The Hobbit: An Unexpected Journey

The Hobbit: An Unexpected Journey is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2012 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Martin Freeman, sir Ian McKellen en Richard Armitage. De film is basearre op it foarste part fan 'e roman The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken by syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe. De titel betsjut "De Hobbit: In Unferwachte Reis". It is it earste diel fan 'e filmtrilogy The Hobbit, dy't in prequel foarmet fan Jackson syn eardere filmtrilogy The Lord of the Rings. It ferhaal folget de aventoeren fan 'e hobbit Bilbo Baggins, dy't ûnferwachts troch de tsjoender Gandalf behelle wurdt yn 'e kweeste fan in trettjintal dwergen û.l.f. Thorin Ikeskyld om it âlde dwerchske keninkryk fan 'e Ienlike Berch te befrijen fan 'e draak Smaug. The Hobbit: An Unexpected Journey krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film wûn ien Oscar en waard nominearre foar noch trije oaren. It ferfolch, The Hobbit: The Desolation of Smaug, kaam út yn 2013.

The Hobbit:
An Unexpected Journey
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Peter Jackson
produsint Carolynne Cunningham
Zane Weiner
Fran Walsh
Peter Jackson
senario Fran Walsh
Philippa Boyens
Peter Jackson
Guillermo del Toro
basearre op The Hobbit fan J.R.R. Tolkien
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk Howard Shore
filmstudio New Line Cinema
Metro-Goldwyn-Mayer
WingNut Films
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Martin Freeman
Ian McKellen
Richard Armitage
voice-over Ian Holm
byrollen Ken Stott
Hugo Weaving
Cate Blanchett
Christopher Lee
Manu Bennett
Andy Serkis
skaaimerken
lân/lannen Nij-Seelân
Feriene Steaten
premiêre 28 novimber 2012
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk (ek wat Quenya)
spyltiid 169 minuten
budget en resultaten
budget $200-315 miljoen
opbringst $1.021 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Annie Award
2 × Empire Award
1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje The Hobbit
● folgjend diel The Hobbit: The
   Desolation of Smaug

Plot bewurkje seksje

Prolooch bewurkje seksje

As syn 111de jierdei neieroan komt, begjint Bilbo Baggins, in hobbit op jierren út Hobbitum yn it Goa, foar syn omkesizzer Frodo einlings en te'n lêsten de wiere tadracht op te tekenjen fan syn grutte aventoer fan mear as sechstich jier lyn. It ferhaal begûn iuwen earder, doe't it regear fan kening Thrór oer Erebor, de Ienlike Berch, yn it útstrutsen Rhovanion (it Wyldlân) in perioade fan nea earder foarkommen wolfeart ynlette. De Ienlike Berch wie it lêste fan 'e grutte riken fan 'e dwergen yn Midierde, en Thrór wie de Kening ûnder de Berch, ûnder waans lieding nije goudieren ûntdutsen en ealstiennen opdold waarden. Troch hannel groeide it minsklike keninkryk Dol, besteande út in stêdsteat dy't foar de poarten fan 'e Ienlike Berch ûntstie, út ta grutte rykdom en in krúspunt fan 'e wrâld. Mar de kening fan Dol brocht hulde oan Thrór en dat die ek Thranduil, de kening fan 'e elven fan it Noardlik Brimsterwâld.

Op in stuit waard yn 'e minen ûnder de Ienlike Berch lykwols in reuseftige ealstien opdold, de Erkenstien, dy't de dwergen it 'Hert fan 'e Berch' neamden. Thrór beskôge dat as it bewiis dat er mei godlike folmacht regearre. Mar neitiid waard syn hert fertsjustere troch in syklike gjirrigens dy't erchtinkendheid en paranoia feroarsake tsjin frijwol eltsenien. Neffens Bilbo wie dat it wat Smaug oanloek, in fleanende, fjoerspijende draak út it Noarder Unlân, mei't draken deselde gefoelens foar harren skatten koesterje. Persiis 248 jier lyn arrivearre Smaug by de Ienlike Berch, dêr't er de stêd Dol ferwoastge en in grut diel fan 'e bewenners deade. De oerlibbenen sloegen op 'e flecht en stiften letter Esgaroth-oan-de-Langmar. Mar it wie Smaug hielendal net om Dol te dwaan. Hy kaam foar de Ienlike Berch, dêr't er de poarten iepenbriek en nei binnen krong en talleaze dwergen ombrocht en harren skatten stiel, de Erkenstien ynbegrepen.

