Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast

Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast, ek wol koartwei The Legend of the NeverBeast neamd en yn Nederlân en Flaanderen útbrocht ûnder de namme Tinker Bell en de Legende van het NooitgedachtBeest, is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilm fan Disney út 2015. De film, dy't regissearre waard troch Steve Loter, is basearre op it personaazje fan it elfke Tinker Bell, út it berneboek Peter and Wendy fan J.M. Barrie. De titel betsjut: "Tinker Bell en de Leginde fan it NeatochtBist". De haadrollen waarden ynsprutsen troch Ginnifer Goodman, Mae Whitman en Rosario Dawson. It ferhaal giet oer it elfke Fawn, dat in affiniteit foar it omgean mei bisten hat. As se in gefaarlik nij bist ûntdekt, dat neffens de leginde Pixie Hollow, it wenplak fan 'e elfkes, ferneatigje sil, moat se kieze tusken har holle en har hert. Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy.

Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steve Loter
produsint Makul Wigert
senario Kate Kondell
Mark McCorkle
Tom Rogers
Robert Schooley
basearre op Tinker Bell fan J.M. Barrie
kamerarezjy Navneet Verma
muzyk Joel McNeely
filmstudio Disneytoon Studios
distribúsje Walt Disney Studios Home
   Entertainment
spilers
haadrollen Ginnifer Goodwin
Mae Whitman
voice-over Grey Griffin
byrollen Rosario Dawson
Lucy Liu
Raven-Symoné
Megan Hilty
Pamela Adlon
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 desimber 2014
direkt op fideo 3 maart 2015
foarm lange tekenfilm
sjenre bernefantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 76 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $31,2 miljoen (bûten Fer. St.)
filmsearje
filmsearje Tinker Bell
● foarich diel Tinker Bell and the Pirate Fairy

Plot bewurkje seksje

In komeet dy't in grienich ljocht útsmyt, fljocht yn 'e nacht oer Pixie Hollow hinne, dêr't de elfkes wenje. Yn in hoale djip ûnder de grûn, yn 'e wyldernis krekt bûten Pixie Hollow, wurdt in ûnbeskaat wêzen wekker fan it griene ljocht.

Fawn is in biste-elfke (d.w.s. in elfke mei in affiniteit foar it omgean mei bisten). Hja stiet derom bekend, sels mank oare biste-elfkes, dat se gauris bisten yn need helpt, ek as it om gefaarlike bisten giet. As se in haukepyk mei in brutsen bonke fynt, fersoarget se it bistke oant it opbettere is, ek al ite hauken elfkes. Se hâldt de pyk ferskûle en ronselet letter har kammeraatske Tinker Bell om har te helpen by it temûk werombringen fan 'e pyk nei de bosk, dêr't it bistke frijlitten wurde kin. As har oare freondinnen Silvermist, Iridessa, Rosetta en Vidia harren dermei bemuoie, komt de moard út. De rop fan 'e pyk lûkt oare hauken oan, dy't de elfkes oanfalle, en inkeld it yngripen fan 'e moedige ferkenner-elfkes ûnder lieding fan Nyx kin in bloedbad foarkomme. Neitiid wurdt Fawn beskrobbe troch keninginne Clarion, dy't har ûnthjitte lit om tenei te harkjen nei har holle ynstee fan nei har hert.

Dyseldichste deis noch heart Fawn in har ûnbekend brullen djip yn it wâld. Se is yntrigearre om't se net fuort sizze kin hokker bist oft sa'n lûd makket, dat se giet op ûndersyk út en ûntdekt yn in hoale ûnder de grûn in nuver wêzen, ter grutte fan in das, mar mei in hiel oare tekening, de lodearen fan in baarch en de sturt fan in rôt. It bist hat in stikel yn ien fan syn foarpoaten. It bestiet net dat Fawn dat gewurde litte kin, mar as se besiket de stikel los te skuorren, jout it bist sa'n boalderjende brul, dat it yn hiel Pixie Hollow te hearren is en de ferkenner-elfkes alarmearret. Fawn, dy't har net út it fjild slaan lit, besiket it letter in twadde kear, en dan slagget it har de stikel los te krijen.

