The Spy Who Loved Me (film)

film út 1977 fan Lewis Gilbert

The Spy Who Loved Me is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1977 ûnder rezjy fan Lewis Gilbert, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Barbara Bach as Bond girl Anja Amasova. De titel betsjut "De Spion dy't My Leafhie". De film ûntliende syn namme oan 'e roman mei deselde namme fan Ian Fleming, mar befettet gjin eleminten út 'e plot fan dat boek. The Spy Who Loved Me wie sadwaande de earste James Bond-film dy't in folslein nij betinksel fan 'e senarioskriuwers wie.

The Spy Who Loved Me
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Lewis Gilbert
produsint Albert R. Broccoli
senario Christopher Wood
Richard Maibaum
kamerarezjy Claude Renoir
muzyk Marvin Hamlisch
filmstudio Eon Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Roger Moore
Barbara Bach
byrollen Curt Jürgens
Richard Kiel
Shane Rimmer
Desmond Llewelyn
Bernard Lee
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 7 july 1977
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 125 minuten
budget en resultaten
budget $13,5 miljoen
opbringst $185,4 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel The Man with the Golden Gun
● folgjend diel Moonraker

It ferhaal folget Bond by in ûndersyk nei in ferdwûne Britske dûkboat, wêrby't er gearwurkje moat mei KGB-aginte Anja Amasova om't der ek in Sovjet-ûnderseeër fermist rekke is. Tegearre komme se op it spoar fan 'e megalomane miljardêr Karl Stromberg, dy't fan doel is de wrâld te ferwoastgjen en in nije beskaving op 'e boaiem fan 'e see te stiftsjen. Bond en Amasova moatte him sjen tsjin te kearen, wylst se sels oanhâldend efterfolge wurde troch Stromberg syn reuseftige trewant Jaws.

The Spy Who Loved Me wie it tsiende diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The Man with the Golden Gun. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. The Spy Who Loved Me waard nominearre foar trije Oscars en ferskate oare wichtige prizen. In folgjend diel yn 'e filmsearje, dat oan 'e ein fan The Spy Who Loved Me oankundige waard ("James Bond will return in …"), wie For Your Eyes Only. Doe't lykwols troch it súkses fan Star Wars in science fiction-raazje ûntstie, goaide men it roer om en waard de folgjende film ynstee it oer romtefeart geande Moonraker, dat útkaam yn 1979.

Plot bewurkje seksje

As de HMS Ranger, in Britske, mei ballistyske raketten tariste dûkboat, hommels ferdwynt, set M, it haad fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, syn bêste man op 'e saak: geheim agint James Bond. Dyselde ferbliuwt op dat stuit yn in sjalet heech yn 'e Eastenrykske Alpen, en ûnderweis berchôf wurdt er oanfallen troch in groep aginten fan 'e Sovjet-ynljochtingetsjinst KGB, dy't besykje en romje him út 'e wei. Bond wit lykwols al skyendewei te ûntkommen, wêrby't er ien fan 'e KGB-mannen ombringt.

In oanwizing oer wat der mei de HMS Ranger bard wêze kin, komt as der op 'e swarte merk yn Egypte ûntwerpen op mikrofilm foar in heechûntwikkele systeem te keap oanbean wurde, wêrmei't troch in satellyt dûkboaten ûnder wetter folge wurde kinne oan 'e hân fan har bûlespoar. Bond reizget ôf nei Egypte, dêr't er útfynt dat de ferkeaper fan 'e ûntwerpen de swarthanneler Aziz Fekkesj is. Dyselde wurdt lykwols fermoarde troch Jaws, in reuseftige slûpmoardner dy't tarist is mei in fjoerskerp gebit fan stielene tosken en kiezzen. Bond moetet yn Egypte majoar Anja Amasova, in aginte fan 'e KGB, dy't efter deselde ûntwerpen oan sit. Behalven in Britske dûkboat is der nammentlik ek ien fan 'e Sovjet-Uny op deselde mysterieuze manear ferdwûn. Op it stoflik omskot fan Fekkesj treft Bond in notysjeboekje oan wêryn't in kommende ôfspraak mei fan 'e swarthanneler mei in Max Kalba fêstlein is, dy't de mikrofilm yn syn besit hat. Bond giet dêr yn it plak fan Fekkesj hinne, mar Amasova komt dêr ek wer opdaagjen. Wylst beiden oanspraak meitsje op 'e mikrofilm wurdt Kalba ombrocht troch Jaws.

