Tippu Tip (wiere namme: Hamad bin Mohammed bin Djûma bin Radjab bin Mohammed bin Saïd al-Moerdjabi, Arabysk: بن محمد بن جمعة بن رجب بن محمد بن سعيد المرجبي حمد, sekuerdere transliteraasje: Ḥamad bin Muḥammad bin Jum’aẗ bin Rajab bin Muḥammad bin Sa‘īd al-Murjabī; yn it Sultanaat Sansibar, 1837Sansibar (Sultanaat Sansibar), 14 juny 1905) wie in Sansibareesk keapman, plantaazje-eigner, amtner en ûntdekkingsreizger fan mingd Swahily-Arabysk etnysk komôf. Hy stie benammen bekend as slavekeapman en hanneler yn ivoar, en krige syn bynamme 'Tippu Tip' fan 'e lânseigen folken fan East- en Sintraal-Afrika, nei it lûd dat syn gewearen makken. Yn it Westen waard er bekend troch de ferslaggen fan blanke ûntdekkingsreizgers dy't him metten, lykas David Livingstone en Henry Morton Stanley.

Tippu Tip
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ḥamad bin Muḥammad bin
Jum’aẗ bin Rajab bin Muḥammad
bin Sa‘īd al-Murjabī
nasjonaliteit Sansibareesk
berne 1837
berteplak ? (Sultanaat Sansibar)
stoarn 14 juny 1905
stjerplak Sansibar (Sultanaat Sansibar)
etnisiteit Arabysk
Swahily
wurkpaad
berop/amt keapman, plantaazje-eigner,
amtner
aktyf as ûntdekkingsreizger
jierren aktyf ±18551905

Libben bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

Tippu Tip moat yn 1837 berne wêze yn it Sultanaat Sansibar, dat doe noch ta Omaan hearde. Syn mem, Bint Habiib bin Bûsjir, wie in Omaanske Arabise út 'e Sansibareeske hegerein. Syn heit en pake oan heitekant wiene beide etnyske Swahily fan 'e kust fan East-Afrika, dy't dielnommen hiene oan 'e ierste hannelsekspedysjes nei it binnenlân. Syn oerbeppe oan 'e heitekant, de frou fan Radjab bin Mohammed bin Saiid al-Moerdjabi, wie in Bantoe-frou út it doarp Mbwa Maji, fuort besuden Dar es Salaam.

Karriêre bewurkje seksje

Hoewol't Tippu Tip fan begoedige komôf wie, hied er sels gjin neamensweardige besittings doe't er as jongfeint ôfsette nei it fêstelân fan Afrika om syn fortún te meitsjen. Yn tolve jier tiid boude er dêr in hannelsympearium op dat syn gelikens net koe. Dêrby lei er him benammen ta op it oankeapjen fan slaven en ivoar, djip yn it binnenlân. Hy betelle der dêr in sêft pryske foar en striek by trochferkeap yn Sansibar in grutte winst op. De rykdom dy't er dêrmei wûn, sette er om yn lukrative krûdnagelplantaazjes op it eilân Sansibar. Tsjin 1895 besiet er sân fan sokke plantaazjes, dy't bewurke waarden troch 10.000 slaven.

Tippu Tip mette en holp ferskate ferneamde Westerske ûntdekkingsreizgers dy't it doe noch ûnbekende binnenlân fan it Afrikaanske kontinint ferkenden, wêrûnder de Skot David Livingstone, dy't him ferachte om syn slavehannel, en de Amerikaan Henry Morton Stanley, dy't in folle sympatiker byld fan him sketste. Tusken 1884 en 1887 makke Tippu Tip oanspraak op 'e eastlike Kongo foar himsels en foar syn hear, sultan Bargasj bin Saïd fan Sansibar. Nettsjinsteande syn rol as beskermer fan 'e Sansibareeske belangen yn it Afrikaanske binnenlân, wist Tippu Tip dochs altyd goed relaasjes mei de Jeropeänen te hâlden.

 
De wente fan Tippu Tip yn Sansibar.

Doe't der yn augustus 1886 yn 'e omkriten fan Stanley Falls yn it ramt fan 'e Kongoleesk-Arabyske Oarloch iepentlike gefjochten útbrieken tusken de Swahily en de fertsjintwurdigers fan kening Leopold II fan Belgje, dy't ek oanspraak makke op 'e Kongo, sette Tippu Tip nei de Belgyske konsul ta om dyselde te bewissigjen fan syn "goede bedoelings". Hoewol't Tippu Tip doedestiden noch altyd grutte ynfloed op 'e polityk yn Sintraal-Afrika útoefene, wied er him derfan bewust dat de machtsferhâldings begûn wiene te ferskowen. Begjin 1887 arrivearre Stanley yn Sansibar, dêr't er yn syn hoedanichheid as fertsjintwurdiger fan Leopold II foarstelde dat Tippu Tip gûverneur wurde soe fan it distrikt fan Stanley Falls yn 'e Frijsteat Kongo, de priveekoloanje dy't Leopold tsjin dy tiid yn Sintraal-Afrika opboud hie (en dêr't letter de Belgyske Kongo út fuortkomme soe). Ut namme fan Leopold sleat Stanley datoangeande in oerienkomst mei Bargasj bin Saïd, mei as resultaat dat Tippu Tip op 24 febrewaris 1887 gûverneur waard.

Tagelyk stimde er der by dy gelegenheid ek mei yn om 'e ekspedysje ta te rissen dy't Stanley optuge woe om 'e ferneamde Dútske befelhawwer yn Egyptyske tsjinst Emin Pasja (Eduard Schnitzer) te rêden, dy't fêst kommen wie te sitten yn wat no noardlik Oeganda is, fanwegen de Machdistyske Opstân yn 'e Sûdaan. Neitiid reizge Tippu Tip mei Stanley wer nei Sintraal-Afrika ta, mar diskear fia de langere mar fluggere rûte by de Atlantyske kust lâns en de rivier de Kongo op. De ûntsettingsekspedysje waard útstjoerd, mar noch los fan 'e twifelige doelmjittigens waard dat barren bedoarn trochdat de efterhoede op 'e weromtocht suver útrûge waard, in ramp dêr't Stanley Tippu Tip de skuld foar op 'e lea besocht te skowen.

Omtrint 1890 of 1891 loek Tippu Tip him úteinlik foargoed werom yn Sansibar. Syn soan Sefu hie neitiid it tafersjoch oer de hannelsaktiviteiten op it Afrikaanske fêstelân, en wie ferantwurdlik foar ferskate gewelddiedige botsings tusken de Swahily en de Belgen. Underwilens lei Tippu Tip him ta op it skriuwen fan syn autobiografy, wat er die yn it Swahily, en wêrmei't er in grutte bydrage levere oan 'e ferheffing fan dy taal ta skriuwtaal. De Dútser Heinrich Bode, dy't kunde oan him hie, sette syn ferhaal oer yn it Dútsk, en dêrwei waard it letter yn it Ingelsk fertaald, om yn 1907 publisearre te wurden. Tippu Tip kaam op 13 juny 1905, yn 'e âlderdom fan 68 jier, yn syn wente yn Sansibar-Stêd te ferstjerren oan malaria.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.