Tignes is in gemeente yn it Frânske departemint Savoie (regio Rhône-Alpes) en telt 2220 ynwenners (1999). It plak makket diel út fan it arrondissement Albertville. Tignes is in wichtich wintersportplak en hat in útstrekt skygebiet Espace Killy dat ferbûn is mei dat fan Val d'Isère. Yn de gemeente, mar benammen yn de stêd Albertville, waarden dan ek de Olympyske Winterspullen 1992 en Paralympyske Winterspullen 1992 hâlden.

Wapen fan Tignes
Utsjoch op Tignes oer it Lac du Chevril

Skiednis bewurkje seksje

 
Keardaam

It doarpke Tignes lei eartiids yn de delling fan de Isère, wat leger as Val d'Isère. Nei de Twadde Wrâldkriich waard lykwols in hydro-elektryske keardaam oanlein oan de Isère. Troch de ûntstiene kearmar, it Lac du Chevril, soe it âlde doarpke Tignes ûnder wetter komme te lizzen. De tsjerke waard ferhuze nei Tignes-les-Boisses, en it doarp rûn úteinliks ûnder yn 1952. Om de tsien jier lit EDF de mar foar ynspeksje- en ûnderhâldswurken oan de daam leechrinne, en wurde de resten fan it âlde Tignes noch sichtber.

Kearnen bewurkje seksje

 
Tignes-le-Lac

De gemeente bestiet út de doarpkes Tignes-Val-Claret op 2127 meter hichte, Tignes-le-Lac op 2100 meter, Tignes-le-Lavachet op 2100 meter, Tignes-les-Boisses op 1850 meter en Les Brévières op 1550 meter. Brévières is in âld doarpke, de rest ûntstie nei de konstruksje fan de keardaam of as skystasjon.

Geografy bewurkje seksje

It oerflak fan Tignes bedraacht 80,2 km2, de befolkingstichtens is 27,7 ynwenners de km2.

Demografy bewurkje seksje

Understeande figuer toant it ferin fan it ynwennertal (boarne: INSEE-tellingen).

Toerisme bewurkje seksje

 
"Espace Killy"

Tignes is foar in grut ôfhinklik fan de toerisme, benammen wintersport. It doarp foarmet tegearre mei Val-d'Isère it skygebiet Espace Killy. Op de flanken fan de berchtop de Grande Motte kin ek yn de simmer skyd wurde. Tignes biedt in grut tal skyliften: in trektou, sleepliften, stuoltjesliften en ferskate kabelbanen. Derûnder sit de lift Bollin Fresse. Ek is der in ûndergrûnse kabelspoarwei: Funiculaire Du Perce Neige

Literatuer bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje