Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (1837-1900)

Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (Beetstersweach, 9 july 1837 - Cannes, 7 desimber 1900) wie in Fryske jonkhear, aventuerier, socialite - en ien fan de earste oriïntalisten yn Nederlân. Doe't er 28 jier wie gie er út Parys wei, oer Ruslân en de Kaukasus nei it Heine Easten op in persoanlike ûntdekkingsreis dy't goed trije jier duorre. Koart skoft nei't er werom in Nederlân wie, festige er him yn Cannes en skreau er in boek yn fjouwer dielen oer syn ûnderfinings op dy reis. Hy garre in unike samling oan easterske skilderijen en oare dingen, dy't er yn 1877 oan it stedsbestjoer fan Cannes skonk. It waard de basis fan it hjoeddeiske stedsmuseum fan dy stêd. Tinco Lycklama waard in foaroansteand persoan yn de pleatslike elite, en bleau boarger fan Cannes oant syn dea.

Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt
fan Emile Vernet-Lecomte (Musée de la Castre, Cannes)

Famylje bewurkje seksje

Tinco Lycklama wie de âldste fan de sân bern fan Jan Anne Lycklama à Nijeholt (1809-1891) , boargemaster fan Opsterlân en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, en dy syn frou Ypkjen Hillegonda van Eysinga (1815-1854). Hy waard neamd nei syn pake, dy't grytman wie fan Eaststellingwerf (1788-1790) en fan Utingeradiel (1790-1795). Tinco ferlear syn mem doe't er 16 jier wie. Letter skreau er, dat hja him de niget oan frjemde talen en kultueren bybrocht. Twa broers en twa susters binne jong ferstoarn. Syn suster Eritia Ena Romelia Lycklama à Nijeholt (1845-1902) en broer Augustinus Lycklama à Nijeholt (1842-1906) soene him oerlibje. Berne yn in grifformeard miljeu trede er letter ta de roomsk-katolike tsjerke ta, troch in ferskaat fan ynfloeden opdien by syn ferbliuw yn Palestina. Hy boaske op 21 july 1875 te Oosterhout mei de katolike Juliana Agatha Jacoba thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Oosterhout, 11 juny 1845 - Ljouwert, 11 juny 1914), dochter fan Gemme Onuphrius Tjalling Burmania , baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg ( 1806-1862 ) en de Hoogh Hendrika (1803-1880). Om’t se de titel fan barones fan har heit urven hie, stie jonker Tinco Lycklama letter yn Cannes benammen bekend as "le Baron Lycklama" ( by fersin ) en soms as " le Chevalier Lycklama ". It pear bleau sûnder bern.

Jonkheid bewurkje seksje

 
Kaart fan de reis fan Tinco Lycklama in 1865-1868
(Boarne: "Voyage...", kolleksje BNF/Gallica)

Tinco groeide op yn in tige komfortabel aristokratysk miljeu, de famylje Lycklama à Nijeholt. Harren rykdom stuolke ûnder mear op ferfeaningen, urven grûnbesit, goede houliken en wichtige funksjes yn Fryslân. Hy brocht syn jonge jierren troch yn syn bertehûs oan 'e Buorren 80 te Beetstersweach (hjoed de dei bekend as it Lycklamahûs). Syn suster Eritia soe dit hûs yn 1891 erve, nei it ferstjerren fan heit Jan Anne. Doe't harren mem stoar, yn 1854, gyng har goed fierderop oan 'e Buorren, nr. 46 - it Eysingahûs - oer yn mienskiplik besit fan heit en de oerlibjende bern. Letter, yn 1868, waard Tinco dêr de ienige eigener fan. Tinco studearre fanôf septimber 1856 rjochten oan de universiteit fan Grins. Nei 1861 soe er lykwols benammen yn Parys tahâlde en studearje, benammen oan de Ecole des Langues Orientales.

Nei it Easten bewurkje seksje

Yn Parys fette Tinco Lycklama it plan op foar in ûntdekkingsreis troch it Midden-Easten. Hy woe foaral nei Perzië en Syrië. Oars as in protte oaren yn syn tiid, dy't earder ynteresse hiene foar Amearika en it Fiere Easten, wie hy al jong fasinearre troch de skiednis en kultuer fan de Levant en Mesopotamië. Hy woe yn 't foarste plak faak ûnbekende (sels miskende) gebieten observearje en syn ûnderfiningen diele mei lêzers fanút in breed perspektyf (ek it toeristyske). Hy gie lykwols folle fierder as dat. Syn faak unike fynsten en archeologysk wurk makken him ferneamd en hy kin dêrom beskôge wurde as ien fan dee earste oriïntalisten fan Nederlân. Benammen de objekten en kennis dy't er meinaam út Iran identifisearje him mei de moderne kennis oer de Kwajardynasty, dy't oer Perzië regearre yn it tiidrek 1789-1925.

