The Magnificent Seven (film út 2016)

film út 2016 fan Antoine Fuqua

The Magnificent Seven is in Amerikaanske westernfilm út 2016 ûnder rezjy fan Antoine Fuqua, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Chris Pratt. De titel betsjut "De Treflike Sân". De film is in remake fan 'e westernklassiker The Magnificent Seven út 1960, dy't sels in werferbylding wie fan 'e samoeraifilm Seven Samurai, út 1954. It ferhaal giet oer sân fjochters dy't dermei ynstimme om in stedsje te ferdigenjen tsjin in grutte binde banditen. The Magnificent Seven waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, yn septimber 2016. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta beskieden kommersjeel súkses.

The Magnificent Seven
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Antoine Fuqua
produsint Roger Birnbaum
Todd Black
senario Nic Pizzolatto
Richard Wenk
basearre op Seven Samurai
   fan Akira Kurosawa en
The Magnificent Seven
   fan John Sturges
kamerarezjy Mauro Fiore
muzyk James Horner
Simon Franglen
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
Columbia Pictures
Village Roadshow Pictures
LStar Capital
Pin High Productions
Escape Artists
Fuqua Films
United Artists
distribúsje Sony Pictures Releasing
Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Denzel Washington
Chris Pratt
byrollen Haley Bennett
Ethan Hawke
Manuel Garcia-Rulfo
Vincent D'Onofrio
Byung-hun Lee
Martin Sensmeier
Peter Sarsgaard
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 23 septimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk (ek Spaansk en Komantsje)
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $90 miljoen
opbringst $162,4 miljoen

Plot bewurkje seksje

Yn 1879 iepenet de ûnmeilydsume sakeman Batholomew Bogue yn it Wylde Westen, tichteby it plakje Rose Creek, in goudmyn, dêr't de mynwurkers net folle better behannele wurde as slaven. De kolonisten fan Rose Creek stelt er foar de kar: harren lân oan him ferkeapje foar in skeamele tweintich dollar de acre, of oars nimt er it harren likegoed ôf en krije se hielendal neat. By wize fan warskôging lit er de tsjerke fan it plakje yn 'e brân stekke. As Matthew Cullen, in ynwenner fan Rose Creek, tsjin it hâlden en dragen fan Bogue en syn mannen opsprekt, sjit Bogue him foar it each fan alle doarpsbewenners dea, hoewol't er ûnbewapene is. Ferskate doarpsbewenners dy't wol bewapene binne, lûke dêrop harren revolvers, mar ear't se dy brûke kinne, wurde se deade troch Bogue syn Yndiaanske liifwacht Denali en syn oare ûnderhearrigen. Ear't er ôfset nei Sacramento jout Bogue de ynwenners fan Rose Creek te ferstean dat er oer trije wiken weromkomme sil. En o wee wa't dan syn lân noch net ferkocht hat.

Net folle letter deadet de Afro-Amerikaanske U.S. marshal Sam Chisolm yn in saloon yn in oar plakje oan 'e Amerikaanske frontier de sochte krimineel Powder Dan. De gokker Joshua Faraday soarget derfoar dat de oare saloongasten har net mei de konfrontaasje bemuoie. As Chisolm wer fuortride wol, wurdt er oansprutsen troch Emma Cullen, de widdo fan Matthew, en Teddy Q, in oare ynwenner fan Rose Creek, dy't heard hawwe hoe handich Chisolm mei Powder Dan ôfweefd hat. Se freegje him om help foar Rose Creek en biede him alle jild dat se gearskraabje kinnen hawwe. Chisolm hat lykwols gjin belangstelling foar it oanbod. Dat feroaret as Emma de namme fan Bogue neamt; dan betinkt er him suver fuortendaliks. Emma en Teddy binne sa bliid dat se net foar it ferstân hawwe wat dat ynhâldt.

