en skerp kamerawurk fan Paul Greengrass meitsje dit de bêste ôflevering fan 'e Bourne-trilogy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Bourne Ultimatum in goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 38 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Bourne Ultimatum brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $227,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $215,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $442,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110 miljoen betsjut dat in winst fan $332,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in ûnbidich grut kommersjeel súkses.

Prizen bewurkje seksje

By de Oscars, begjin 2008, wûn The Bourne Ultimatum trije prizen, yn 'e kategoryen bêste filmmontaazje (Christopher Rouse), bêste lûdsmontaazje (Karen M. Baker en Per Hallberg) en bêste lûdsmixing (Scott Milan, David Parker en Krik Francis). De film waard by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn û.m. de kategoryen bêste Britske film, bêste rezjy, bêste kamerarezjy en bêste special effects. De film wûn de prizen foar bêste filmmontaazje en bêste lûd. By de Screen Actors Guild Awards wûn The Bourne Ultimatum de priis foar bêste stuntlju.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bourne (filmsearje)
The Bourne Identity (2002) • The Bourne Supremacy (2004) • The Bourne Ultimatum (2007) • The Bourne Legacy (2012) • Jason Bourne (2016)