The Feelies is in Amerikaanske rockband oprjochte yn 1976 yn Haledon, Nij-Jersey. De band brocht yn 1980 syn debútalbum Crazy Rhythms út. Yn 1992 waard de band opheft, mar yn 2008 makke de band in trochstart. The Feelies hat seis studio-albums útbrocht.

The Feelies
band
The Feelies yn 2016
The Feelies yn 2016
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 1976-1992,
2008-heden
label(s) Stiff,
Coyote,
A&M,
Bar
âld-leden Vinny DeNunzio drums (1976–1978)
John Papesca bas (1976–1979)
Keith DeNunzio bas & perkusje (1979–1982)
Anton Fier drums & perkusje (1978–1979)
leden
Sang,
Gitaar &
Toetsen
Glenn Mercer
Gitaar Bill Million
Bas &
Fioele
Brenda Sauter
Perkusje Dave Weckerman
Drums Stan Demeski

Skiednis bewurkje seksje

The Feelies bestiet út Glenn Mercer, Bill Million, Dave Weckerman, Keith DeNunzio (ek wol Keith Clayton), Anton "Andy" Fier, Brenda Sauter, Stanley Demeski, Vinny DeNunzio en John J. Yn 1976 kamen sy foar it earst by elkoar en yn 1992 gongen sy út elkoar, nei 4 langspylplaten útbrocht te hawwen. Yn 2008 kamen de bandleden opnij by elkoar. Se ûnderskieden har fan in protte oare punk- en new wave-bands út dy tiid trochdat hja in soad mei soundscape wurken.

The Feelies spilen geregeld yn de muzykklup Maxwell's yn Hoboken. Har albums binne nea yn grutte tallen ferkocht, mar dochs hat har muzyk wol dúdlik ynfloed hân op oare bands as bygelyks R.E.M., dy't seinen troch it earste album Crazy Rhythms (Stiff Records) út 1980 hiel bot ynspirearre west te hawwen[1]. Ek Rick Moody, skriuwer fan ûnder oaren Garden State, neamt de band as ien fan syn ynspiraasjeboarnen[2]. The Feelies sels wienen fral wer beynfloede troch the Stooges, The Velvet Underground en Lou Reed[3].

De namme The Feelies is ôflaat fan in fiktive foarm fan fermaak út it boek Brave New World fan Aldous Huxley[1].

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Single(s)
Crazy Rhythms april 1980 Stiff Fa Ce-La
The Good Earth 1986 Coyote
Only Life 13 septimber 1988 A&M Away
Time for a Witness 5 maart 1991 Sooner or Later
Here Before 12 april 2011 Bar
In Between 2017

Keppelings om útens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 http://www.allmusic.com/artist/the-feelies-p4243 Ingelsk
  2. http://www.pastemagazine.com/articles/2008/03/the-feelies-plan-reunion-shows.html Ingelsk
  3. http://www.nytimes.com/2008/07/03/arts/03iht-feelies.1.14161113.html?_r=1 Ingelsk