Befrijd fan 'e boarne fan syn pine, begjint it bist him wer mei syn eigen saken te bemuoien. Fawn sjocht fernuvere ta hoe't er stiennen byinoar bringt en mei syn plakkerige flibe oaninoar limet yn in steapel. It binne net willekeurige stiennen, mar inkeld guons dy't in readbrunige kleur hawwe. It bist negearret Fawn yn 't earstoan, mar as se begjint te eksperimintearjen, wurdt it twongen om notysje fan har te nimmen. As se in gewoane stien op syn steapel leit, stompt er dy derôf. As se him in readbrunige stien taskoot, nimt er dy oan. Om't er har humeurich foarkomt, neamt se him Gruff ("Noartsk"). It bist bout troch oant syn steapel stiennen in lytse kromme toer fan in meter as fiif heech wurden is. Dan giet er nei in oar diel fan Pixie Hollow, dêr't mei in nei steapel begjint. Fawn beseft dat se eins keninginne Clarion of de ferkenner-elfkes oer Gruff fertelle moatte soe, mar hy docht nimmen kwea en se is bang dat Nyx en har ferkenners him fuortjeie of miskien sels wol deadzje sille. Boppedat hat se noch net útfigelearre wêr't er no eins mei dwaande is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens besiket Nyx út te finen hokker bist sa'n alderferskuorrendste brul jaan kin as hiel Pixie Hollow heard hat. Sy en de oare ferkenner-elfkes geane op ûndersyk út yn 'e bosk, mar Fawn sjocht se oankommen en liedt Gruff nei feilichheid. Nyx, dy't inkeld it efterein fan Gruff sjoen hat, is har ûnbewust fan 'e belutsenens fan Fawn by de saak. Se befreget de biste-elfkes nei it ûnbekende bist, mar dy ferwize har lykwols allegearre troch nei Fawn, harren ekspêr op it mêd fan alle frjemde wêzens. As se Fawn deroer ûnderstiet, ûntwykt dy har fragen.

Nyx beslút dat der neat oars op sit as om yn 'e bibleteek op 'e siik te gean nei de ynformaasje dêr't se ferlet fan hat. Scribble, de bibletekaris, mient dat Nyx fereale op him is en besiket in ôfspraakje mei har te regeljen oant se him op hurdhannige wize fan dat misferstân genêst. De boeken dy't er har bringt, kin se net yn fine wat se siket, mar as se Scribble einlings it mannewaar opseit, falt har each op it ûndersyk dêr't er sels mei dwaande is, nei de griene komeet dy't inkele nachten earder yn 'e loft te sjen wie. Yn in oerâld boek dat Scribble dêrfoar brûkt, stiet in tekening fan Gruff as 'it NeatochtBist'. Neffens de byhearrende tekst keart de komeet eltse 937 jier werom en makket dan Gruff wekker, dy't fjouwer stiennen tuorren bout wêrmei't er in ûnbidige stoarm opropt en yn in skriklik meunster feroaret dat hiel Pixie Hollow ferwoastget.

Underwilens makket Fawn har kammeraatskes Tinker Bell, Silvermist, Iridessa, Rosetta en Vidia bekend mei it bestean fan Gruff. Se leit harren út dat er net gefaarlik is, mar just hiel freonlik. Mei-inoar bestruie se Gruff mei elfkestof, sadat er fleane kin, wêrnei't se him meinimme nei it paleis fan keninginne Clarion om har mei Gruff yn 'e kunde te bringen. As Fawn dêr arrivearret, blykt Nyx har lykwols foar te wêzen. Dy hat de keninginne der al fan oertsjûge dat Gruff ferskriklike gefaarlik is, en dat der sa fluch mooglik mei him ôfweefd wurde moat. Fawn beslút gau-gau de ôftocht te blazen en wit mei help fan har freondinnen de oanwêzigens fan Gruff foar de keninginne en Nyx geheim te hâlden. De leginde fan it NeatochtBist ferfollet har fan ôfgriis, mar se is derfan oertsjûge dat it neat oars as in fabeltsje is. Keninginne Clarion trunet Fawn en Nyx oan om gear te wurkjen en 'it goede te dwaan'. Dat befel wurdt troch beiden folslein tsjinsteld ynterpretearre: Fawn wol bewize dat Gruff ûngefaarlik is en set prikken yn it wurk om him oant dy tiid tsjin 'e ferkenner-elfkes te beskermjen, wylst Nyx wisberet is om Gruff op te spoaren en mei him ôf te weven.

