The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic

The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic is in Amerikaanske dokumintêre út 2014 ûnder rezjy fan Rudy Bednar. De titel betsjut "It Ferhaal fan Frozen: It Meitsjen fan in Disney-tekenfilmklassiker". It is in tillefyzjespecial oer de produksje fan 'e alderraarst súksesfolle kompjûteranimearre tekenfilm Frozen fan 'e Walt Disney Animation Studios.

The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic
film
makkers
regisseur Rudy Bednar
produsint Cole Kazdin
senario Jeanmarie Condon
Megan Harding
Victoria Thompson
kamerarezjy Tristan Miami
filmstudio Lincoln Square Productions
distribúsje Disney-ABC Domestic
   Television
voice-over Josh Gad
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 4 septimber 2014
foarm tillefyzjespecial
sjenre dokumintêre
taal Ingelsk
spyltiid 44 minuten

Produksje bewurkje seksje

The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic waard yn 2014 makke, nei't de kompjûteranimearre tekenfilm Frozen fan 'e Walt Disney Animation Studios yn 2013 útdraaid wie op in reuseftich kritysk en kommersjeel súkses. De dokumintêre waard regissearre troch Rudy Bednar nei in senario fan Jeanmarie Condon, Megan Harding en Victoria Thompson. As produsint wie Cole Kazdin oan it projekt ferbûn foar studio Lincoln Square Productions. De kamerarezjy waard fierd troch Tristan Miami.

Ynhâld bewurkje seksje

De dokumintêre hat in spyldoer fan 44 minuten. Josh Gad, de stimakteur dy't yn Frozen de stim fan Olaf de snieman ynspriek, fersoarge de voice-over. The Story of Frozen omfettet ferskate fraachpetearen mei leden fan 'e cast en crew fan Frozen en bylden fan Noarwegen dy't in grut diel fan 'e eftergrûn fan 'e film ynspirearren. Fierders binne der bekendmakkings oer de takomst fan 'e Frozen-franchise, in foarútblik op it optreden fan 'e personaazjes Elsa, Anna en Kristoff yn 'e tillefyzjesearje Once Upon a Time en ek in stikeme ynkyk yn 'e nije film fan 'e Walt Disney Animation Studios, Big Hero 6. Yn 'e dokumintêre wurdt ek de premiêre oankundige fan 'e koarte film Frozen Fever.

Distribúsje bewurkje seksje

The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic waard distribuëarre troch Disney-ABC Domectic Television. De dokumintêre waard op 4 septimber 2014 foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk ABC.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Frozen (filmsearje)
lange films
Frozen (2013) • Frozen II (2019)
koarte films
Frozen Fever (2015) • Olaf's Frozen Adventure (2017) • Myth: A Frozen Tale (2020) • Once Upon a Snowman (2020)
oar
The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic (2014) • At Home with Olaf (2020)