Tinco gie yn april 1865 út Parys wie oer Berlyn nei Ruslân, om dêrwei nei it suden oer de Kaukasus nei Teheran te reizgjen. De measte reizgers yn dy tiid giene oer see, of streekrjocht fia Turkije. Tinco keas foar dizze rûte nei it lêzen fan de reisferhalen fan 17de-iuwske reizgers lykas Jean-Baptiste Tavernier (1605-1689), Adam Olearius en Cornelis de Bruin. Yn april 1866 kaam er te Teheran oan en wie der seis moanne. Letter reizge er it lân troch en kaam ek yn Bagdad en oare stêden yn it hjoeddeiske Irak. Yn septimber 1867 sette ôf er nei Syrië en reizge yn acht moanne it hiele lân troch. Hy besocht dêrnei ek Palestina en Jeruzalem (in pear moanne), en wie op it lêst noch in skoftke op 'en nij yn Syrië. Yn septimber 1868 ferliet er it Heine Easten en berikte er - oer Konstantinopel, Varna, Pest en Wenen - op it lêst op 5 oktober 1868 syn berteplak Beetstersweach.

Samling en boek bewurkje seksje

 
It Eysingahûs

Tinco Lycklama naam daliks syn yntrek yn it Eysingahûs. Hy krige dalik al plannen om it hûs te ferbouwen mei it doel om der syn mânske samling foarwerpen ûnder te bringen. Yn feite makke er der tagelyk in museum fan. Yn 1870 naam er in Frânske skriuwer oan, Ernest Massenot, dy’t de spesifike opdracht krige om alle objekten te katalogisearjen en te beskriuwen. Dat resultearre ein 1871 yn in earste (ûnfolsleine) ynventaris fan Lycklama's kolleksje. It gie om in tige rike samling, dêr't juwielen en skilderijen ûnder wiene, mar ek klean en argeologyske fynsten. Hiel wat objekten waarden net daliks nei de echte wearde skatten, mar de groeiende ynternasjonale reputaasje en belangstelling foar de kolleksje soe dêr feroaring yn bringe. Ien fan de faktoaren dy't laten ta Tinco’s gruttere bekendheid wie de publikaasje fan syn reisferhalen. Tinco kaam skjin ynein fan syn reizen oan yn Beetstersweach (yn 1868) en ferfear efkes letter nei it Súd-Frânske Cannes om dêr yn in sûn en freonliker klimaat wer op te knappen. De stêd wie ûnderwilens ûnder ympuls fan de Ingelske aristokraat Lord Brougham útwaakst ta ít oerwinteringsoard foar de Noard-Europeeske elites. Tinco hie dêr dus net inkeld noflik waar, mar fûn ek in goed ear foar syn ferhalen. Hy reizge dêrnei op en del tusken Beetstersweach en Cannes, en begûn doe te wurkjen oan de redaksje en publikaasje fan syn ferhalen. It waard op it lêst in boek yn fjouwer dielen mei yn totaal mear as 2.200 siden, fol mei observaasjes oer polityk, keunst, kultuer en natoer en personaliteiten. Fan 1872 oant 1875 kaam elk jier in nij diel út by útjouwers yn Parys en Amsterdam. Underwilens kaam Tinco ta it beslut Beetstersweach foargoed farwol te sizzen. Hy hoegde neat te dwaan foar de kost en hie mei tank oan ferstannige belizzingen in ynkommen dêr't er komfortabel fan libje koe. Hy sette him foar altyd yn Cannes nei wenjen.

"Baron Lycklama" bewurkje seksje

 
Tinco Lycklama
 
Bal Travesti chez le baron Lycklama, troch Pierre Tetar van Elven

De ferhuzing nei Cannes fûn al plak foar de publikaasje fan it earste part fan syn boek, ein 1872. En it Lycklama-museum yn it Eysingahûs te Beetstersweach wie dêrom net in lang libben gund, om't de hiele kolleksje mei ferhuze. Hy naam syn yntrek yn 'e lúksueuze Villa Escarras, oan de hjoeddeiske Boulevard Carnot (sa likernôch op 'e hichte fan de rue Lord Byron). Yn dat tiidrek wie Cannes noch foar it grutste part in âld pittoresk stedsje, mar wol mei in tanimmend oantal hege filla's westlik fan de Mont Chevalier. De oanlis fan it earste spoar nei Parys en in byhearend stasjon yn Cannes yn 1863 soene dêr hiel hurd feroaring yn bringe. It hûs fan Lycklama stie yn in riant park, mei ûnbeboud terrein rûnom, mei in pear filla’s yn de buert. De filla stie al gau bekend as de "Villa Lycklama". Yn 1875 troude Tinco yn Oosterhout mei de 30-jierige Juliana Agatha Jacoba thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Se waarden wolkomme gasten by de sosjale elites, dy't bestiene út sawol pleatslike persoanlikheden as aristokraten en begoedige lju út Parys, Ingelân, Ruslân en Prusen. De kostumearre bals by "le Baron et la Baronne Lycklama" wiene bekend en waarden op doek fêstlein troch Pierre Tetar van Elven. Tinco liet him in pear kear troch dy skilder ferivigje yn rike Easterske klaaiïng. De ûntwikkeling fan de Sintrale As oer de takomstige Boulevard Carnot wie foar it pear reden de filla te ferkeapjen. Se gongen nei oare riante filla's yn 'e buert. Ien dêrfan wie de Filla Lycklama yn wat fuortendaliks ek de 'rue Lycklama' doopt waard, in wei dy't noch altyd bestiet. Hy hie ek in pear villa's yn de buert fan de Chemin du Cannet , op 'e nij mei de namme Lycklama, mar dêrneist ek in Filla Burmania en in Filla Eritia.