Chisolm freget Faraday om help, en keapet syn hynder, dat de gokker by in potsje poker ferspile hat, foar him werom. Mei help fan Emma en Teddy rekrutearje Chisolm en Faraday de Meksikaanske bandyt Vasquez; de Cajun-skerpskutter Goodnight Robicheaux, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch foar de Konfederearre Steaten fan Amearika fochten hat; dy syn Koreaanske selskipsman, de messesmiter Billy Rocks; en de legindaryske jager en berchbewenner Jack Horne. Underweis werom nei Rose Creek moetet de groep de ferballe Komantsje-kriger Reade Rispinge, dy't Chisolm oerhellet om him by har te jaan.

As de Sân yn Rose Creek arrivearje, komme se dêr de 34 hierlingen yn 'e tsjinst fan Bogue oer it mad dy't de sakeman yn it plakje efterlitten hat. Se weve handich mei de mannen ôf, hoewol't Robicheaux, dy't troch syn ûnderfinings yn 'e Boargeroarloch oan posttraumatysk stress-syndroom lijt, net oan 'e striid dielnimt. Billy Rocks besiket it falen fan syn freon te ferbergjen mei it sizzen dat syn gewear wegere, mar Faraday hat sa syn twifels oer Robicheaux. De korrupte sheriff fan Rose Creek, dy't himsels troch Bogue omkeapje litten hat, wurdt troch de Sân finzennommen en Chisolm stjoerd him mei in boadskip foar Bogue, besteande út in pear nammen, nei Sacramento ta: "Lincoln, Kansas" en "Sam Chisolm". Hy ornearret dat sheriff Harp trije dagen ûnderweis wêze sil, wêrnei't Bogue in dei kwyt wêze sil om syn mannen gear te roppen en risselwaasjes te meitsjen. Mei de rit werom hawwe de Sân dus in wike om har op it kommende gefjocht ta te rieden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Robicheaux en Faraday besykje de doarpsbewenners te trainen yn it sjitten mei gewearen, mar dat is hopeleas. Faraday set Robicheaux foar it blok om sjen te litten hoe't it moat, en de âlde skerpskutter hat gjin problemen om 'e libbenleaze doelwiten mei kûgels te trochsingeljen. De Sân ride nei Bogue syn goudmyn ta, dêr't se de bewekkers deadzje en de mynwurkers befrije. In oansjenlik diel fan harren jout him by de doarpsbewenners, en mei't der frijwat feteranen út 'e Boargeroarloch ûnder harren binne, is harren sjitten in stik better. De folgjende dagen bringe de Sân en de doarpsbewenners troch mei it fortifisearjen fan Rose Creek troch û.m. ferskate rinfuorgen te graven en weinen en stekken klear te setten om strjitten mei ôf te sluten. Underwilens arrivearret sheriff Harp yn Sacramento en bringt it boadskip fan Chisolm oer. De nammen lykje Bogue net folle te sizzen, mar it ferlies fan Rose Creek bringt him ta razernij. Hy sjit sheriff Harp dea om't dy it doarp net foar him witten hat te behâlden, en oarderet syn liifwacht Denali en syn rjochterhân McCann om in legerke gear te bringen dat Rose Creek weroverje moat.

Oan 'e ein fan 'e middei fan 'e sânde dei komt Reade Rispinge it doarp binnenfjouwerjen, dy't troch Chisolm útstjoerd wie as ferkenner om út te sjen nei Bogue-en-dy. Hy seit dat Bogue de oare moarns ier arrivearje sil. Dy nacht pakt Robicheaux syn hynder om út te naaien. Hy wurdt tramtearre troch syn oarlochsferline en is derfan oertsjûge dat er sels stjerre sil as er ea noch in oare minske deasjit. Chisolm, dy't al mei Robicheaux befreone is sûnt se yn 'e Boargeroarloch oan ferskillende kanten fochten, sprekt him oan op syn ôfreis, mar Robicheaux makket him ferwiten en seit dat hy wol wit wêrom't Chisolm hjir wier is, en dat is net om 'e bewenners fan Rose Creek te rêden. Dêrnei stiget er op en riidt er fuort. Neitiid biedt Emma Cullen, dy't earder al sjen litten hat dat har heit har treflik sjitten leard hat, oan om it plak fan Robicheaux yn te nimmen.

