The High King's Tomb

The High King's Tomb is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De titel betsjut: "De Tombe fan 'e Hege Kening". It boek fertelt it ferhaal fan 'e keapmansdochter Karigan G'ladheon, dy't tsjin wil en tank ien fan 'e saneamde Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia, en almar djipper behelle rekket yn 'e striid tsjin 'e kwea-aardige tsjoender Mornhavon de Swarte en dy syn trewanten. The High King's Tomb is it trêde diel fan 'e Green Rider-searje, en folget as sadanich op 'e romans Green Rider en First Rider's Call. The High King's Tomb waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola.

The High King's Tomb
algemiene gegevens
auteur Kristen Britain
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Green Rider-searje
● foarich diel First Rider's Call
● folgjend diel Blackveil
kodearring
ISBN 978-0 75 64 04 895

Ynhâld bewurkje seksje

The High King's Tomb iepenet in fearnsjier nei de foarfallen yn it foargeande diel fan 'e searje, First Rider's Call. Keapmansdochter Karigan G'ladheon wie tsjin wil en tank ien fan 'e saneamde Griene Ruters wurden, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia. Oan 'e ein fan First Rider's Call wist hja de kwea-aardige tsjoender Mornhavon de Swarte, dy't út 'e dea opstien wie, nei de takomst te ferbaljen, sadat Sacoridia de tiid hawwe soe om him op 'e ûntsjinkearbere striid mei de tsjoender ta te rieden. Dêrta is it fan it heechste belang dat de bres yn 'e D'yer-muorre tichte wurdt. Dat is de ôffreding dy't Sacoridia skiedet fan in skiereilân dêr't it wâld Swartwale groeit. Op dat plak lei ienris it wûndermoaie Eletyske keninkryk Argenthyne, mar nei't Mornhavon de Swarte dat ferovere hie, makke er it ta syn eigen útfalsbasis en korrumpearre er dêr alles. Tûzen jier lyn, oan de ein fan de Lange Oarloch dêr't Mornhavon yn ferslein waard, bouden de Sacoridianen ûnder tafersjoch fan 'e yn 'e boukeunst ûnderleine Clan D'yer in lange muorre fan kust nei kust om it kwea fan Swartwale bûten te sluten.

Dat diene se lykwols foar in grut part mei magy, en de kennis dêrfan is yn 'e ôfrûne tûzen jier hast hielendal ferlern gien, net yn it lêste plak om't magy nei de Lange Oarloch as de woartel fan alle kwea sjoen waard en men besocht om it mei ierde en oer út te rûgjen. Sadwaande hat Alton D'yer, ealman, Griene Ruter en neikommeling fan 'e bouwers fan 'e muorre, it ôfrûne fearnsjier gjin foarútgong boekt yn syn besykjen om 'e muorre te reparearjen. As Merdigen, de projeksje fan in oerâlde tsjoender dy't as tafersjochhâlder yn 'e Toer fan 'e Himels yn 'e D'yer-muorre tahâldt, gewach makket fan in boek dêr't de bou fan 'e muorre yn beskreaun is, begjint der in lanlike syktocht nei dat Boek fan Theanduris Sulverhout. Wat de Sacoridianen net witte, is dat Beppe, de lieder fan Twadde Ryk, in geheime ûndergrûnske organisaasje fan ôfstammelingen fan 'e oanhingers fan Mornhavon de Swarte, dat boek ek op it spoar is. Mei har eigen tsjoenderij is it foar har boppedat folle makliker om it te finen. Se hat lykwols ien probleem: Theanduris Sulverhout wie sels ek in tsjoender, en hat derfoar soarge dat syn kennis net troch Jan en alleman bemachtige wurde kin. Syn boek blykt inkeld lêzen wurde te kinnen by it ljocht fan 'e tombe fan 'e hege kening.