De oare deis ferdwynt Gruff. Fawn en Tinker Bell geane nei him op 'e siik, mei't se wol foar it ferstân hawwe dat se him fine moatte foar't Nyx en de ferkenner-elfkes dat dogge. Underwilens is it swurk fan griene wolkens tichtlutsen en stekt der swierwaar op. Tinker Bell fynt Gruff werom yn it lân fan 'e winterelfkes, dêr't er krekt syn fjirde toer boud hat. Hy liket Tinker Bell net te werkennen en sprút hoarnen en wjukken, krekt sa't de leginde foarsei. Fawn arrivearret krekt op 'e tiid om te sjen hoe't Gruff Tinker Bell in flinke reis mei syn sturt ferkeapet, dat se alhiel út 'e tiid rekket. Dan reälisearret Fawn har dat Nyx it by it rjochte ein hie oer Gruff. Nei't se har derfan bewissige hat dat it mei Tinker Bell wer goedkomme sil, helpt se de ferkenner-elfkes om Gruff troch it gebrûk fan bedwelmjend hûnebeistof te fangen en mei in grut net fêst te setten oan 'e grûn.

As Tinker Bell wer wekker wurdt, leit dy Fawn lykwols út dat de wjerljocht ynsloech yn in beam njonken har, dy't grif boppe-op har fallen wie as Gruff har net mei syn sturt út 'e wei reage hie. Fawn beseft dat se it hiele foarfal misbegrepen hat. Mei harren kammeraatskes sette sy en Tinker Bell ôf om Gruff te befrijen. Troch in allergyske reäksje op it hûnebeistof is Gruff lykwols tydlik sa goed as blyn wurden. Hy wol nei de fjouwer tuorren ta dy't er boud hat, mar kin se net weromfine. As Fawn trochkriget dat er de opljochtsjende glinstering fan har elfkestof wol sjen kin, beslút se Gruff nei syn bestimmings ta te lieden. It docht bliken dat de fjouwer tuorren fan izerhâldende stien Pixie Hollow beskermje, trochdat se as wjerljochtgelieders wurkje. By elts fan 'e tuorren fangt Gruff de wjerljocht op syn hoarnen op, wêrnei't de tuorren útinoar falle. De lêste toer wurdt lykwols troch Nyx ferneatige ear't Fawn en Gruff him berikke kinne.

Nyx mient dat se Pixie Hollow foar de ferwoastging beskerme hat, mar sûnder wjerljochtgelieders begjint de wjerljocht op willekeurige plakken yn Pixie Hollow yn te slaan en dêrby brannen te ûntstekken en grutte skea oan te rjochtsjen. Ynstee dat Nyx Pixie Hollow rêden hat, blykt se it bleatjûn te hawwen oan 'e ferneatiging. As Nyx sels troch de wjerljocht rekke driget te wurden, fangt Gruff dy op syn hoarnen op en rêdt sa har libben. Dan komt se einlings ta it besef dat se fan it begjin ôf oan mis west hat, en dat Gruff kommen is om Pixie Hollow te rêden ynstee fan it te ferwoastgjen.

Mei't der gjin tiid is om 'e tuorren te werbouwen, komt Fawn mei in oar idee op 'e lapen. Fleanend liedt se Gruff heech de loft yn, dêr't er alle wjerljochtslaggen by de boarne absorbearje kin yn syn hoarnen. As se it mulpunt fan it swierwaar berikke, einiget dat mei in alderdusdanichsten knal. Gruff en Fawn falle bewegingsleas út 'e loft en de elfkes hastigje harren om se op te fangen ear't se op 'e grûn tepletter falle kinne. Gruff is inkeld eefkes út 'e tiid rekke, hoewol't syn hoarnen ôfbrutsen en syn wjukken ôfbaarnd binne. Fawn is lykwols dea. Mar as Gruff har mei de snút oantriuwt, kriget se in elektryske skok fan 'e statyske elektrisiteit út syn hier, dy't har hert wer op gong bringt.

