Thijs Taconis (Rotterdam, 28 maart 1914 - Mauthausen, 6 septimber 1944) wie spion yn de Twadde Wrâldkriich.

Koart nei de Nederlânske kapitulaasje besochten Nederlânske fersetsgroepen ynformaasje te garjen. It wie tige muoilik om dizze ynformaasje troch te jaan nei Ingelân. Ut Ingelân wei waarden om dy reden aginten útset op Nederlânsk beset grûngebiet (Englandspiel). Sy waarden stjoerd troch de Sintrale ynljochtingetsjinst ûnder lieding fan François van 't Sant. De tsjinst wurke gear mei MI-6 en de SOE.

Op 7 novimber 1941 gie Taconis nei Nederlân. Hy sprong út in fleantúch tegearre mei Huub Lauwers, in Nederlânske sjoernalist oplaat ta geheim agint. Sy sprongen as earsten en se kamen del by Ommen. Se hienen as opjefte krigen in radioferbining op te setten mei it haadkertier yn Londen en dizze te ûnderhalden. Op 3 jannewaris waard it earste koadeberjocht nei Londen stjoerd.

Op 9 maart1942 gie it mis. Thijs Taconis waard arrestearre en op 6 septimber 1944 yn Mauthausen fusilearre tegearre mei 23 oare Nederlânske geheim aginten.

As koadenamme brûkte hy Thijs en Thijs Timmer.

Taconis krige yn 1953 postúm in hege ûnderskieding, it Brûnzen Krus. Yn 1943 hie de Britske Kening him al de Military Medal ferliend.

Thijs Taconis liet in jildbedrach nei. Dit jild is brûkt om de Sulveren Anjer te bekostigjen. Dizze Sulveren Anjer wurdt elk jier jûn oan in fiiftal persoanen dy’t har ynset hawwe foar de Nederlânske kultuer of de kultuer fan de Nederlânske Antillen. De Sulveren Anjer giet út fan it Prins Bernhard Kultuerfûns.

Literatuer bewurkje seksje

  • Waltmans, Astrid, Een betrekkelijk heftig karakter, 2005