Underwilens wurdt Karigan op 'en paad stjoerd mei in stikmannich opdrachten. Yn it foarste plak moat se nei de universiteit fan Selium ta om te freegjen oft it Boek fan Theanduris Sulverhout dêr yn 'e universiteitsbibleteken ek te finen is. Fierders moat se by Damian Frost, de hynstefokker by wa't de Griene Ruters tradisjoneel harren nuveraardich yntelliginte hynders keapje, om mear hynders freegje, no't foar it earst yn jierren it tal Griene Ruters dat roppen wurdt, wer tanimt. In trêde opdracht is om in brief fan kening Zachary oan Timas Mirwell, de hear-gûverneur fan 'e provinsje Mirwell, te besoargjen, mar dat is inkeld in ferlechje foar har om te sjen oft se kontakt opnimme kin mei Beryl Spencer, in Griene Ruter dy't as spionne yn Mirwell syn hofhâlding pleatst is, en fan wa't al lange tiid neat mear fernommen is. Dêropta kriget Karigan it tafersjoch op 'e jonge Fergal Duff, in nije Griene Ruter foar wa't dit de earste misje wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Karigan is bliid om it Keninklik Hof yn Sacor-Stêd efter har te litten. Har ferealens op kening Zachary is der nammentlik net minder op wurden, en hoewol't de kening deselde gefoelens foar har koesteret, is harren leafde ta mislearjen doemd fanwegen it stânsferskil. No't der risselwaasjes makke wurde foar it houlik fan 'e kening mei frouwe Estora, mei wa't Karigan ek nochris befreone rekke is, is it foar har oan it hof al te pynlik. Yn Selium moetet Karigan âlde freonen, wêrûnder har skoalkammeraatske Estral Andovian, en Mel, de oannommen dochter fan Laren Mapstone, de kaptein fan 'e Griene Ruters, dy't oan 'e universiteit studearret. It Boek fan Theanduris Sulverhout is yn Selium lykwols net te besetten. Op 'e flakten by de pleats fan Damian Frost hat Karigan in boppenatuerlike moeting mei de beskermhear fan 'e hynstekeppels: nimmen oars as Salvistar, it ryddier fan Westrion, de Sacoridiaanske god fan 'e dea. Neitiid ferskynt Salvistar oanhâldend en op it ferfeelsume ôf yn har dreamen. Karigan wol dat er har gewurde lit, mar it godlike hynder hat oare ideeën.

Yn Sacor-Stêd is ûnderwilens in masterdief en -ynbrekker aktyf, dy't beskûl giet ûnder de namme fan 'it Ravensmasker'. Yn wurklikheid is dat nimmen minder as Xandis Pierce Amberhill III, in fiere neef fan kening Zachary dy't alhiel ferearmoede rekke is trochdat syn heit it famyljefortún dertroch brocht hat mei gokken en drinken. Hy besiket no in nij fortún byinoar te stellen om sa syn fertutearze lângoed te rêden. As er frege wurdt om foar grou jild mei te wurkjen oan in 'earûntfiering' byt er daliks ta, ek al riedt syn snoade âldere tsjinstfeint Morry it him ôf. Earûntfierings wiene yn earder tiid mank de adel fan Sacoridia skearing en ynslach, mar komme no eins net mear foar. It binne eins gizelings, wêrby't de iene ealman in famyljelid fan syn rivaal finzen hâldt oant dy foldocht oan 'e stelde easken. De naïve Amberhill, dy't mar mient dat eltsenien itselde eargefoel as hy hat, ferplichtet him no om te helpen by de earûntfiering fan frouwe Estora, de oansteande breid fan kening Zachary.

