The Fifth Element

The Fifth Element is in Ingelsktalige Frânske science fiction-aksjekomeedzjefilm út 1997 ûnder rezjy fan Luc Besson, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Milla Jovovich. De titel betsjut "It Fyfde Elemint". It ferhaal draait om it beskermjen fan it fuortbestean fan alle libben yn it hielal en it fuortbestean fan 'e Ierde yn it bysûnder. Troch in stikmannich bizarre foarfallen wurdt dat de ferantwurdlikheid fan âld-kommando Korben Dallas, dy't op 't heden in bestean as taksysjauffeur yn New York besiket op te bouwen. The Fifth Element krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't dejingen dy't negatyf oer de film wiene der ek wier neat fan hiel lieten. Yn 'e bioskopen woeks The Fifth Element lykwols út ta in grut kommersjeel súkses en it bleau fjirtjin jier lang de meast opbringende Frânske film aller tiden.

The Fifth Element
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Luc Besson
produsint Patrice Ledoux
senario Luc Besson
Robert Mark Kamen
kamerarezjy Thierry Arbogast
muzyk Éric Serra
filmstudio Gaumont
distribúsje Gaumont
spilers
haadrollen Bruce Willis
Milla Jovovich
byrollen Ian Holm
Chris Tucker
Gary Oldman
Brion James
Tom Lister jr.
skaaimerken
lân/lannen Frankryk
premiêre 7 maaie 1997
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 126 minuten
budget en resultaten
budget $90 miljoen
opbringst $263,9 miljoen
prizen BAFTA
César du Cinéma

Plot bewurkje seksje

Yn 1914 arrivearje leden fan it bûtenierdske ras fan 'e Mondoshawanen by in oerâlde timpel yn 'e woastyn fan Egypte. Yn ferbân mei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch helje se dêr it iennichste wapen wei dat it absolute kwea ferslaan kin, dat eltse 5.000 ferskynt om it hielal te ferneatigjen. It wapen bestiet út fjouwer ynkurven stiennen, dy't de essinsjes fan 'e fjouwer eleminten wetter, fjoer, lucht en ierde omfiemje, mei dêropta in metalene sarkofaach dy't it Fyfde Elemint yn 'e foarm fan in minske befettet. Dat Fyfde Elemint kombinearret de krêften fan 'e oare fjouwer eleminten ta in godlik ljocht, dat it tsjuster fan it kwea ferdylgje kin. De Mondoshawanen ûnthjitte harren minsklike kontaktpersoan, in preester fan in geheime oarder, dat se op 'e tiid mei it wapen weromkeare sille om it grutte kwea te ferslaan as dat oer trijehûndert jier wer ferskynt.

Yn it jier 2263 ferskynt it grutte kwea wer. (Hoewol't de Mondoshawanen it hiene oer 300 jier, rekkene fanôf 1914, lit de wekker fan Korben Dallas dúdlik sjen dat er yn it jier 2263 libbet, ek al jout de beskriuwing op 'e dvd fan Pathé út 1997 it jier as 2257 wylst regisseur Luc Besson yn 'e dokumintêre The Story of the Fifth Element sprekt fan 2259. It nimt de foarm oan fan in bal fan swart fjoer ter grutte fan in planeet en ferneatiget in romteskip fan 'e Federearre Territoaria fan 'e Ierde dat der raketten op ôffjurret. De Mondoshawanen keare werom sa't se ûnthjitten hiene, en nimme al fan fierrens kontakt op mei harren hjoeddeistige kontaktpersoan op 'e Ierde, de preester Vito Cornelius. Dyselde ynformearret de presidint fan 'e Federearre Territoaria oer wêr't er mei te krijen hat en hoe't it kwea ferslein wurde kin.

Underweis nei de Ierde wurde it romteskip fan 'e Mondoshawanen lykwols oanfallen troch guon Mangaloaren, in bûtenierdsk ras fan stalferwikseljende ferstjitlingen, dy't as hierlingen yn 'e tsjinst nommen binne troch de yndustrieel Jean-Baptiste Emmanuel Zorg. Dyselde blykt mei it kwea ûnder ien tekken te skûljen. It Mondoshawaanske skip stoart del op in planeet mei ferlies fan 'e hiele bemanning, wêrnei't de Mangaloaren út 'e wrakstikken de koffer mei de fjouwer elemintêre stiennen stelle om dy by Zorg te bringen. De iennichste 'oerlibbene' fan it delstoarten fan it romteskip is in metalene want dy't noch guon libbene sellen befettet. Yn in laboratoarium yn New York rekonstruëarje minsklike wittenskippers dy sellen ta in jonge humanoïde frou mei boppeminsklike krêften, dy't prompt útnaait en fan 'e wolkekliuwer springt dêr't it laboratoarium yn húsfêste is.

