Titus Pomponius Attikus

Titus Pomponius Attikus (Latyn: Titus Pomponius Atticus; útspr.: ['titus pom'po:nius 'atikus], likernôch "titûs pompooniûs attikûs"); Rome, novimber 110 f.Kr. – dêre, 31 maart 32 f.Kr.) wie in foaroansteand Romeinsk sakeman, bankier, útjouwer, redakteur, skriuwer en filosoof, dy't letter de namme Kwintus Sesilius Pomponianus Attikus oannaam. Hy is benammen yn oantins bleaun as de bêste freon fan 'e ferneamde Romeinske politikus, orator en filosoof Sisero, mei wa't er in libbene briefkerij ûnderhold. Sisero droech syn traktaat oer freonskip, De Amicitia, oan Attikus op.

Titus Pomponius Attikus
persoanlike bysûnderheden
echte namme Titus Pomponius Atticus
oare namme Quintus Caecilius
   Pomponianus Atticus
nasjonaliteit Romeinsk
berne novimber 110 f.Kr.
berteplak Rome (Romeinske Republyk)
stoarn 31 maart 32 f.Kr.
stjerplak Rome (Romeinske Republyk)
etnisiteit Romeinsk
wurkpaad
berop/amt keapman, bankier
aktyf as útjouwer, filosoof
jierren aktyf 6532 f.Kr.
reden
  bekendheid
ûnderhold briefkerij mei syn
   freon Markus Tullius Sisero

Libben bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Attikus waard yn novimber 110 f.Kr. yn Rome berne ûnder de namme Titus Pomponius, as de soan fan in oare Titus Pomponius en dy syn frou Sesilia Metella. Hy wie in telch út in âld en foaroansteand, mar fan oarsprong net aadlik Romeinsk laach. As jongfeint studearre er rjochten ûnder de grutte Kwintius Musius Skevola, yn 'e mande mei û.m. Lusius Manlius Torkwatus, Gajus Marius de Jongere en Markus Tullius Sisero, dy't syn libbenslange freonen waarden. It sizzen is dat er in earsten learling wie.

Wurkpaad bewurkje seksje

Yn 85 f.Kr. reizge Attikus nei Atene ta, dêr't er fierder learde yn literatuer en filosofy, en him by de epikuristyske skoalle joech. Hy mocht sa graach oer Atene, dat er de namme 'Attikus' oannaam (nei Attika, de lânstreek dêr't Atene it sintrum fan is). Underwilens woeks syn fortún oan troch ferskate erfskippen, mar ek troch syn eigen slûchslimmens as hanneler yn ûnreplik goed. Dy rykdom brûkte er om him in stêf fan kundige slaven oan te skaffen, dy't er oan it wurk sette as kopyisten en om papier te meitsjen. Sa smiet Attikus him op as in patroan fan 'e literatuer, wêrby't er û.m. de wurken fan syn freon Sisero publisearre.

It is bekend dat Attikus sels ek in skiedkundich boek skreaun hawwe moat oer it konsulskip fan Sisero yn it jier 63 f.Kr., fierders in opmerklike autobiografy en dêropta in beskate hoemannichte poëzij. