Thomas Samuel Kuhn

Thomas Samuel Kuhn (Cincinnati (Ohio), 18 july 1922Cambridge (Massachusetts), 17 juny 1996) wie in Amerikaansk natuerkundige en wittenskipsfilosoof. Kuhn is benammen bekend troch syn boek The Structure of Scientific Revolutions (1962) dêr't hy it idee yn nei foaren bringt dat wittenskip net stadichoan evoluearret, mar troch paradigmawikselingen mei grutte halen feroaret.

Thomas Kuhn

Yn 1954 waard hy Guggenheim Fellow en yn 1982 krige hy de George Sarton Medal fan de History of Science Society. Dêrneist krige hy in protte earedoktoraten.