Hja falt troch it dak fan 'e fleanende taksy fan Korben Dallas, in âld-kommando dy't in healjier lyn ôfswaaid is en no in normaal bestean as taksysjauffeur besiket op te bouwen. Hoewol't Dallas genôch swierrichheden fan himsels hat en leaver net by de saak belutsen wurde wol, lit er him fermurwe troch de mei gebearten oerbrochte smeekbea fan 'e jonge frou, dy't harsels Leeloo neamt. Hy helpt har te ûntkommen oan 'e efterfolgjende plysje en bringt har by Vito Cornelius en dy syn akolyt David. Dan wurdt dúdlik dat Leeloo eins it Fyfde Elemint is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By Vito Cornelius leart Leeloo fan in futuristyske foarm fan it ynternet, mei reuseftige faasje, alles wat der de lêste 5.000 jier foarfallen is. Ek leart se yn in pear minuten om Ingelsk te sprekken. Wylst Zorg fan 'e Mangaloaren de koffer ûntfangt dy't se út it wrak fan it Mondoshawaanske romteskip helle hawwe en ûntdekt dat dy leech is, fertelt Leeloo oan Vito Cornelius dat de Mondoshawanen de minsken net fertrouden en dêrom de fjouwer elemintêre stiennen net yn itselde romteskip ferfierd hawwe as de sarkofaach mei it Fyfde Elemint. Ynstee hawwe se de stiennen meijûn oan immen dy't se wól fertrouden, de ferneamde operasjongster diva Plavalaguna. Zorg deadet in hiele kloft Mangaloaren by wize fan straf foar harren falen, mar harren lieder, Aknot, is wisberet om mei de oare oerlibbenen de stiennen dochs noch yn 'e hannen te krijen om wraak te nimmen op Zorg.

Mei't diva Plavalaguna in optreden fersoarge sil op 'e fakânsjeplaneet Fhloston Paradise, beävensearret generaal Munro dat syn bêste man, majoar b.tsj. Korben Dallas, in reis dêrhinne wint, sadat er undercover de stiennen fan Plavalaguna oernimmen kinne sil. Dallas fielt hielendal neat foar de misje, oant er foar it ferstân kriget dat er Leeloo wer sjen sil, ta wa't er him oantlutsen fielt. Vito Cornelius, dy't him net fertrout, Aknot, dy't de foarm fan in minske oannommen hat, en de assistint fan Zorg besykje allegear Dallas syn plak yn te nimmen, mar hy is harren te fluch ôf. De preester reizget as ferstekling mei it romtefear nei Fhloston Paradise mei, nei't er syn learling David opdroegen hat om yn 'e timpel yn Egypte alles ree te meitsjen. De Mangaloaren brûke har eigen romteskippen om Fhloston Paradise te berikken en Zorg fermoardet syn assistint en reizget dêrnei sels ôf nei de fakânsjeplaneet.

De reis dy't Dallas sabeare wûn hat, wurdt sponsore troch de flamboyante radiopresintator Ruby Rhod, yn waans radioprogramma Dallas sadwaande in ûnwillige gast is. Op Fhloston Paradise wenje Dallas en Ruby Rhod in konsert Plavalaguna by yn in romtestasjon boppe de planeet dat tsjinst docht as hotel. Underwilens giet Leeloo nei de hotelkeamer fan 'e diva, dy't op dat stuit trochsocht wurdt troch de Mangaloaren. Yn in fûstgefjocht makket se koarte metten mei de ynkringers, mar krekt as se de koffer mei de stiennen meinimme wol, ferskynt de swierbewapene Zorg op it toaniel. Leeloo moat drave foar har libben en rekket ferwûne troch inkele kûgels fan Zorg. Dyselde pakt de koffer, pleatst in tiidbom en makket him út 'e fuotten, om pas letter, as er al ûnderweis werom nei de Ierde is, ta syn uterste frustraasje te ûntdekken dat de koffer op 'e nij leech is.