Tegearre, mar oanhâldend besykjend om inoar te fluch ôf te wêzen, folgje Bond en Amasova de moardner nei de ruïnes fan 'e Karnak, dêr't se Jaws de mikrofilm ûntfytmanje dy't er fan Kalba ôfpakt hie. Underweis werom pykt Amasova mei de mikrofilm út, mar net foar't Bond de bylden mei in spesjaal dêrfoar ûntwikkele gadget ynspektearre hat. Nei oankomst yn Kaïro docht bliken dat MI6 en de KGB ûnderwilens besletten hawwe om foar dizze operaasje de lapen gear te smiten ûnder de mienskiplike lieding fan M en generaal Gogol fan 'e KGB. Bond en Amasova moatte fan no ôf oan gearwurkje om it mystearje fan 'e ferdwûne dûkboaten op te lossen. Mei tsjinnichheid lizze de beide spionnen har by dat beslút del. Hoewol't de ûntwerpen op 'e mikrofilm ûnbrûkber makke binne trochdat der krúsjale ynformaasje út wiske is, ûntdekke Bond en Q, de kertiermaster fan MI6, oan 'e hân fan in trochdruk fan in ûnderlizzend dokumint dat de smoarrike reder Karl Stromberg der wat mei te krijen hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bond en Amasova reizgje nei it Italjaanske eilân Sardynje, dêr't it haadkertier fêstige is fan 'e rederij fan Stromberg. As se ûnderweis in stik mei de trein geane, wurdt Amasova op in hier nei fermoarde troch Jaws, mar Bond rêdt har libben. Neitiid feroaret de koele rivaliteit tusken harren yn tanimmende affeksje. Op Sardynje dogge Bond en Amasova harren foar as in marine biolooch en de frou. As se in fersyk yntsjinje om Stomberg te moetsjen, wurdt dat ynwillige. Stromberg syn meiwurkster Naomi nimt harren mei nei de Atlantis, in futuristysk bouwurk dat sawol boppe as ûnder wetter bestean kin. Dêr hat Bond in koarte moeting mei Stromberg, wylst Amasova by in rûnlieding troch Naomi ûntdekt dat Stromberg njoggen moannen earder in mysterieuze nije supertanker te wetter litten hat, de Liparus.

Nei't se de Atlantis ferlitten hawwe, wurdt trijeris besocht om Bond en Amasova út 'e ljochten te helpen: earst troch in moardner op in motor mei sydspan wêrby't it sydspan in torpedo blykt te befetsjen, dêrnei troch Jaws en in stikmannich oare mei mitrailleurs bewapene trewanten fan Stromberg yn in auto, en úteinlik troch Naomi yn in mei masinegewearren tariste helikopter. Bond en Amasova ûntwike de torpedo, besoargje Jaws-en-dy in auto-ûngemak (dat Jaws as iennichste oerlibbet), sjitte Naomi del (wat har dea wurdt) en ride mei harren oanpaste Lotus Esprit de see yn, wêrnei't de auto himsels omfoarmet ta in miny-ûnderseeër.

Se geane werom nei de Atlantis om dat ris better fan ûnder wetter te besjen, en befêstigje dêrmei dat Stromberg yndie gebrûk makket fan it nije folchsysteem foar dûkboaten. (It wie Stromberg syn frou dy't de ûntwerpen dêrfan oan 'e heechste bieder besocht te ferkeapjen, in foarm fan ferrie dêr't hy wraak foar naam troch har libben oan syn finzen tigerhaai op te fuorjen.) Nei't se oan in groepke dûkers en in miny-ûnderseeër fan Stromberg ûntkommen binne, ride Bond en Amasova by in iepenbier strân yn 'e Lotus middenmank de feralterearre badgasten út 'e see wei it lân wer op.