Lycklama-kolleksje wurdt stedsmuseum fan Cannes bewurkje seksje

Al yn 1872 waard Tinco Lycklama à Nijeholt lid fan de krekt oprjochte "Société fan Sciences naturelles, Lettres et Beaux-Arts" (no 'Société Scientifique et Littéraire de Cannes'). In tige erudyt selskip dêr't persoanen ta hearden lykas de skriuwer Guy de Maupassant en Nobelpriiswinner Frédéric Mistral, mar ek de keizer fan Brazilië, Pedro II. Tinco wie om ’ e wille fan kennis , ûnderfining en syn prachtige samling in wichtige dielnimmer oan it wurk fan de soasjeteit . Ein 1877 skonk er syn folsleine kolleksje oan 'e stêd Cannes. In pear moanne letter wie ek de soasjeteit har biblioteek oan 'e stêd. Beide waarden ûnderbrocht yn it stedhûs, dêr't ek no noch in Lycklama-seal bestiet. De kolleksjes soene lykwols de basis foarmje foar it takomstige Musée de la Castre, it offisjele stedsmuseum yn it âlde kleaster op 'e Mont Chevalier. Oant de dei fan hjoed foarmet de Lycklama-kolleksje it hichtepunt fan it stedsmuseum. It museum wurdt beskôge as in kennissintrum oangeande it Midden-Easten, benammen wat de Qajardynasty oanbelanget. Der is plak foar útstallings om dat tema hinne, en steefêst komt de eare ta oan it krewearjen fan Tinco Lycklama. In part fan de permaninte kolleksje is yn brûklien by it Ryksmuseum fan Aldheden te Leien.

Lettere jierren en ferstjerren bewurkje seksje

 
De Lycklamakapel yn Wolvegea

Lycklema à Nijeholt en de barones toe Schwartzenberg bleaune kontakt hâlden mei Nederlân fanwegen de protte saaklike belangen dêre. Sawol yn Nederlân as yn Frankryk wien se bekend fan harren patronaazje en jeften, benammen yn it foardiel fan tsjerken en kleasters.
Tinco Martinus Lycklama stipe ek de Sint-Fransiskusparochy yn Wolvegea, dêr'ter persoanlike bannen mei ûnderhold. Hy liet dêr syn eigen kapel sette as takomstich rêstplak.
Tinco stoar 7 desimber 1900, thús yn Cannes. Op 11 desimber wie der in grutte plechtichheid. It hiele stedsbestjoer, de konsulêre fertsjinstwurdigers fan tal fan lannen en tal fan oare persoane folgen de lykwein fan Filla Lycklama nei de tsjerke fan 'Notre-Dame-de-Bon-Voyage'. Boargemaster Jean Hibert hold de lykrede foar syn goede freon. Neitiid luts de lykstaasje dwers troch de stêd nei it stasjon fan Cannes. De lykkist waard noch deselde jûn op de trein nei Wolvegea set. Cannes ferlear in markant boarger dy't in bliuwende stimpel op de stêd set hat.
De widdo bleau wenjen yn Cannes oant likernôch 1911; dêrnei gie se foar altyd werom nei Nederlân. Se stoar yn Ljouwert yn 1914 en ward op har beurt byset yn de kapel te Wolvegea.

Yn 2017 wijde it museum yn Cannes in tentoanstelling oan de reis fan de 'chevalier Lycklama'. Yn de simmer fan 2018 wie dy tentoanstelling, mei 150 foarwerpen út de kolleksje, yn it ramt fan Ljouwert - Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa te sjen yn it âlde Gritenijhûs te Beetstersweach.




Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Huisman, Ernst (1973) Kerwei yn Cannes: (oer Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt).
  • Huisman, Ernst: Tinco Lycklama’s band met Wolvega / 33-9 (1990); Nog maar 50 jaar geleden / 46-7 (1993); Jonkheer Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt: zijn overgang naar het katholicisme / 54-15 (1995). Yn: “DE STELLING”
  • Huisman, Ernst (1990) Tinco Lycklama yn Turkije. Yn: De Strikel, moanneblêd foar Fryslân, ISSN 0165-3342, fol. 33, ôfl. 5, sd. 22-25

Noaten