De dwergen fan 'e Ienlike Berch, ynsafier't se de oanfal fan Smaug oerlibben, moasten harren keninkryk ûntflechtsje, wêrby't prins Thorin syn alhiel tebûke pake Thrór fuortlate. Op harren flecht seach Thorin op in hichte kening Thranduil en syn elven tasjen, mar op syn kriten om help kearde Thranduil him ôf en gie syn leger foar nei hûs. Thorin soe dat ferrie nea ferjitte en waard neitiid fertarre troch in haat foar alle elven. De dwergen fan Erebor rekken fersille oer de lannen, mar tweintich jier letter sammele Thrór mank harren in leger om it oerâlde, ferlern giene dwergekeninkryk Moarje yn 'e Diisbergen wer yn te nimmen. It die lykwols bliken dat Moarje beset wie fan 'e oarken, de boasaardige aartsfijannen fan 'e dwergen. Foar de poarten fan Moarje fochten de dwergen in grutte fjildslach út tsjin 'e oarken, wêrby't de oarken harren lykwols oermânsk waarden en harren oanfierder Azog de Besmoarger kening Thrór de holle ôfsloech. De moed ûntsonk de dwergen en alles liek ferlern oant Thorin Azog de earm ôfsloech en sa it tij kearde. De dwergen wisten de slach te winnen, mar se hiene safolle deaden te betreurjen, dat se neitiid nea wer de sterkte hiene om in eigen ryk te bemachtigjen.

In Unferwachte Reis bewurkje seksje

As de ferdriuwing fan 'e dwergen út 'e Ienlike Berch 171 jier lyn is, bejout de snoade tsjoender Gandalf de Grize him nei it Goa, it lân fan 'e hobbits, mei yn syn sok trettjin dwergen: Thorin, dy't sûnt er him mei in iketûke tsjin Azog ferdigene de bynamme Ikeskyld hat, en fierders Balin, Dwalin, Fíli, Kíli, Dori, Nori, Ori, Óin, Glóin, Bifur, Bofur en Bombur. Gandalf en de dwergen hawwe in domdryst plan betocht om 'e Ienlike Berch te weroverjen. Want hoewol't Smaug de poarten fersegele hat, wit Gandalf fan it bestean fan in ferburgen sydpoarte, wêrfan't er de kaai en in plattegrûn krigen hat fan Thráin II, de heit fan Thorin. It doel fan syn besyk oan it Goa is om 'e fyftichjierrige Bilbo Baggins te rekrutearjen as ynbrekker, dy't de Erkenstien fan Smaug stelle moat. Mei't de hearskers oer de oare dwergeriken trou swart hawwe oan 'e besitter fan 'e Erkenstien, sil soks Thorin by steat stelle om 'e legers fan 'e dwergen gear te bringen om Smaug te ferslaan.

Bilbo liket dat it earst wol nei fleanen, mar úteinlik lit er him beprate en jout er him by it selskip. Hja sette dat út nei it easten ta oer de Grutte Eastwei. De earste dagen geane sûnder folle bysûnders foarby, mar as se de rivier de Hoarwelle oerstutsen binne, wurde Bilbo en de dwergen op in nacht finzennommen troch trije trollen, dy't harren opite wolle. De slûchslimme Bilbo besiket tiid te winnen, ek al wurkje de dwergen him dêrby earst tsjin. As de dage oan 'e loft komt, stelt Gandalf de trollen bleat oan sinneljocht, mei as gefolch dat se yn stien feroarje. Yn 'e grot fan 'e trollen treffe de leden fan it selskip in goudskat en twa elfske swurden oan: Orcrist, dy't Gandalf oan Thorin jout, en Glamdring, dy't er foar himsels hâldt. In elfske dagge jout er oan Bilbo, foar wa't it in swurd allyk is.