De oare moarns by it lemieren arrivearret Bogue by Rose Creek mei in legerke fan in pear hûndert man. Hy lit it meastepart fan syn ûnderhearrigen ûnder lieding fan McCann in ruteroanfal útfiere, dy't lykwols op gaos útrint as bliken docht dat de Sân hjir en dêr om it doarp hinne dynamytladings út 'e myn oanbrocht hawwe, dy't se ta ûntploffing bringe as de mannen fan Bogue dêr foarbyride. Dêrnei iepenje de mannen yn 'e rinfuorgen it fjoer. Wat in maklike oerwinning wêze moatten hie, rint út op in bloedige fjildslach, wêrby't Faraday ferwûne wurdt troch McCann, dy't sels deasketten wurdt troch Vasquez. Midden ûnder it gefjocht keart Robicheaux werom om te warskôgjen dat Bogue in wein mei in Gatling gun (in ier masinegewear) by him hat. Hy en Billy Rocks beklimme de heal útbaarnde tsjerketoer dêr't se rûnom sicht wei hawwe.

Bogue oarderet syn oerbleaune protsje mannen om mei de Gatling gun it fjoer op it doarp te iepenjen, ek al binne syn eigen mannen dêr noch oan it fjochtsjen. De kûgels fan it masinegewear deadzje in soad fan 'e doarpsbewenners en fan Bogue syn eigen mannen. As Teddy Q ferwûne rekket, beskermet Horne him, mar dat moat er mei de dea bekeapje as Denali him folsjit mei pylken. Emma Cullen, dy't mei in stikmannich oare doarpsbewenners efter in barrikade fan sânsekken op it balkon fan 'e pleatslike saloon lei, is dêre ien fan twa lju dy't besjitting mei de Gatling gun oerlibje en nei binnen witte te kommen. Dêr komt Denali har oer it mad, mar ear't er har deadzje kin, dûkt Reade Rispinge op, dy't de oare Yndiaan tabyt dat er in skande foar syn folk is, en him mei in mês deastekt.

De swierferwûne Faraday fiert in selsmoardoanfal út troch op it hynder te besykjen en berik de wein mei it masinegewear. Hy wurdt efterfolge troch guon fan Bogue syn mannen, ek op hynders, dy't lykwols troch Robicheaux en Billy Rocks fan 'e tsjerketoer ôf allegear út it seal sketten wurde foar't de Gatling gun de toer ûnder fjoer nimt en harren beiden mei kûgels trochsingelet. Troch harren help wit Faraday ticht genôch by de wein te kommen om 'e Gatling gun en himsels op te blazen mei in steaf dynamyt. Ek de measten fan Bogue syn oerbleaune mannen komme dêrby om. Dêrop riidt Bogue mei syn beide oerbleaune hierlingen it doarp yn, dêr't de hierlingen troch Chisolm deade wurde. Chisolm fjochtet dan mei Bogue op 'e strjitte fan Rose Creek in klassyk westernduël út, wêrby't er syn tsjinstanner yn 'e hân sjit en ûntwapenet as dy syn revolver lûkt.

Bogue flechtet nei de tsjerke, dêr't Chisolm him yn it sin bringt wat der yn 1867 yn Lincoln yn Kansas bard is: Bogue hierde dêr Konfederearre feteranen út 'e Boargeroarloch yn om guon kolonisten fan har lân te ferdriuwen, wêrby't de mem en susters fan Chisolm fermoarde waarden. Chisolm begjint Bogue te smoaren, mar sûnder dat er it sjocht, hellet Bogue út syn lears in derringer foar it ljocht. Ear't er Chisolm mei dat wapen deasjitte kin, wurdt er lykwols sels deasketten troch Emma Cullen.

Neitiid betankje de doarpsbewenners fan Rose Creek Chisolm, Vasquez en Reade Rispinge ear't dy trijeresom fuortride. Faraday, Robicheaux, Billy Rocks en Horne wurde op it tsjerkhôf begroeven mei de status fan pleatslike helden. Yn in voice-over oertinkt Emma mei waarme gefoelens harren nommele selsopoffering dy't harren "treflik" (magnificent) makke hat.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Denzel Washington.
 