Nei't Amberhill, himsels foardwaand as freon, it fermidden fan fertroulingen fan frouwe Estora binnenkrongen is, beävensearret er dat de earûntfiering plakfine sil as de frouwe út te hynsteriden is. Om't er sels meiriidt, moat Morry dêrby de rol fan it Ravensmasker spylje, dy't, bystien troch in stikmannich trewanten fan 'e opdrachtjouwer, de earûntfiering útfiere sil. It ferrint lykwols oars as dat Amberhill yn gedachten hat: trochdat syn eigen hynst op 'e doele brocht wurdt troch de willige merje fan ien fan Estora har susters, rekket er syn plak foaroan yn 'e staasje kwyt, wêrnei't de earûntfiering plakfynt yn in tichte mist dy't blykber it (magyske) wurk is fan 'e opdrachtjouwer. De geweldleaze ûntfiering dy't Amberhill foar eagen stie, rint út op in bloedbad as de trewanten fan syn opdrachtjouwer mei krúsbôgen om har hinne begjinne te sjitten op 'e liifwachten fan frouwe Estora, wêrfan't ferskaten de dea fine. As er syn ryddier einlik wer ûnder behearsking brocht hat, treft Amberhill op it plak fan 'e ûntfiering Morry oan, dy't mei in krúsbôgebout yn 'e rêch sketten is. Amberhill is troch alles hinne lulk en swart wraak. Nei't er it stoflik omskot fan syn feint yn 'e no fluch oplûkende mist op in sideplak brocht hat, set er daliks de efterfolging yn om frouwe Estora te befrijen en mei de moardners fan syn tsjinstfeint (en freon) ôf te weven.

As Karigan yn Mirwell oankomt, wurdt har dêr al rillegau dúdlik dat Beryl Spencer as spionne troch de koer sakke is en earne finzen holden wurdt. Timas Mirwell, de hear-gûverneur fan 'e provinsje Mirwell en in âlde kwelgeast út Karigan har studintetiid oan 'e Universiteit fan Selium, lit har troch in tuskenpersoan in koart bryfke takomme wêryn't er skriuwt dat se wat sjen sil dêr't se mooglik belang by hat as se by moarnsdage op 'e fjouwersprong fan Teligmar is. Karigan, dy't in mûklaach ferwachtet, rydt dêr dyselde jûns noch hinne en bringt tegearre mei Fergal Duff ferskûle efter in pear rotsblokken de nacht troch. Tsjin 'e moarnsdage arrivearje der op 'e fjouwersprong in stikmannich ruters, fan wa't Karigan ien weromken as frouwe Estora, dy't dúdlik in finzene is. As hja ûnder bewekking fan ien man efterbliuwt wylst de oaren in ein foarútride, begrypt Karigan dat dit har kâns is, en tegearre mei Fergal deadet se de bewekker en befrijt se Estora. Neitiid ferskûlje se har yn in grot, en it is Karigan har bedoeling om dêr te bliuwen oant it wer tsjuster wurdt en dan by nacht út te piken. Mar de oerbleaune ûntfierders, dy't by de fjouwersprong har meistanners met hawwe en fersterking krigen hawwe út 'e Teligmarheuvels, sykje mei man en macht de omkriten fan 'e fjouwersprong ôf. As se te deunby de grot komme, betinkt Karigan in oar plan. Se klaait har as Estora en jout de frouwe har Griene Ruter-unifoarm. Dan riidt se op Estora har hynder fuort om 'e sikers mei te lokjen. As de kust feilich is, naaie Fergal en de echte frouwe Estora út yn 'e oare rjochting.

Karigan hie tocht dat se wol oan har efterfolgers ûntkomme kinne soe, mar dêrby hat se in tinkflater makke, want se is te wend rekke oan har eigen bûtengewoane hynder Condor. Op 'e wurge merje fan frouwe Estora slagget it har net om in grutternôge foarsprong op te bouwen en wurdt se úteinlik ynhelle en finzen nommen. De dieders blike leden fan Twadde Ryk te wêzen, dy't Karigan meinimme nei harren geheime basis yn 'e Teligmarheuvels. Stille tsjûge fan dit alles is Amberhill, dy't krekt te let komt om Karigan te rêden. Hoewol't er wol foar it ferstân hat dat sy Estora net is, folget er har en de lju dy't har finzen nommen hawwe by de heuvels op. Hy lit it huodsje fan frouwe Estora, dat er fynt by it plak dêr't Karigan finzen nommen is, efter oan in tûke fan in beam boppe de wei nei de heuvels, ta teken foar de efterfolgers dy't de kening sûnder mis útstjoerd hat.