Bond ferdjippet him letter yn 'e supertanker fan Stromberg, de Liparus, dy't in apart foarme boech hat. Hy fynt út dat it skip yn 'e njoggen moannen fan syn bestean noch gjin inkele haven oandien hat. Underwilens ûntdekt Amasova lykwols dat har minner Sergej Barsov, in oare KGB-agint, troch Bond yn 'e Eastenrykske Alpen fermoarde is. As se him in foto fan Barsov sjen lit, jout Bond dat grif ta, mar hy ferwarret himsels troch te sizzen dat er it der net om dien hat om Barsov te fermoardzjen, mar dat it selsferdigening wie om't Barsov-en-dy hìm besochten om te bringen. Sokke dingen barre no ienris yn harren fakmêd. Dat argumint snijt by Amasova lykwols gjin hout. Krekt no't se wat opwaarme wie, kuollet se troch dy nije kennis wer hielendal ôf. Om't se in professional is, sa fertelt se him, sil se dizze misje earst ta in goede ein bringe, mar se swart dat se neitiid Bond deadzje sil om Barsov te wreekjen.

Bond en Amasova geane oan board fan 'e USS Wayne, in dûkboat fan 'e Amerikaanske Marine, om ûndersyk te dwaan nei de Liparus. De dûkboat wurdt lykwols 'ferslynd' troch de supertanker, dêr't de boechseksje fan iepenklapt wurde kin. It binnenste fan 'e tanker blykt út in driuwende ôfmarringsynstallaasje foar dûkboaten te bestean, dêr't har de fermiste Britske en Sovjet-ûnderseeërs befine. De Amerikaanske marineminsken hawwe gjin oare kar as om har oer te jaan as Stromberg driget harren dûkboat fol gifgas te pompen. Wylst de ofsieren en matroazen ôffierd wurde nei in oar diel fan 'e tanker, dêr't se fêstset wurde mei de bemannings fan 'e Britske en Sovjet-ûnderseeërs, wurde Bond en Amasova by Stromberg brocht.

Dyselde leit harren dan einlings syn plan út: hy beskôget de wrâld sa't er no is as folslein dekadint en korrupt en is dêrom fan doel om 'e natuerlike gong fan saken in hantsje te helpen troch in maatskiplike ynstoarting te feroarsaakjen. Dat wol er dwaan troch de Britske en Sovjet-dûkboaten derop út te stjoeren en harren atoomraketten ôfsjitte te litten op New York en Moskou. Dat sil in kearnoarloch útlokje dy't de wrâld boppe wetter ferwoastgje sil, sadat Stromberg it frij hat om in nije beskaving op 'e boaiem fan 'e see te stiftsjen. Nei't er syn trewanten opdracht jûn hat om Bond te deadzjen, set Stromberg ôf nei de Atlantis mei Amasova as syn finzene.

Bond ûntsnapt lykwols en wit de trije finzen dûkboatbemannings te befrijen. De Amerikaanske, Britske en Sovjet-matroazen meitsje miene saak tsjin 'e trewanten fan Stromberg, en feroverje de ôfmarringsynstallaasje. De kaptein fan 'e Liparus lûkt him mei in groepke fertroulingen werom yn 'e hermetysk ôfsletten kontrôlekeamer fan it skip, mar troch tadwaan fan Bond witte de eardere finzenen ek dêr troch te kringen, hoewol't dêrby sa'n skea oan 'e Liparus tabrocht wurdt, dat de tanker begjint te sinken.

De stjerrende kaptein fertelt Bond dat er te let is, mei't de beide dûkboaten oer inkele minuten har raketten ôffjurje en sa New York en Moskou ferwoastgje sille. Bond wit de kapteins fan 'e dûkboaten lykwols foar de gek te hâlden troch harren nije geografyske koördinaten foar de oanfal troch te jaan, dy't eins de lokaasje fan 'e oare dûkboat foarmje. As se harren raketten ôffjurje, treffe se dus net New York of Moskou, mar inoar. De beide dûkboaten en de beide bemannings fan Stromberg wurde dêrtroch folslein ferneatige. Bond en de oerlibbenen fan 'e trije finzen bemannings geane oan board fan 'e USS Wayne en ûntkomme oan 'e sinkende Liparus.

