Thialf is in iisstadion op It Hearrenfean. It kompleks is ferneamd wurden troch de wrâldkamioenskippen reedriden en it iishockey. Thialf hat in grutte hal mei fjouwerhûntermeterbaan en in iishockeyhal. De namme Thialf komt fan Thialfi, helper fan de heidenske Germaanske tongergod Tuner.

Thialf
  stadion
Thialf mei grutte hal en iishockeyhal fan bûten.
Thialf mei grutte hal en iishockeyhal fan bûten.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak It Hearrenfean
algemiene ynformaasje
type keunstiisbaan
sporten hurdriden, iishockey
teams Flyers It Hearrenfean (iishockey)
kapasiteit 10.700 grutte hal[1]
3.500 iishockeyhal
type oerflak iis
eigner Thialf OG BV[2]
bou
boubegjin 1966
iepening 14 okt. 1967 (iepenloftbaan)
17 nov. 1986 (oerdutsen)
renovearre 2001, 2004, 2015-2016
arsjitekt Alynia Architecten Harlingen B.V.
webside
www.thialf.nl
kaart
Thialf (It Hearrenfean)
Thialf
Lokaasje fan Thialf op It Hearrenfean.
Thialf (2019)

Skiednis bewurkje seksje

Thialf waard yn 14 oktober 1967 iepene as in iisstadion mei in bûtendoar keunstiisbaan. Yn 1986 waard de baan feroare yn in binnendoarbaan, de twadde yn de wrâld, en de earste mei in frije kape. It wie op dat stuit de fluchste baan yn de wrâld, mei yn it earste seizoen 10 wrâldrekords. Tenei waarden yn it bûtenlân binnendoarbanen boud op gruttere hichte, lykas yn Kalgary en Salt Lake City, dy't dêrtroch noch flugger wienen.

Lange tiid hat de langebaan ek geskikt west foar tradisjonele koartebaanwedstriden. Ien fan de lange siden hie in ekstra lang stik, sadat in rjocht stik fan 160 m brûkt wurde koe. Nei de oerkaping is dat yn earste ynstânsje bleaun. De reedriders starten bûtendoar op it ekstra stik en de finish lei dan binnendoar op de ein fan de lange side. Mei de grutte ferbouwing fan 2002 is dit part ferfallen en kinne der gjin koartebaanwedstriden mear hâlden wurde.

Thialf is de wichtigste reedrydbaan yn Nederlân en is ek by ynternasjonale reedriders populêr, foar in part omreden fan it entûsjaste publyk en de oanwêzigens fan dweilorkesten lykas it Blauhúster Dakkapel oant 2012 en dêrnei De Útlopers. Sûnt Simmer 2000 hat Thialf simmers twa wiken simmeriis. Neist reedriden wurdt Thialf ek foar allerhanne oare eveneminten brûkt. Thialf hat op finansjeel mêd twa kear op it rântsje stien: Ein 80-er jierren en yn 2003/2004, beide kearen neidat der grutte ynvestearrings yn de akkomdaasje dien wiene.

Op 22 febrewaris 2012 stimde in mearheid fan Provinsjale Steaten foar 'fernijbou'. Dielen fan it stadion soene renovearre wurde en der soene nije stikken by komme moatte. Troch de flier fan de fjouwerhûndertmeterbaan der nij yn te lizzen en projekten om it klimaat yn de hal better stjoere te kinnen, soene profesjonele reedriders bettere prestaasjes leverje kinne. Sa moat in nije skyl om it stadion hinne de isolaasje ferbetterje en foar de lucht binnen it stadion kamen technyske mooglikheden om ûnder oaren ynfloed te hawwen op de tichtens dêrfan. De bou begûn op 24 novimber 2014.[3]

Op 2 jannewaris 2017 waard it "Nije Thialf" iepene, nei't er foar 50 miljoen ferboud waard. De omgongring waard oanpast en warden der 5.000 sinnepanielen pleatst. By it iepenjen joech kening Willem-Alexander it startskot.

Yn 2021 waard it gânse reedrydseizoen yn Thialf holden omreden de koroanapandemy dy't yn 2020 útbruts. Sadwaande koene alle reedriders op ien plak bliuwe en koene alle wedstriden ûnder publyk útriden wurde.

Grutte ynternasjonale kampioenskippen bewurkje seksje

 
Iisbaan Thialf.
 
Thialf by it WK yn 2017
  • 2012 WK Ofstannen
  • 2013 EK Oer Alles
  • 2014 EK Oer Alles
  • 2015 WK Ofstannen
  • 2017 EK Oer Alles en Sprint
  • 2019 WK Sprint
  • 2020 EK Ofstannen
  • 2021 EK Oer Alles en Sprint
  • 2021 WK Ofstannen
  • 2022 EK Ofstannen

Iisbanen bewurkje seksje

Thialf hat yn de grutte hal in fjouwerhûntermeterbaan mei dêryn in 333-meterbaan, krabbelbaan (30m x 30m) en curlingfjild (60m x 30m). Neist de grutte hal leit de iishockeyhal (60m x 30m).

Iishockeyhal bewurkje seksje

De Flyers It Hearrenfean spylje har thúswedstriden yn de iishockeyhal fan it stadion. De iishockeyhal hat in kapasiteit fan 3.500 sitplakken.

Oare eveneminten bewurkje seksje

Thialf wurdt neist it reedriden en iishockey ek brûkt foar eveneminten. Yn maaie 1989 joech The Cure it earste konsert yn it ramt fan harren Prayer Tour. Oare bands en artysten dy't yn Thialf optreden wienen Prince (1990), Johnny Cash (1990), Tina Turner (1990 en 1996), Gloria Estefan (1991), TOTO (1992), UB 40 (1993) en Whitney Houston (1993). Yn oktober 1992, maart 1993 en oktober 1999 waard yn Thialf it dance-event Thunderdome holden. In oare dance-event dat holden waard yn Thialf wie Trance Energy yn 2000, 2001 en 2002. De TROS hold twa edysjes fan it Muziekfeest op het ijs yn Thialf.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Volkskrant: Tribunes lopen vol: laatste jaren juist meer bezoekers in Thialf (sjoen op 1 febrewaris 2016)
  2. Hiemside Thialf: Thialf OG BV (sjoen op 1 febrewaris 2016)
  3. Omrop Fryslân: Startskot foar ferbouwing nij Thialf (sjoen op 1 febrewaris 2016)