De Mangaloaren beslute om alle hotelgasten te gizeljen en falle al sjittend de operaseal binnen, wêrby't Plavalaguna deadlik rekke wurdt. Ear't se stjert, fertelt se Dallas dat se de elemintêre stiennen yn har lichem draacht. Nei har dea hellet er yndie de stiennen út har stoflik omskot, wêrnei't hy him mei Ruby Rhod yn syn sok in wei út 'e operaseal en de lobby fan it hotel fjochtet. Hy wit Aknot te deadzjen, wêrnei't de Mangaloaren de striid opjouwe. Dêrnei giet er op 'e siik nei Leeloo, dy't er ferwûne oantreft. Mei har, Vito Cornelius en Ruby Rhod by him nimt Dallas de lift nei de hangaar krekt op it stuit dat Zorg mei de oare lift wer op deselde ferdjipping arrivearret. Wylst it fjouwertal it romteskip fan Zorg stelt om by it hotel wei te kommen, bejout Zorg him wer nei de hotelkeamer fan Plavalaguna, dêr't er syn tiidbom krekt op 'e tiid ûntwapenet. Nei't er dat dien hat, lit lykwols in stjerrende Mangaloar in eigen bom ôfgean, wêrby't it hiele hotel ûntploft en Zorg omkomt.

Dallas-en-dy witte wer op 'e Ierde te kommen krekt foar't it grutte kwea de planeet berikt. Se bejouwe har nei de Egyptyske timpel, dêr't David ûnderwilens alles reemakke hat foar it ritueel. Dallas, Vito Cornelius, Ruby Rhod en David wurkje koartseftich om te ûntdekken hoe't de elemintêre stiennen wurkje. As se it einlings útfigelearje, en Dallas leit Leeloo yn 'e midden del, bart der lykwols neat. Underweis werom nei de Ierde is Leeloo nammentlik yn har ynternetsyktocht yn 'e kunde kommen mei it begryp 'oarloch', mei as gefolch dat se in ôfkear fan 'e minskheid krigen hat en har ôffreget wêrom't wêzens dy't by steat binne ta sokke grouweldieden eins rêden wurde moatte soene. Dallas wiist har derop dat der ek in protte goede kanten oan 'e minskheid sitte, en as Leeloo him om in foarbyld freget, neamt er leafde, fertelt har dat er fan har hâldt en tutet er har. Dêrop falt it ljocht út 'e fjouwer elemintêre stiennen fia it lichem fan Leeloo gear ta in ljochtstriel fan sa'n krêft en fellens, dat eltsenien dertroch ferbline wurdt. De ljochtstriel stjit omheech troch de atmosfear fan 'e Ierde en rekket de reuseftige brânende bal fan it grutte kwea, dat krekt by de Ierde arrivearre is. It kwea wurdt deade en de brânende bal dôvet út. Dallas en Leeloo wurde ynhelle as helden, mar hawwe inkeld noch oandacht foar inoar.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Bruce Willis.
 
Milla Jovovich.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Korben Dallas Bruce Willis
Leeloo Milla Jovovich


byrollen
personaazje akteur/aktrise
preester Vito Cornelius Ian Holm
Roby Rhod Chris Tucker
Jean-Baptiste Emmanuel Zorg Gary Oldman
generaal Munro Brion James
presidint Lindberg Tom Lister jr.
diva Plavalaguna Maïwenn Le Besco
Billy Masterson Luke Perry
Fog Lee Evans
David Charlie Creed-Miles
rjochterhân fan Zorg Tricky
generaal Staedert John Neville
perfester Pacoli John Blumthal
berôver Mathieu Kassovitz
Mactilburgh Christopher Fairbanks
menear Kim Kim Chan
generaal Tudor Al Matthews

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Preproduksje bewurkje seksje

The Fifth Element is in Ingelsktalige film, mar in folslein Frânske produksje. Regisseur Luc Besson begûn as teenager út poere ferfeling it senario te skriuwen en wurke der jierrenlang oan. Tsjin 1991, doe't filmprodusint Patrice Ledoux fan 'e studio Gaumont besleat om ta ferfilming oer te gean, telde it skript fan 400 bledsiden. Robert Mark Kamen waard ynset om it senario werom te bringen ta ferfilmbere grutte. Datselde jiers mette Besson de Frânske striptekeners Jean Giraud en Jean-Claude Mézières, dy't er as produksje-ûntwerpers by it filmprojekt beloek. De beide mannen hiene in tige grutte ynfloed op hoe't The Fifth Element der úteinlik út kaam te sjen.