Fuort neitiid wurde de leden fan it selskip fûn troch Radagast de Brune, in oare tsjoender, dy't Gandalf warskôget dat it âlde bolwurk Dol Guldur, yn it súdlike Brimsterwâld, wer it sintrum fan it kwea wurden is. Hy hat dêr ûndersyk dien, en is oanfallen troch in nekromantikus, in tsjoender dy't de deaden opwekje kin en dy't it Brimsterwâld korrumpearret mei swarte magy. As it selskip koarte tiid letter oerfallen wurdt troch oarken dy't op reuseftige wearwolven ride, liedt Radagast dy by harren wei. Underwilens ûntkomme Gandalf, Bilbo en de dwergen oer de flakte oant se besingele reitsje. Krekt op 'e tiid fine se lykwols in geheime yngong ta Rivendell, it Lêste Hieme Hûs beëasten de see dêr't Elrond de Healelf regearret.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Elrond bringt in geheime ynskripsje op 'e plattegrûn fan Thorin oan it ljocht, dy't inkeld te lêzen is by it ljocht fan 'e moanne, en ynformaasje jout oer de lokaasje fan 'e ferburgen sydpoarte fan 'e Ienlike Berch. Dêr stiet ek by dat it kaaisgat fan 'e sydpoarte inkeld te finen wêze sil trochdat it "beskynd wurdt troch it lêste ljocht fan 'e Dei fan Dúrin". Gandalf oerleit letter efter sletten doarren mei de Wite Ried, besteande út Elrond, Galadriel, de keninginne fan 'e elfen fan Lothlórien, en Saruman de Wite, de lieder fan 'e oarder fan tsjoenders. Gandalf leit harren it wapen foar dêr't Radagast yn Dol Guldur mei oanfallen is, dat de oaren weromkenne as it swurd fan 'e heksekening fan Angmar, waans grêftombe hermetysk ôfsletten heart te wêzen. Gandalf is fan betinken dat dit derop wiist dat de nekromantikus fan Dol Guldur te krijen hat mei Sauron, in manifestaasje fan it uterste kwea dy't 2.941 jier lyn troch elven en minsken ferslein is en foargoed wei waand waard. Saruman leaut dêr neat fan en wol it near lizze op 'e kweeste fan Gandalf en de dwergen nei de Ienlike Berch, mar Gandalf, dy't dat foarseach, hat de dwergen en Bildo sûnder him al fierder op 'en paad stjoerd.

De dwergen en Bildo tsjogge de Diisbergen yn, dy't se oerstekke moatte om Rhovanion te berikken. Heech yn 'e bergen reitsje se suver dea as se by swierwaar yn in gefjocht tusken in stikmannich stienreuzen fersyld reitsje. Bilbo falt op in hier nei tepletter yn in ravyn en moat rêden wurde troch Thorin. Dyselde foeteret him neitiid út en freget wêrom't er eins meikommen is as er net foar himsels soargje kin. It selskip siket beskûl yn in grot, dêr't Bilbo midden yn 'e nacht beslút om stilwei út te piken en werom te gean nei Hobbitum. Ear't er dat dwaan kin, klapt de flier fan 'e grot omleech. It blykt in fâle te wêzen, en it hiele selskip rûgelet yn 'e djipte, dêr't se finzennommen wurde troch de oarken. Dy hawwe yn 'e grotten fan 'e bergen in reuseftige stêd bout, regearre troch in reuseftige oark dy't de Grutte Eardske neamd wurdt.