Neitiid kriget de kommandant fan 'e USS Wayne fan it Pentagon de opdracht om 'e Atlantis fuortendaliks te ferneatigjen, sadat foar iens en foar altyd mei Stromberg ôfweefd is. Bond wiist der lykwols op dat Amasova noch oan board fan it fartúch is, en de kommandant, dy't wol foar it ferstân hat dat hy en syn bemanning sûnder tuskenkomst fan Bond in raar gat yndraaid wiene, stimt deryn ta om in oere tiid te rekken, wylst Bond besiket om Amasova te rêden.

Oan board fan 'e Atlantis wurdt Bond opwachte troch Stromberg, dy't him útnûget de lift nei syn priveefertrekken te nimmen. De boaiem fan 'e lift kin iepenklapt wurde, wêrnei't de ynsittenden fia de liftskacht en in glydbaan yn it bassin fan 'e tigerhaai einigje. Stromberg besiket op dy wize fan Bond ôf te kommen, mar dy is him te fluch ôf en wit syn priveefertrekken te berikken. Dêr besiket Stromberg him dea te sjitten, mar mist. Bond sjit dan werom en mist net. Hy lit Stromberg stjerrend efter en giet op 'e siik nei Amasova. Earst treft er Jaws, en der folget op 'e nij in gefjocht tusken de beide mannen, dat einiget as Bond in reuseftige magneet brûkt om Jaws oan syn stielene gebit op te tillen en yn it bassin fan 'e tigerhaai te smiten. Jaws wurdt de haai lykwols oermânsk en byt it bist dea. Underwilens is de oere om en mei pine yn it hert jout de kommandant fan 'e USS Wayne it befel om it fjoer op 'e Atlantis te iepenjen. Middenmank de torpedo-ynslaggen fynt en befrijt Bond Amasova, wêrnei't se tegearre yn in bolfoarmige rêdingsboat ûntkomme. Wylst de Atlantis ûndergiet, swimt de net stikken te krijen Jaws nei de kust ta.

Yn 'e rêdingsboat pakt Amasova Bond syn pistoal op en rjochtet it op him, mar no't it derop oan komt, beslút se him dochs mar net te deadzjen. Ynstee lit se har troch Bond beprate om mei him op bêd te gean. Se sit der wol wat oer yn oer wat harren oerhearrigen sizze soene as se dat wisten, mar Bond bewissiget har derfan dat dy it nea witte sille. Underwilens wurdt de rêdingsboat oppikt troch in skip fan 'e Britske Keninklike Marine, mei M en generaal Gogol oan board. Dy beiden binne raar fernuvere as se troch ien fan 'e rútsjes fan 'e rêdingsboat sjogge hoe't Bond en Amasova neaken yn inoars earms lizze, mar Bond lûkt gau it gerdyntsje ticht en giet troch mei wêr't er mei oan 'e gong wie.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Roger Moore.
 
Barbara Bach.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Roger Moore
KGB-aginte majoar Anja Amasova Barbara Bach


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Karl Stromberg Curt Jürgens
Jaws Richard Kiel
dûkboatkommandant USS Wayne Shane Rimmer
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
M, haad fan MI6 Bernard Lee
Naomi Caroline Munro¹
generaal Gogol Walter Gotell
juffer Moneypenny Lois Maxwell
Max Kalba Vernon Dobtcheff
Aziz Fekkesj Nadim Sawalha
Britsk minister fan Definsje sir Frederick Gray Geoffrey Keen
sjeik Hoessein Edward de Souza
kaptein-op-see Benson George Baker
Sergej Barsov Michael Billington
dûkboatkommandant HMS Ranger Bryan Marshall
frou yn sjalet Sue Vanner
bemanningslid USS Wayne Bob Sherman
kaptein fan 'e Liparus Sydney Tafler
resepsjoniste hotel op Sardynje Valerie Leon
Rûbelvitsj, adjudant fan generaal Gogol Eva Rueber-Staier
Felicca, Fekkesj syn hantlangster Olga Bisera
Sandor Milton Reid

¹) De dialooch fan Caroline Munro waard yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Barbara Jeffords.