Foar de haadrol fan Korben Dallas socht Besson sawol Bruce Willis as Mel Gibson oan. Gibson betanke freonlik foar de ear, mar Willis hie wol belangstelling, al wied er wat skruten om't syn beide lêste films, Hudson Hawk en Billy Bathgate, flopt wiene. Doe't Besson en Ledoux de finansiering net foarinoar krije koene, waard lykwols yn desimber 1992 de stekker út it projekt lutsen. Besson makke doe ynstee de aksjefilm Léon, mei Jean Reno en in pypjonge Natalie Portman yn 'e haadrollen, dy't it tige goed die en in protte jild opbrocht. Op 'e wjukken fan dat súkses krigen hy en Ledoux einlings de finansiering fan in budget fan $90 miljoen foar The Fifth Element rûn.

 
De fleanende taksy út The Fifth Element by in tentoanstelling yn Parys yn 2017.

Doe't Besson Willis tafallich earne trof, fertelde er him dat de film definityf trochgie, mar dat er spitigernôch kieze moast foar in minder djoere haadrolspiler. Dêrop hiet Willis him om him it senario ta te stjoeren; as it him oanstie, woed er de haadrol wol foar in legere priis spylje. Nei't er it skript lêzen hie, liet er him kontraktueel fêstlizze foar de rol fan Korben Dallas. Foar de rol fan Leeloo keas Besson út 300 oant 400 audysjes dy't er sels ôfnaam úteinlik foar it Oekraynske model Milla Jovovich. Hy wie op dat stuit troud mei Maïwenn Le Besco, dy't yn 'e film de rol fan 'e diva Plavalaguna spilet, mar ûnder de opnamen ferliet er har foar Jovovich, mei wa't er letter wertroude (dat houlik einige yn 1999 yn in skieding). Foar de rol fan 'e antagonist Zorg keas Besson akteur Gary Oldman út, mei wa't er earder gearwurke hie yn Léon.

Opnamen bewurkje seksje

Besson, dy't skjin syn nocht hie fan 'e tsjustere gongen yn romteskippen en de mar amperoan ferljochte planeten út 'e measte science fiction-films, stie derop dat it meastepart fan 'e aksjesênes op ljochtskyndei opnommen wurde soe, en woe dat de film in "fleurich healwize" sfear azeme ynstee fan in somber reälisme. De mear as 900 kostúms yn 'e film waarden allegear eigenhandich ûntwurpen troch de bekende moade-ûntwerper Jean-Paul Gaultier yn in styl dy't er sels typearre as "yntellektueel transgressyf", en dy't bedoeld wie om 'e noarmen en wearden op it mêd fan seksualiteit en geslachtspatroanen út te daagjen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Éric Serra. De saneamde 'himelske taal' fan Leeloo wie eins in keunsttaal fan 400 wurden dy't Besson sels ûntwurpen en mei Jovovich oefene hie.

De kamerarezjy fan The Fifth Element wie yn 'e hannen fan Thierry Arbogast. De bou fan 'e filmsets begûn op oktober 1995, en de opnamen setten op 5 jannewaris 1996 útein en duorren oant en mei 16 maaie fan dat jier. De woastynsênes yn 'Egypte' waarden eins opnommen yn Mauretaanje. De operasêne waard opnommen yn it Royal Opera House yn Londen. Foar de rest fûnen de opnamen fierhinne plak yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Besson hie syn film eins yn syn heitelân Frankryk meitsje wollen, mar koe dêr de fasiliteiten net fine dêr't er ferlet fan hie.

 
De 'Stien fan it Elemint Wetter' út The Fifth Element.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Fifth Element waard fersoarge troch de Gaumont. De film waard foar it earst fertoand op 7 maaie 1997 as de iepeningsfilm fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Yn desimber 1997 waard The Fifth Element útbrocht op VHS-keapfideo en dvd. De earste blu-rayferzje kaam út op 20 juny 2006, mar soe te lijen hân hawwe fan minne byldkwaliteit. Doe't der op 17 july 2007 in nije blu-rayferzje publisearre waard, mochten keapers fan 'e earste ferzje dy't der ûntefreden oer wiene, dy foar de nije ynwikselje.