It slagget Bilbo om oan 'e oarken te ûntkommen troch gjin snoadere aksje as gewoan stadich te rinnen. Hy besiket de oarken te folgjen dy't de dwergen meifiere, om syn reismaten te rêden, mar nei't er oanfallen wurdt troch in ienlike oark, rûgelje se tegearre yn in djippe kleau. In ûnbeskate tiid letter komt Bilbo op 'e boaiem fan 'e kleau wer by bewustwêzen. In walchlik en dúdlik sljochtsinnich wêzen dat himsels Gollum neamt, bringt de oark om en sleept dy mei nei syn nêst om him op te iten, sûnder him bewust te wêzen fan Bilbo syn oanwêzigens. Yn 'e wrakseling mei de ferwûne oark lit Gollum in gouden ring falle, dy't Bilbo letter opkriget en yn 'e bûse docht. As er Gollum folget, kriget dy him op in stuit yn 'e rekken. Bilbo hâldt him op in ôfstân mei syn dagge. Hy wol dat Gollum him nei de útgong fan 'e grimelgrammel fan grotten liedt, mar Gollum wol him leaver fersline. Uteinlik beslute se in riedspultsje te spyljen: as Bilbo wint, moat Gollum him de útgong sjen litte, mar as Gollum wint, mei er Bilbo opite.

Nei't se allebeide ferskate kearen goed ret hawwe, kin Bilbo mar min in nij riedsel betinke. As er de hannen yn 'e bûsen docht, en de ring fielt, freget er wat er yn syn bûsen hat. Hoewol't dat strikt nommen gjin riedsel is mar in fraach, akseptearret Gollum it as in riedsel troch nei it andert te rieden. Dat slagget net en Bilbo wint it spultsje. Foar't Gollum him nei de útgong liede kin, mist er ynienen de ring, syn "leafling", en beseft er wat Bilbo yn syn bûse hawwe moat. Hy ljept op Bilbo ôf, dy't it hazzepaad kiest. As er op in stuit stroffelet en falt, fljocht him de ring út 'e bûse en lânet persiis om syn finger. Gollum ferskynt in momint letter om 'e hoeke mar sjocht him net, wylst it sicht fan Bilbo nuveraardige griis en op in distânsje rekke is. Hy beseft dat de ring him ûnsichtber makket. Gollum hastiget him fierder, nei de útgong, om Bilbo te efterheljen, en Bilbo folget him. As er lykwols de kâns hat it ellindige wêzen te deadzjen, kiest er der út begrutsjen foar syn libben te sparjen. Hy springt oer Gollum hinne en ûntkomt nei bûten ta, wylst it wêzen it útskreaut fan haat en wanhoop.

Underwilens binne Thorin en de oare dwergen foar de Grutte Eardske brocht, dy't Thorin weromken en him fertelt dat de deawaande Azog, de oarkelieder dy't syn pake Thrór deade hat en dy't hysels in earm ôfslein hat, noch libbet. De Grutte Eardske is fan doel en leverje Thorin út oan Azog, mar ear't dat syn beslach krije kin, kringt Gandalf, dy't it spoar fan 'e dwergen folge hat, de grotten binnen en befrijt de dwergen. Fjirtjinresom fjochtsje se harrensels in paad nei bûten ta, wêrby't Gandalf de Grutte Eardske deadet. Bûtendoar jout Bilbo him wer by harren, mar de ring dy't er fûn hat, en it fermogen dat dy him jout, hâldt er foar himsels.

It selskip is by nacht oan 'e easkant fan 'e Diisbergen, yn Rhovanion, út 'e grotten kommen, mar dêre wurde se opwachte en efterfolge troch Azog mei in troep oarken op wearwolven. Om oan 'e wearwolven te ûntkommen, klimme Gandalf, de dwergen en Bilbo yn in stikmannich dinnebeammen, dêr't Gandalf in nachtflinter wat taflústeret en it bistke dan fuortstjoert. Om't de beammen op rotsige grûn by de râne fan in heech klif lâns groeie, binne se ûndjip bewoartele en kinne de wearwolven se omtriuwe. Uteinlik sit it hiele selskip yn ien inkele beam dy't prekêr útstiket oer de râne fan it klif. Thorin, dy't mient dat alles no ferlern is, klimt dêrwei nei ûnderen om Azog oan te fallen, mar wurdt delslein en rekket út 'e tiid. It is Bilbo dy't him te help komt en mei syn elfske dagge de oark deadet dy't fan Azog befel krigen hie om Thorin om te bringen. Gandalf stekt dinne-apels yn 'e brân dy't hy en de dwergen nei de wearwolven goaie om se werom te driuwen, mar dêrmei stekke se beam dêr't se har taflecht yn socht hawwe ek yn 'e brân.