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Saaklike swierrichheden bewurkje seksje

Mei it each op 'e minne resinsjes dy't de foargeande James Bond-film, The Man with the Golden Gun (1974), krigen hie, dy't boppedat ek nochris relatyf swak prestearre hie yn 'e bioskopen, wie The Spy Who Loved Me in film fan krúsjaal belang foar it fuortbestean fan 'e filmsearje. It projekt waard lykwols fan it begjin ôf oan dwerseide troch swierrichheden, te begjinnen mei de oanboazjende rûzje tusken Harry Saltzman en Albert R. Broccoli, dy't as produsinten mei harren filmstudio Eon Productions tegearre frijwol alle Bond-films oant doe ta makke hiene.

 
In ûnderwetterslide mei oandriuwing foar dûkers út The Spy Who Loved Me, tarist mei in harpoengewear (brûkt troch de trewanten fan Stromberg).

Saltzman hie njonken Eon en de memme-ûndernimming dêrfan, Danjaq, ferskate oare saken by de ein, dy't stik foar stik fan twifelich aard wiene. Dêrtroch rekke er yn 'e finansjele problemen, en om't er syn oandielen yn Danjaq as ûnderpân brûkt hie foar it ôfsluten fan lienings, besocht de Switserske ynvestearringsbank UBS dêr beslach op te lizzen. Yn deselde snuorje waard bekend dat Saltzman syn frou oan in terminale foarm fan kanker litte, wylst er sels ompakte mei symptomen fan klinyske depresje. Doe't it besykjen fan Saltzman ta in fijannige oername fan Technicolor ta in rjochtsaak late, wegere Broccoli dermei akkoart te gean dat Saltzman de proseskosten betelle út 'e kas fan Danjaq. Dat late ta in ympasse, mei't Saltzman by wize fan represaillemaatregel de produksje fan 'e folgjende Bond-film blokkearre.

Der waard socht nei in manear om 'e ympasse te trochbrekken, wat dúdlik barre moatte soe troch de ferkeap fan Saltzman syn oandielen yn Danjaq. De ienfâldichste opsje, dat Saltzman se ferkeapje soe oan Broccoli, wie foar Saltzman net akseptabel omreden fan 'e tsjin dy tiid folslein fersykte relaasje tusken de beide mannen. Der waard dêrom socht nei in trêde partij, dy't sawol foar Saltzman as Broccoli akseptabel wie. Uteinlik stimde Saltzman dermei yn om syn oandielen fan 'e hân te dwaan oan 'e Amerikaanske filmstudio United Artists (UA), de finansier en distributeur fan 'e James Bond-films. Broccoli hie dêr yn 't earstoan saaklike beswieren tsjin, om't er de ferhâlding mei UA leaver hold sa't dy wie, mar doe't Saltzman in bod ûntfong fan 'e rivalisearjende studio Columbia Pictures, gied er oerstaach.

Senario bewurkje seksje

It folgjende obstakel om mei The Spy Who Loved Me ta in útdragende saak te kommen, wie it senario. Ian Fleming, de skriuwer fan 'e James Bond-romansearje, hie Eon Productions ntl. tastien de titel fan syn roman The Spy Who Loved Me te brûken, mar net de plot. The Spy Who Loved Me wie sadwaande de earste James Bond-film dy't net basearre wie op in boek fan Fleming, mar ynstee in folslein orizjineel senario hie. Yn 'e earste ferzje dêrfan kearde Ernst Stavro Blofeld, de lieder fan 'e terroristyske organisaasje SPECTRE, werom as de wichtichste smjunt, mar dêr stiek de Ierske filmprodusint Kevin McClory in stokje foar, dy't de filmrjochten Thunderball yn besit hie. De megalomane sakeman Karl Stromberg waard sadwaande opfierd as in soarte fan plakferfangende Blofeld.

 
De leech útsniene jurk fan Barbara Bach út The Spy Who Loved Me.

Hoewol't der foar The Spy Who Loved Me eins gjin eleminten út Fleming syn boek brûkt wurde mochten, binne de filmpersonaazjes fan Jaws en Sandor dúdlik basearre op 'e romanpersonaazjes fan Sol Horror (tarist mei in gebit mei stielen kroanen) en Sluggsy Morant (hie in keale holle). Foar de plot passearren ferskate mooglikheden de revu, lykas SPECTRE dat in dûkboat stelt en ôffiert nei in geheime basis op 'e boaiem fan Loch Ness, Bond dy't yn Austraalje in moardoanslach op keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk yn it Sydney Opera House foarkomt, en Bond dy't yn Latynsk-Amearika it near leit op 'e ûntfiering fan 'e paus. Uteinlik kaam senarioskriuwer Richard Maibaum, dy't ek oan 'e measte eardere Bond-films meiwurke hie, mei de kladferzje fan it úteinlike senario op 'e lapen. Dat waard neitiid fierder útwurke troch Christopher Wood.

Broccoli frege Wood om alle ferwizings nei Blofeld en SPECTRE út it skript te heljen om fierdere rjochtsaken foar te kommen. It idee om majoar Anja Amasova en de KGB in rol yn 'e film te jaan, kaam ek fan him. By de produksje fan The Blue Bird, yn 'e Sovjet-Uny, hied er nammentlik yn privee-fermidden in Bond-film oan in groep Russen sjen litten. Dy fermakken har tige, mar seine nei ôfrin tsjin him dat sokke films yn 'e Sovjet-Uny gjin skyn fan kâns hiene om troch de sensuer te kommen om't se te anty-Russysk wiene. Dat sette Broccoli oan it tinken, en hy besleat yn syn folgjende film personaazjes as Amasova en generaal Gogol op te nimmen, dy't, yn syn eigen wurden, gjin helden en gjin smjunten wêze soene, mar akseptabel genôch om 'e distribúsje fan 'e film yn 'e Sovjet-Uny mooglik te meitsjen.

Tom Mankiewicz wie as skriptdokter by it senario fan The Spy Who Loved Me belutsen, mar krige gjin fermelding op 'e ôftiteling, mei't Broccoli te krijen hie mei beheinings yn it tal net-Britske leden fan 'e filmcrew as er foar subsydzje fan 'e oerheid fan it Feriene Keninkryk yn oanmerking komme woe. Ek Vernon Harris werskreau dielen fan it senario sûnder dat er dêrfoar fermeld waard.

Produksje bewurkje seksje

The Spy Who Loved Me waard regissearre troch Lewis Gilbert, dy't yn 1967 al de James Bond-film You Only Live Twice makke hie. Oarspronklik hie Guy Hamilton de film regisearje sillen, dy't ek al fjouwer Bond-films op syn namme stean hie, mar dy keas derfoar om ynstee Superman (1978) te meitsjen, hoewol't dat projekt letter oernommen waard troch Richard Donner. Produsint Albert R. Broccoli naam yn omtinken om Steven Spielberg te freegjen, dy't op dat stuit noch ûnbekend wie en tariedings trof foar de produksje fan 'e horrorfilm Jaws, mar keas by eintsjebeslút mei Gilbert dochs foar in bekende namme.

Foar de film wie in budget beskikber fan $13,5 miljoen, mear as foar eltse eardere Bond-film. It jild kaam fan United Artists, en de film wie sadwaande in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Claude Renoir, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marvin Hamlisch. De titelsong Nobody Does It Better waard songen troch Carly Simon. It wie de earste kear by in Bond-film dat de namme fan 'e titelsong net gelyk wie oan 'e namme fan 'e film.

Casting bewurkje seksje

Roger Moore kearde yn The Spy Who Loved Me werom yn 'e rol fan geheim agint James Bond, nettsjinsteande de krityk wêroan't er nei de foargeande film, The Man with the Golden Gun, bleatstien hie. Curt Jürgens krige de rol fan Karl Stromberg op foardracht fan regisseur Lewis Gilbert, dy't earder mei him gearwurke hie. Foar de rol fan Jaws waarden Will Sampson en David Prowse yn omtinken nommen foar't de kar úteinlik foel op Richard Kiel.