Untfangst bewurkje seksje

The Fifth Element krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa omskreau Kevin Thomas fan 'e Los Angeles Times de film as in "yngewikkelde, sels teätrale science fiction-fantasij" dy't "in stik waarmer en grappiger is, en guon fan 'e meast ferfine en humoristyske produksje- en kostúmûntwerpen omfettet dy't jo ea sjoen hawwe." Yn syn resinsje yn 'e Chicago Sun-Times joech de foaroansteande kritikus Roger Ebert The Fifth Element 3 fan 4 stjerren. Hy neamd it "ien fan 'e grutte healwize films" en sleat ôf mei: "Ik soe dizze film net mist hawwe wolle en ik ried him oan om 'e rykdom oan bylden. Mar mei in spyldoer fan 127 minuten, dat dochs in hiel ridlike lingte is foar in film, fielt er wol wat lang oan."

De film wurke polarisearjend: de minderheid fan 'e filmkritisy dy't net posityf wie oer The Fifth Element, mocht ek wier hielendal net oer de film. Yn it tydskrift Variety omskreau Todd McCarthy de film as "in fierhinne mislearre Jeropeesk besykjen om in science fiction-spektakel yn Amerikaanske styl nei te bearen." Ek fûn er dat de film opmakke wie "út in griemmank fan eleminten dy't har net noflik minge litte." Yn it tydskrift Slate wie David Edelstein noch ûnmeilydsumer. Hy skreau: "It rint derom oft it de minste film is dy't ea makke is, mar it is beslist ien fan 'e meast kranksinnige."

Ek it optreden fan Chris Tucker yn 'e rol fan 'e ferweakke radio-discjockey Ruby Rhod jage de kritisy twa ferskillende kanten út. Yn 'e Los Angeles Times en it tydskrift Time waard er priizge foar syn aktearjen, wêrby't Time him sels oantsjutte as "it skandalichste special effect fan 'e hiele simmer." Mar Josh Winning fan Total Film wiisde Tucker syn optreden oan as it djiptepunt fan 'e film en naam it op as nûmer 20 yn syn list fan "50 optredens dy't films ferrinnewearre hawwe".

 
In fleanende plysje-auto fan it New York Police Department út The Fifth Element.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Fifth Element in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 65 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskreau de film as "fisueel ynventyf en op fleurige wize oerdreaun", om dêroan ta te heakjen: "The Fifth Element fan Luc Besson is in fantastysk stik pop-science fiction dat himsels nea al te serieus nimt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Fifth Element in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 22 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Fifth Element brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $263,9 miljoen op. Dêrmei wie de opbringst hast it trijefâldige fan it budget fan $90 miljoen. De bruto winst bedroech fan $173,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moasten. Fan 'e opbringst waard 24% yn 'e Feriene Steaten binnenhelle, en 76% yn alle oare lannen en territoaria. The Fifth Element wie de op acht nei meast opbringende film fan 1997. Yn Dútslân wûn de film de Goldene Leinwand, in sertifikaat dat takend wurdt oan films wêrfan't yn 'e bioskoop mear as 3 miljoen kaartsjes ferkocht binne. The Fifth Element wie de djoerste Jeropeeske film ea makke, mar ek de meast opbringende Frânske film aller tiden. Dat lêste rekôr behold de film oant yn 2011 Intouchables útkaam.

Prizen bewurkje seksje

The Fifth Element wûn op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fan 1997 de Grutte Priis foar Technyk foar de kamerarezjy fan Thierry Arbogast. De film wûn dat jiers ek de BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis, yn 'e kategory bêste special effects (Mark Mangini). Foar de Césars du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis, waard The Fifth Element nominearre yn acht kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste orizjinele filmmuzyk (Éric Serra), bêste filmmontaazje (Sylvie Landra), bêste lûd (Daniel Brisseau) en bêste kostúmûntwerp (Jean-Paul Gaultier). De film wûn trije Césars: foar bêste rezjy (Luc Besson), bêste kamerarezjy (Arbogast) en bêste produksje-ûntwerp (Dan Weil).

By de Oscars waard The Fifth Element yn 1998 nominearre foar de priis foar bêste lûdsmontaazje (Mangini). Oare nominaasjes foar de film wiene: de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje, de Satellite Award foar bêste special effects, de Saturn Awards foar bêste science fiction-film, bêste byrol fan in aktrise (Milla Jovovich), bêste special effects en bêste kostúms, en de MTV Movie Award foar bêste gejocht (tusken Leeloo en de Mangaloaren).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.