Chris Pratt.
 
Haley Bennett.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
U.S. marshal Sam Chisholm Denzel Washington
Joshua Faraday Chris Pratt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Emma Cullen Haley Bennett
Goodnight Robicheaux Ethan Hawke
Vasquez Manuel Garcia-Rulfo
Jack Horne Vincent D'Onofrio
Billy Rocks Byung-hun Lee
Reade Rispinge (Red Harvest) Martin Sensmeier
Bartholomew Bogue Peter Sarsgaard
Teddy Q Luke Grimes
Matthew Cullen Matt Bomer
Denali Jonathan Joss
McCann Cam Gigandet
sheriff Harp Dane Rhodes
Fanning Sean Bridgers
Josiah Billy Slaughter
dûmny fan Rose Creek Mark Ashworth
Hank Stoner Matthew Posey
Fenton Clint James
Leni Frankel (widdo mei poppe) Carrie Lazar
Caleb Frankel Jody Mullins
hoefsmid Turner David Kallaway
Powder Dan Chad Randall

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Preproduksje bewurkje seksje

The Magnificent Seven is in remake fan 'e westernklassiker The Magnificent Seven, út 1960, fan regisseur John Sturges, mei yn 'e haadrollen Yul Brynner, Steve McQueen, Charles Bronson, Robert Vaughn, James Coburn en Eli Wallach. Dy film wie sels in werferbylding fan 'e samoeraifilm Seven Samurai, út 1954, fan 'e Japanske regisseur Akira Kurosawa. Foar in remake fan The Magnificent Seven bestiene nei't it skynt yn 2012 al fierfoardere plannen. Foar ien fan 'e haadrollen hie men doe Tom Cruise yn gedachten en ek de nammen fan Kevin Costner, Morgan Freeman en Matt Damon waarden neamd. Yn desimber 2013 sei Cruise lykwols ôf, wêrnei't Gary Barber, de algemien direkteur fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) begjin 2014 kontakt opnaam mei Antoine Fuqua om 'e remake te regissearjen.

Dat wie in skot yn 'e roas, want Fuqua hie mei tolve jier de oarspronklike film en oare westerns mei syn beppe sjoen, en hie dêr tige waarme oantinkens oan. Dat hy woe graach foar de remake tekenje. Neffens him wie it ferhaal noch like aktueel as yn 1960, want tiranny en terrorisme binne der yn 'e wrâld noch likefolle. Dêrom fûn er dat der in sterk ferlet is fan foarbylden fan minsken dy't de kop boppe it meanfjild út doare te stekken om har tsjin sokke tiranny oan te kantsjen. Mei't it westernsjenre wat út 'e graasje rekke wie, hie Fuqua nea tocht dat er nochris de kâns krije soe sa'n film te regissearjen, dat hy wie der tige mei ynnommen. Yn in fraachpetear fertelde er dat er him it hiele rezjyproses troch liede litten hie troch de fraach: 'soe beppe dit moai fine?'

Casting bewurkje seksje

Yn 'e oarspronklike film út 1960 waarden alle sân helden spile troch blanke manlju. Doe't Fuqua mei de studiobazen fan MGM en Columbia Pictures de cast fan 'e remake beprate, waarden him allegear nammen foarlein fan blanke, manlike akteurs. Fuqua fûn dat problematysk en woe in mear ferskate cast hawwe, dy't neffens him net inkeld moderner oandwaan soe, mar boppedat ek better de reäliteit fan it Wylde Westen werjaan soe. Yn in fraachpetear seid er dêroer: "Der wiene in protte swarte cowboys, in protte Yndianen; Aziaten wurken oan it spoar. De wierheid oer it Wylde Westen is dat it moderner wie as de [western]films west hawwe."