It wie lang ûndúdlik wa't de rol fan 'e Bond girl yn The Spy Who Loved Me spylje soe. Neffens Tom Mankiewicz soe de Frânske aktrise Catherine Deneuve har wenstige salaris fan $400.000 per film sakje litte wollen hawwe nei $250.000 om yn in Bond-film te spyljen, mar woe produsint Albert R. Broccoli net mear betelje as $80.000. Sels hie Broccoli oarspronklik it each op 'e Amerikaanske aktrise Lois Chiles, mar har ympressario ynformearre him dat hja opholden wie mei aktearjen. Oare gadingmaksters wiene Marthe Keller en Dominique Sanda. Uteinlik waard fjouwer dagen foar it begjin fan 'e opnamen Barbara Bach yn 'e rol fan Anja Amasova cast, wylst se audysje dien hie foar ien fan 'e lytsere byrollen.

 
De Lotus Esprit-ûnderseeër út The Spy Who Loved Me.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar The Spy Who Loved Me setten yn augustus 1976 útein en duorren oant en mei 5 desimber fan dat jier. Der waard op lokaasje filme yn Egypte, Switserlân, Kanada, Portegal, Spanje, op Malta, Sardynje, de Bahama's en it Japanske eilân Okinawa en op see yn 'e Golf fan Biskaje. De binnendoarsênes waarden, lykas by eltse Bond-film, opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. Yn Egypte waard filme yn Kaïro en by de ruïnes fan Karnak, de Timpels fan Abû Simbel, it Gayer-Anderson Museum, de Moskee fan Ibn Tûlûn en de Grutte Sfinks fan Giza. De Sfinks yn 'e film is de echte, mar foar de Piramiden fan Giza waarden, omreden fan beljochtingsproblemen, miniatuerferzjes brûkt.

De opnamen op Sardynje fûnen plak yn Costa Smeralda en Porto Cervo. Dêr waard û.m. de auto-efterfolging mei de Lotus Esprit opnommen. Don McLaughlan, it haad fan public relations by Lotus Cars, hie der lucht fan krigen dat men by Eon Productions nei in nije auto foar James Bond socht. Dat hy ried in prototype fan 'e nije Lotus Esprit nei it kantoar fan Eon en parkearre dêr lyk foar de doar. Hy hie al rillegau byt, mei't Eon it nije model stomme graach brûke woe foar The Spy Who Loved Me. De auto-efterfolging op Sardynje smiet lykwols earst teloarstellende resultaten op, oant men Roger Becker, de testsjauffeur fan Lotus, yn 'e Esprit riden seach. Fan gefolgen waard hy oannommen as stuntman foar de efterfolgingssêne. Foar de feroaring fan 'e Lotus yn in miny-ûnderseeër waarden sân ûnderskate modellen brûkt, ien foar eltse stap fan 'e transformaasje. De auto dy't de see ynried, wie inkeld in imitaasje fan tripleks. It einresultaat wie in echte miny-ûnderseeër wêrfan't de bûtenkant omboud wie om op 'e Lotus te lykjen. De ûnderwettersênes waarden trouwens allegear opnommen by Nassau, yn 'e Bahama's. Dêr waarden ek de sênes mei it haaiebassin fan Stromberg filme.

De begjinsênes yn 'e Alpen waarden fierhinne filme op 'e berchskeanten fan 'e Mount Asgard, op it eilân Baffinlân yn (doe) de Noardwestlike Territoaria fan Kanada (no yn Nûnavût). Bykommende shots foar deselde sênes waardn opnommen yn Switserlân. De stunt wêrby't Bond fan 'e berchskeante ôf it ravyn yn skyt, syn skys ôfsmyt en in parasjute iependocht, waard útfierd troch stuntman Rick Sylvester, dy't dêr $30.000 mei fertsjinne. Dy sêne wie ynspirearre troch in advertinsje yn 'e Playboy, wêrfoar't Sylvester itseld trúkje alris earder úthelle hie.

In diel fan 'e sênes mei de dûkboaten waard filme op Har Majesteits Marinebasis Clyde yn Skotlân. Guon fan 'e sênes op see mei de supertanker Liparus waarden opnommen foar de kust fan Portegal en Spanje en yn 'e Golf fan Biskaje. De tanker waard liend fan Keninklike Shell, mar de feilichheidsrisiko's en de fersekeringskosten mei it gefaarte wiene sa grut, dat foar it meastepart fan 'e sênes in skaalmodel brûkt waard, dat yn 'e Bahama's ynset waard. Om't der gjin studio grut genôch wie om 'e sênes binnenyn de supertanker te akkomodearjen, en om't produksje-ûntwerper Ken Adam syn ûnderfinings mei de "brûkbere, mar úteinlik fergriemende" yn 'e iepen loft neiboude fulkaan út You Only Live Twice net werhelje woe, waard der foar dy sênes by de Pinewood Studios spesjaal in reuseftige nije soundstage set, dat de 007 Stage kaam te hjitten. De bou dêrfan koste $1,8 miljoen. Dêropta moast der ek noch in reuseftige wettertank foar yn 'e soundstage boud wurde, dêr't 5,5 miljoen liter wetter yn koe. De studio wie sa grut, dat kameraregisseur Claude Renoir omreden fan syn belúnjende gesichtsfermogen net by steat wie om alles adekwaat te beljochtsjen. Dêrom besocht Stanley Kubrick yn it geheim de filmset om op dat mêd by te springen.

 
In tuskenstadium fan 'e Lotus Esprit-ûnderseeër út The Spy Who Loved Me.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Spy Who Loved Me waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 7 july 1977 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 13 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1977 by platemaatskippij United Artists Records.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige The Spy Who Loved Me oer it algemien positive resinsjes, lykas fan Charles Champlin yn 'e Los Angeles Times, dy't spriek fan "ekstrafagante healwizens" en "in djoere ûndernimming yn sabearedwaan dy't in perfekte formule ôfleveret." Yn The New York Times fûn Janet Maslin de film lykwols formulemjittich en "in healoere te lang", wylst Gene Siskel yn 'e Chicago Tribune in protte lof hie foar de stunt mei it skyen en de parasjute, mar de film fierders kwalifisearre as "inkeld goed, mar net geweldich."

Yn The Washington Post hie Gary Arnold it oer "in ferdraachsume teloarstelling". Hy skreau fierders: "De Bond-films binne sa súksesfol dat it wolris kommersjeel ûnmooglik wêze kinne soe om in ein oan 'e searje te breidzjen. It is lykwols al wer lang lyn dat in Bond-aventoer de moade liek te bepalen op it mêd fan eskapistysk, glamoereus fermaak. Ienris waarden se rûnom neibeard en parodiëarre troch oare produsinten, mar no hat it folle mear kâns dat Bond-films harsels imitearje, mei belúnjend effekt."

Yn 1986 omskreau Danny Peary The Spy Who Loved Me yn syn boek Guide for the Film Fanatic as "bûtengewoan". Hy priizge de sets, de settings, de ôfswakke slapstickhumor en Barbara Bach yn har rol fan Anja Amasova. Ek fûn er dat Roger Moore yn dizze film syn bêste aktearprestaasje as James Bond joech. De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli omskreau The Spy Who Loved Me yn 2007 as "glêd en ferfine" en Bach as de ideäle Bond girl: "oantreklik, skrander, seksy en gefaarlik".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Spy Who Loved Me in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 55 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't de film al foarút wiist nei de absurditeiten dy't yn lettere dielen folgje soene, is The Spy Who Loved Me, mei syn glêde styl, bedriigjende smjunten en slûchslimme humor de bêste film fan it Roger Moore-tiidrek." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Spy Who Loved Me in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 12 resinsjes.

 
It stielen gebit fan Jaws út The Spy Who Loved Me.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Spy Who Loved Me brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $139,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $185,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $13,5 miljoen betsjut dat in winst fan $171,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

The Spy Who Loved Me waard yn 1978 nominearre foar de Oscars yn 'e kategoryen bêste filmmuzyk, bêste orizjinele liet (Nobody Does It Better fan Carly Simon), en bêste artdirection. Ek waard de film nominearre foar de Golden Globes foar bêste filmmuzyk en bêste orizjinele liet (Nobody Does It Better), de Grammy Award foar bêste orizjinele soundtrack foar in film of tillefyzjespecial en de BAFTA's foar bêste filmmuzyk en bêste produksje-ûntwerp.

Ferboeking bewurkje seksje

Senarioskriuwer Christopher Wood waard ynhierd om in 'ferboeking' fan The Spy Who Loved Me te skriuwen, dy't noch itselde jiers (1977) ferskynde ûnder de titel James Bond, The Spy Who Loved Me.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)