As de ein nei-oan liket, ferskine ynienen de grutte earnen fan 'e Diisbergen, dy't troch de flinter warskôge binne. Hja meitsje koarte metten mei de wearwolven, en Azog en syn oarken wurde ta in weromtocht twongen. Gandalf, Bilbo en de dwergen wurde troch de grutte earnen oppakt en nei de feilichheid fan 'e Karrots ta brocht, in hege iensume rots oan 'e râne fan it Dimsterwâld. As Thorin nei fersoarging troch Gandalf wer bykomt, biedt dy syn ûntskuldigings oan Bilbo oan, mei't er sûnder yngripen fan 'e hobbit dea west hawwe soe. Fan 'e hichte fan 'e Karrots ôf sjocht it selskip yn 'e fierte yn it easten in inkele berch yn 'e flakte oprizen: de Ienlike Berch. Bilbo mient dat it minste part fan 'e reis no efter harren lizze moat. In klyster fljocht nei de Ienlike Berch, dêr't er in slak pakt wêrfan't er it húske stikken tikket tsjin 'e berch oan. Yn 'e berch steurt it oanhâldende tikjen de draak Smaug yn syn sliep, dy't in wrantelich each opslacht.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Martin Freeman.
 
Sir Ian McKellen.
 
Richard Armitage.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bilbo Baggins Martin Freeman
Gandalf de Grize sir Ian McKellen
Thorin Ikeskyld Richard Armitage


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Balin Ken Stott
Elrond fan Rivendell Hugo Weaving
Galadriel fan Lothlórien Cate Blanchett
Saruman de Wite Christopher Lee
Azog de Besmoarger Manu Bennett
Gollum Andy Serkis (allinne stim en motion capture)
de âlde Bilbo Baggins (ek ferteller prolooch) Ian Holm
Radagast de Brune Sylvester McCoy
Dwalin Graham McTavish
Kíli Aidan Turner
Fíli Dean O'Gorman
Dori Mark Hadlow
Nori Jed Brophy
Ori Adam Brown
Óin John Callen
Glóin Peter Hambleton
Bifur William Kircher
Bofur James Nesbitt
Bombur Stephen Hunter
Frodo Baggins Elijah Wood
de Grutte Eardske Barry Humphries (allinne stim)
Bolg, soan fan Azog Conan Stevens (allinne stim)
Yazneg, ûnderbefelhawwer fan Azog John Rawls (allinne stim)
Terry Notary (allinne motion capture)
Lindir Bret McKenzie
kening Thrór Jeffrey Thomas
Bert de trol Mark Hadlow (allinne stim)
William de trol Peter Hambleton (allinne stim)
Tom de trol William Kircher (allinne stim)
Fimbul Stephen Ure (allinne stim)
kening Thráin II Michael Mizrahi
de nekromantikus (Sauron) Benedict Cumberbatch (allinne motion capture)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Oarspronklik wie it de bedoeling dat de ferfilming fan 'e roman The Hobbit, fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien, út 1937, regissearre wurde soe troch Guillermo del Toro. Nei't it oare grutte wurk fan Tolkien, de trilogy The Lord of the Rings, tusken 2001 en 2003 ferfilme wie, kaam The Hobbit yn preproduksje. It wie doe noch de bedoeling dat it ferhaal yn twa films fetten wurde soe. Oanhâldende fertragings troch spul tusken filmprodusint Peter Jackson en studio New Line Cinema en in rjochtsaak tsjin New Line troch de erven Tolkien oer de útbetelling fan harren oandiel yn 'e winst yn 'e Lord of the Rings-filmtrilogy soarge der úteinlik lykwols foar dat Del Toro yn 2010 opstapte om't it him te lang duorre.

Neitiid waard besletten dat Peter Jackson, dy't ek de Lord of the Rings-films regissearre hie, de regisseur wurde soe. Dyselde besleat om it ferhaal fan The Hobbit net yn twa films te fangen, mar út te smaren oer trije dielen. Foar The Hobbit: An Unexpected Journey wurke Jackson op basis fan in senario dat skreaun wie troch Fran Walsh, Philippa Boyens, Guillermo del Toro en himsels. Hy wie ek as filmprodusint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Carolynne Cunningham, Zane Weiner en Fran Walsh. Hja wurken yn opdracht fan 'e studio's New Line Cinema, Metro-Goldwyn-Mayer en WingNut Films. De film wie in Nijseelânsk-Amerikaanske ko-produksje, dêr't in budget fan nei skatting $200 oant 315 miljoen foar útlutsen waard.

De kamerarezjy waard dien troch Andrew Lesnie, de filmmontaazje wie yn 'e hannen fan Jabez Olssen en de filmmuzyk waard komponearre en dirigearre troch Howard Shore en útfierd troch it Londensk Filharmoanysk Orkest. De films fan 'e Hobbit-trilogy waarden oanslutend opinoar filme, krekt sa't Jackson dat tsien jier earder ek dien hie mei de Lord of the Rings-films. De opnamen begûnen op 21 maart 2011 op lokaasje yn Nij-Seelân en einigen nei 266 filmdagen op 6 july 2012. De binnendoarsênes waarden fierhinne opnommen yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Jackson hie de film op 26 novimber 2012 ôf, twa dagen foar de premiêre. Hy sei yn 2015 yn in fraachpetear mei de Britske krante The Guardian dat er troch it hommels opstappen fan Del Toro te min tiid hân hie om tariedings te meitsjen, sadat er oan 'e opnamen fan The Hobbit: An Unexpected Journey begûn wie foar't it senario ôf wie en sûnder dat der storyboards makke wiene.

 
Grutskalige reklame by it Embassy Theatre yn Wellington ta gelegenheid fan 'e premiêre fan The Hobbit: An Unexpected Journey.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Hobbit: An Unexpected Journey waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 28 novimber 2012 (yn in edysje mei in spyldoer fan 169 minuten) yn premiêre yn 'e Nijseelânske haadstêd Wellington. Dêrnei iepene er op 12 desimber fan dat jier yn 'e bioskopen Nij-Seelân, op 13 desimber yn dy yn 'e measte Jeropeeske lannen en op 14 desimber yn dy yn 'e Feriene Steaten en Kanada. The Hobbit: An Unexpected Journey waard op 19 maart 2013 útbrocht op dvd en blu-ray yn 'e foarm fan in director's cut mei 13 minuten ekstra spyldoer en likernôch 9 oeren oan bonusmateriaal. Dy ferzje fan 'e film waard op 5 oktober 2015 nochris yn in beheind tal bioskopen yn ferskillende lannen útbrocht.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige The Hobbit: An Unexpected Journey mingde resinsjes. De fisuele styl, special effects, soundtrack en cast fan 'e film waarden oer it algemien priizge. De diskusje spitste him foar it meastepart ta op 'e lange spyldoer, dêr't de measte resinsinten frijwat krityk op hiene, en op 'e ferliking mei de foargeande Lord of the Rings-filmtrilogy. Ek it technyske beslút fan Jackson-en-dy om 'e film út te bringen mei in frame rate fan 48 frames de sekonde (ynstee fan it normale frame rate fan 24 frames de sekonde) loek in protte krityk.

Neffens Peter Travers, dy't skreau foar it Amerikaanske tydskrift Rolling Stone, soarge it hege frame rate kombinearre mei 3D-effekten derfoar dat "de film der sa hyperreälistysk útsjocht dat je alles sjogge dat der nep oan is." Hy skreau ek: "De 169 minuten spyldoer dogge sear, mei't de earste 45 minuten fan 'e film ús finzen sette yn 'e hobbithoale fan 'e jonge Bilbo Baggins. […] As Bilbo en de dwergen ienris op 'en paad slagje […], betteret it spul oansjenlik op. Trollen, oarken, wolven en bercheftige meunsters makke fan nuveraardich bûchsume stien bringe it bêste boppe yn Jackson en de oare Rings-senarioskriuwers Fran Walsh en Philippa Boyens."

Robbie Collin fan The Daily Telegraph moast net folle fan The Hobbit: An Unexpected Journey hawwe. Hy skreau: "As in leafhawwer fan films haw ik my deaferfeeld by de film fan Jackson; as in leafhawwer fan Tolkien briek de film myn hert." Hy fûn dat de film "sa foltroppe [wie] mei bykommende flauwekul en poppekasterij dat it faak mar amper oanfielt as Tolkien […]." Hy parte The Hobbit: An Unexpected Journey dêrom mar 2 fan 5 stjerren ta, en skreau: "De himel sij tank foar Andy Serkis, waans riedselsprekkende weromkear as Gollum de hiele film stelt. It is de iennichste kear dat de digitale effekten en glêdere bylden it mytyske drama fan Bilbo syn aventoer ûnderstreekje ynstee fan ûndermynje."

 
In Boeing-777 fan loftfeartmaatskippij Air New Zealand mei reklame foar The Hobbit: An Unexpected Journey op 'e romp skildere. Air New Zealand profilearre himsels as "The Airline of Middle-earth" ("De Loftfeartmaatskippij fan Midierde").

Yn The Guardian wie Peter Bradshaw it dêr net mei iens. Hy fûn de film wol moai, al hie ek hy krityk op it hegere frame rate. Mar hy skreau: "Nei 170 minuten hie ik wol it gefoel dat ik mear as genôch fan it goeie hân hie." Matthew Leyland fan Total Film wie lykwols withoe entûsjast oer de film, dy't er 5 fan 5 stjerren joech. Hy omskreau The Hobbit: An Unexpected Journey as "sjarmant, spektakulêr, technysk riskant […] koartsein, alles wat je ferwachtsje soene fan in film fan Peter Jackson." Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy dat "Jackson-en-dy in genot foar in purist kreëarre [hawwe]." Dêr heakke er oan ta: "Hoewol't der eleminten yn dizze film sitte dy't like spektakulêr binne as in grut part fan 'e Rings-trilogy wie, is der ek in protte dat mis en saai is, yn 't bysûnder yn it begjin."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Hobbit: An Unexpected Journey in ridlik goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 304 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De weromkear fan Peter Jackson nei Midierde is in oprjochte, fisueel wielderige trip, mar it stadige tempo fan 'e film berôvet it materiaal fan in diel fan syn majesteit." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Hobbit: An Unexpected Journey in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 40 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Hobbit: An Unexpected Journey brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $303 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $718,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op goed $1.021 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 oant 315 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $706 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. The Hobbit: An Unexpected Journey wie de fyftjinde film ea dy't mear as $1 miljard yn it laadsje brocht, en it wie de op trije nei meast opbringende film fan 2012, nei de superheldefilm The Avengers, de James Bond-film Skyfall, en in oare superheldefilm, The Dark Knight Rises.

Prizen bewurkje seksje

By de Oscars waard The Hobbit: An Unexpected Journey yn 2013 nominearre foar fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste fisuele effekten, bêste fisazjy en hierstilearring en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de wittenskiplike en boukundige priis fan 'e Oscars. De film wûn fierders ien Annie Award, foar bêste animaasje fan personaazjes yn in live action-produksje, twa Empire Awards, foar bêste science fiction- of fantasyfilm en foar bêste akteur (Martin Freeman), in Saturn Award foar bêste produksje-ûntwerp (Dan Hennah) en in MTV Movie Award foar bêste held (Martin Freeman). The Hobbit: An Unexpected Journey waard noch nominearre foar tsientallen oare prizen, wêrûnder trije BAFTA's, in twadde Annie Award, trije oare Empire Awards, in Hugo Award, in Rembrandt Award en acht bykommende Saturn Awards.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


The Lord of the Rings (filmtrilogy) en The Hobbit (filmtrilogy)
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001) • The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) • The Lord of the Rings: The Return of the King (2003) • The Hobbit: An Unexpected Journey (2012) • The Hobbit: The Desolation of Smaug (2013) • The Hobbit: The Battle of the Five Armies (2014)