It castingproses fûn plak tusken desimber 2014 en july 2015. Fuqua sette syn sin troch en diversifiëarre de cast op sa'n wize dat fan 'e sân helden noch mar trije blanke manlju wiene, hoewol't ien fan dy trije as Cajun eins ta in etnyske minderheid hearde. De rest waard opmakke troch in negroïde man, in Latino, in Koreaan en in Yndiaan. De persoan dy't de sân ynhiert, yn 'e oarspronklike film in âlde man, waard yn Fuqua syn remake in jonge frou.

Foar Denzel Washington, dy't yn 'e film Sam Chisolm spile, wie it syn earste rol yn in westernfilm. Hy wie ek net botte bekend mei it sjenre mei't er sokke films yn syn jonkheid net seach om't doe de heechtijdagen fan 'e western op har ein rûnen en syn heit, in dûmny, syn bern inkeld tastie om nei 'kristlike' films te sjen (lykas ferfilmings fan 'e Bibel). Hoewol't Washington wol bekend wie mei Seven Samurai fan Kurosawa, hied er The Magnificent Seven út 1960 nea sjoen en dat hold er foar it spyljen fan syn rol yn 'e remake mei sin sa, om't er syn aktearjen net bewust of ûnbewust beynfloedzje litte woe troch it spyljen fan Yul Brynner yn 'e oerienkomstige rol yn 'e oarspronklike film. Chris Pratt, dy't yn 'e film de rol fan Joshua Faraday spile, wie likemin opgroeid mei westernfilms, mar hie letter wol in foarleafde foar it sjenre krigen. Lykwols wie The Magnificent Seven ek foar him de earste rol yn in westernfilm.

Vincent D'Onofrio waard op oantrúnjen fan Chris Pratt en Ethan Hawke cast as berchbewenner Jack Horn. Hy ûntwikkele foar syn sol in hease heechtoanige stim om 'e yndruk te jaan fan in man dy't jierrenlang yn 'e wyldernis libbe hat sûnder mei oare minsken te praten. Doe't er Fuqua frege oft dy de stim hearre woe, antwurde dy dat er leaver hie dat D'Onofrio him by de earste opname ferraste. Dat late derta dat Fuqua fan útskroevenens sa lûd lake dat er de take suver bedoar.

Opnamen bewurkje seksje

Fuqua wurke úteinlik op basis fan in senario dat skreaun wie troch Nic Pizzolatto en Richard Wenk. De produsinten wiene Roger Birnbaum en Todd Black, foar de filmstudio's MGM, Columbia Pictures, Village Roadshow Pictures, LStar Capital, Pin High Productions, Escape Artists en Fuqua Films. United Artists, dat de filmrjochten yn eigendom hie mar ûnderwilens in ûnderdiel fan MGM wurden wie, waard op 'e ôftiteling net fermelden. Foar de remake fan The Magnificent Seven wie in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mauro Fiore. Komponist James Horner waard frege foar de filmmuzyk, mar ferstoar ear't er dy klear hie; syn freon Simon Franglen makke syn wurk ôf.

De opnamen fan The Magnificent Seven setten op 18 maaie 2015 útein benoarden Baton Rouge yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. Se duorren 64 dagen, en de lêste opnamedei foel op 18 augustus. Behalven by Baton Rouge waard yn Louisana ek film by St. Francisville, Zachary en Jackson, en dêrnjonken yn Ridgway yn Colorado en yn 'e wyldernis fan Nij-Meksiko. It filmjen fan 'e klimaktyske konfrontaasje tusken de sân helden en it leger fan Bogue duorre trije wiken, mei't de opnamen oanhâldend pleage waarden troch min waar mei stjalprein en hurde wyn.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Magnificent Seven waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing en Metro-Goldwyn-Mayer. De film waard foar it earst yn it iepenbier fertoand op 8 septimber 2016 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Hy gie op 23 septimber fan dat jier yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst bewurkje seksje

The Magnificent Seven ûntfong fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, weryn't almeast de aksjesênes, it aktearjen fan 'e cast en de filmmuzyk priizge waarden, mar net it senario of it gebrek oan orizjinaliteit en ynnovaasje. Terri Schwartz fan IGN joech de film in 6,7 op in skaal fan 1 oant 10 en konkludearre: "The Magnificent Seven is úteinlik wat te foarsisber om syn folsleine potinsjeel wier te meitsjen, mar de wille dy't de cast oerdúdlik hie by it meitsjen fan 'e film soarget derfoar dat it in oangenaam ritsje is salang't it duorret. Fuqua docht syn bêst om 'e western by de tiid te bringen foar in modern publyk, mar wit dêrby net te fangen wat dy films sa goed makke. De aksje is grut en glêd, de personaazjes binne garismatysk en de [bylden] sjogge der prachtich út, mar it is gjin film dy't jo lang bybliuwe sil nei't jo de bioskoop ferlitten hawwe."