Yn it kamp yn 'e heuvels treft Karigan net inkeld Beppe oan, de tsjoenster dy't oan it haad stiet fan Twadde Ryk, mar ek de finzene Beryl Spencer en kaptein Immerez, in ferrieder dy't in pear jier earder belutsen wie by de opstân fan 'e âlde hear-gûverneur fan Mirwell, en dy't Karigan doe in hân ôfhoud hat (sjoch: Green Rider). Immerez, dy't doe oan gerjochtichheid ûntkomd wie, hat him letter by Twadde Ryk oansletten, en is no ien fan 'e wichtichtste militêre lieders fan 'e ûndergrûnske organisaasje. Nettsjinsteande de ûntsnapping fan frouwe Estora is er wiis mei de finzennimming fan Karigan, dy't noch wat fan him tegoede hat. De earste oeren is er besteld mei it opbrekken fan it kamp dat Beppe beoarderet, mar as de nacht falt, risselwearret er om Karigan in hân ôf te slaan. Dat wurdt foarkomd troch Amberhill, dy't ûnderwilens it leechrinnende kamp binnenkrongen is en de man dy't Karigan har hân fêsthâldt, deadet mei in smiten mês. As er dêrnei útnaait, komt er op in stuit foar de man oer te stean dy't Morry ombrocht hat, en kin er wraak nimme.

Fuort dêrnei kringe swartklaaide 'Wapens' (leden fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden, de liifgarde fan 'e kening) it kamp binnen en meitsje koarte metten mei eltse wjerstân dy't se oantreffe. Karigan en Beryl Spencer wurde befrijd en Immerez wurdt finzen nommen. Dan komt oan it ljocht dat de ûntfiering fan frouwe Estora mar in ôfliedingsmaneuver wie, want om it Boek fan Theanduris Sulverhout lêze te kinnen, dat ommers inkeld by it ljocht fan 'e tombe fan 'e hege kening kin, moatte leden fan Twadde Ryk de Keninklike Tomben ûnder it Keninklik Kastiel yn Sacor-Stêd binnenkringe, dy't bewekke wurde troch Oarder fan 'e Swartskylden. De bedoeling fan 'e ûntfiering fan frouwe Estora wie dat de kening syn eigen liifwachten efter de ûntfierders oanstjoere soe, wat him twinge soe om 'e tombewachters omheech te heljen nei it kastiel om syn liifwachten te ferfangen, mei as gefolch dat de tomben frijwol ûnbewekke efterbleaune. En dat is krekt wat bard is, en nimmen kin de kening warskôgje, want Sacor-Stêd is fierstente fier fuort.

Dan ferskynt de godlike hynst Salvistar oan Karigan, net yn in dream, mar yn it echt, en liedt har yn in pear oeren tiid oer boppenatuerlike paden fan 'e Seligmarheuvels nei Sacor-Stêd. Dêr oankommen, weeft se yn 'e mande mei Brienne Quinn en in hantsjefol oare tombewachters ôf mei de ynkringers en bemachtiget se it Boek fan Theanduris Sulverhout, dat yndie inkeld by it ljocht fan 'e takomstige grêftombe fan kening Zachary lêzen wurde kin. Neitiid stelt de oersetting fan dat boek Alton D'yer by steat om einlings en te'n lêsten foarútgong te boeken by de reparaasje fan 'e D'yer-muorre. Underwilens is Beppe arrivearre by dy muorre, dêr't se mei in stikmannich trewanten troch de bresse glûpt nei Swartwale ta. Amberhill wit syn belutsenens by de ûntfiering geheim te hâlden, en set daliks nei syn weromkear yn Sacor-Stêd ôf nei syn lângoed om Morry te begraven. Kaptein Immerez ferdwynt yn 'e tsjerkers fan it Keninklik Kastiel, en Timas Mirwell, de jonge hear-gûverneur fan 'e provinsje Mirwell, dy't ek by Twadde Ryk belutsen wie, ûntrint syn straf omreden fan it bryfke dat er Karigan takomme litten hat, dat har by steat stelde om frouwe Estora te befrijen. Wylst de winter ynfalt, wurdt Karigan foar har útsûnderlike tsjinsten, en as earste ynwenner fan Sacoridia yn twahûndert jier, ta ridder slein.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
de Green Rider-searje
Green Rider • First Rider's Call • The High King's Tomb • Blackveil • Mirror Sight • Firebrand