De folgjende dagen helpt Gruff de elfkes om 'e skea dy't troch it swierwaar oanrjochte is, te reparearjen. Mar al rillegau begjint er tige slûch te wurden, en Fawn beseft dat er dien hat wat er dwaan moast en him no wer yn 'e sliep jaan moat oant syn help oer krapoan tûzen jier fannijs nedich is. Sy en de oare elfkes beseffe dat se Gruff yn harren koarte libbens nea wer sjen sille, dat mei fertriet en grut seremonieel begeliede se him nei syn hoale ta. Dêr jouwe se him wat se kinne: in noflik bêd fan strie, in sêft holkjessen fan katoen, in drinkbak mei klear wellewetter dy't in sêft ljocht útsmyt om it folsleine tsjuster te ferdriuwen, en it ivige respekt fan 'e ferkenner-elfkes fan Pixie Hollow, dat Nyx him sels mei in bûging oanbiedt. Gruff beäntwurdet dat mei in tút en jout him del om 937 jier te sliepen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Ginnifer Goodwin.
 
Mae Whitman.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Fawn, in biste-elfke Ginnifer Goodwin
Tinker Bell, in nifelelfke Mae Whitman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Nyx, in ferkennerelfke Rosario Dawson
Silvermist, in wetterelfke Lucy Liu
Iridessa, in ljochtelfke Raven-Symoné
Rosetta, in túnelfke Megan Hilty
Vidia, in fluchfleanend elfke Pamela Adlon
Fury Danai Gurira (Amerikaanske ferzje)
Mel B (Britske ferzje)
Chase Chloe Bennet
Scribble Thomas Lennon
keninginne Clarion Anjelica Huston
Buck Jeff Corwin
Morgan Olivia Holt
Robin Kari Wahlgren
voice-over Grey Griffin

Yn 'e Nederlânsktalich neisyngronisearre ferzje waarden de stimmen fan 'e personaazjes ynsprutsen troch û.o. Angela Schijf (Tinker Bell), Anneke Beukman, Alma Nieto, Nurlaila Karim, Eline de Munck, Rilke Eyckemans, Anne Mie Gils en Lien van de Kelder.

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast wie it sechsde en lêste diel út 'e Tinker Bell-filmsearje fan 'e Disneytoon Studios (in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company). De filmrige is basearre op it personaazje Tinker Bell, dat oarspronklik ferkynde yn Peter and Wendy, fan 'e Skotske auteur J.M. Barrie. Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast waard regissearre troch Steve Loter nei in senario dat skreaun wie troch Kate Kondell, Mark McCorkle, Tom Rogers en Robert Schooley. Makul Wigert hie as filmprodusint de lieding oer it projekt. It is ûnbekend hokfoar budget foar de produksje fan Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Navneet Verma, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Joel McNeely.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast waard fersoarge troch Walt Disney Studios Home Entertainment. De film gie op 12 desimber 2014 yn in beheind tal bioskopen yn it Feriene Keninkryk yn premiêre, en wie yn 'e Feriene Steaten inkeld te sjen yn it El Capitan Theatre yn Hollywood, fan 30 jannewaris oant en mei 11 febrewaris 2015. Foar de rest waard Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo útbrocht op 3 maart 2015.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 19 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 5 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast brocht yn 'e bioskopen bûten de Feriene Steaten $31,2 miljoen yn 't laadsje. It is ûnbekend hoe't dy opbringst him ferhâldt mei de opbringst yn 'e Feriene Steaten sels of mei it (ûnbekende) budget.

Net makke ferfolch bewurkje seksje

Oarspronklik wie it de bedoeling dat der teminsten noch ien bykommende film yn 'e rige oer Tinker Bell en har kammeraatskes makke wurde soe, mar dy sânde film waard, neffens in artikel yn The Hollywood Reporter út 2014, skrast omreden fan ûnevenredichheden mei de ferhaalline. Mei't Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast de lêste film wie dy't troch de Disneytoon Studios produsearre waard foar't it bedriuw yn 2018 opheft waard, kin wol mei wissichheid steld wurde dat der yn 'e filmrige gjin nije dielen mear ferskine sille.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tinker Bell (filmsearje)
lange films
Tinker Bell (2008) • Tinker Bell and the Lost Treasure (2009) • Tinker Bell and the Great Fairy Rescue (2010) • Tinker Bell and the Secret of the Wings (2012) • Tinker Bell and the Pirate Fairy (2014) • Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast (2015)
koarte films
Pixie Hollow Games (2011) • Pixie Hollow Bake Off (2013)