Yn 'e krante de Chicago Sun-Times hie Richard Roeper lof foar The Magnificent Seven, dy't er trije fan fjouwer stjerren joech. Hy skreau: "Oer it generaal is dit in opwinende, sij it soms wat melodramatyske western dy't smoarfol aksje sit en fuortsterke wurdt troch Denzel Washingtons […] optreden yn 'e haadrol, foar it meastepart treflik aktearre byrollen, en, jawis, guon fan 'e meast yndrukwekkend goreografearre langere sjitpartijsênes út 'e resinte skiednis." Filmkritikus James Berardinelli joech de film twa fan fjouwer stjerren, mei't er fûn dat de remake yn ferliking mei de orizjinele film mar "in midsmjittige werfertelling" wie. Hy fûn dat der mei Seven Samurai "twa bettere ferzjes fan dit ferhaal rûnom beskikber" binne, dat hy frege him ôf wêr't de remake eins foar nedich wie. 'Akteurs dy't tsjintwurdich bekend binne yn 'e haadrol bringe' wie de iennichste reden dy't er betinke koe, en dat fûn er in rjochtfeardiging dy't tekoartsjit.

Amy Nicholson fan MTV hie net sasear krityk op 'e remake as sadanich, mar mear op Fuqua syn kyk op it ferhaal. Se skreau: "Fuqua hat twa dúdlik faninoar skieden bultsjes makke, wêrmei't er goed en kwea útinoar helle hat. Troch dat te dwaan, hat er it punt dêr't it ferhaal om draait, fuortsmiten. No kinne we ús gewisse ruilje foar in ammerke popcorn. The Magnificent Seven fan hjoed de dei is gewoan noch mar wer in superheldefilm dy't de helte fan syn tiid deroan besteget om in groep kûgelfrije doarallen gear te stallen. En dat is net ûnlogysk, want de oarspronklike film foarme de ynspiraasje foar The Avengers, dêr't de earste strip fan publisearre waard trije jier nei't de film sa'n súkses wie." Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers The Magnificent Seven trije fan fjouwer stjerren. Hy skreau: De nije Seven rjochtet him net op it berikken fan sinematyske ûnstjerlikens. It is twa oeren hardcore pyf-paf-poef, en it is ferrekte fermaaklik."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Magnificent Seven in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 305 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: ''The Magnificent Seven makket it superlatyf út syn titel nea echt wier – noch kin de film him mjitte mei de klassikers dêr't er op ynspirearre is – mar bliuwt op eigen fertsjinsten in myld fermaaklike aksjeskriller." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Magnificent Seven in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 50 resinsjes. De Amerikaanske bioskoopbesikers dy't nei it sjen fan 'e film ûnderfrege waarden, joegen The Magnificent Seven yn trochsneed in 9 op in skaal fan 1 oant 10.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Magnificent Seven brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $93,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $68,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $162,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in winst fan $72,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in beskieden kommersjeel súkses, it twadde foar Metro-Goldwyn-Mayer yn 2016, nei Me Before You. The Magnificent Seven makke it ferlies goed dat MGM in moanne earder foar de tosken krigen hie mei de flopte remake fan Ben-Hur.

Prizen bewurkje seksje

The Magnificent Seven waard yn 2017 nominearre foar de Jupiter Award foar bêste ynternasjonale film en foar de Saturn Award foar bêste aksje- of aventoerefilm. Denzel Washington wûn de Jupiter Award foar bêste ynternasjonale akteur.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.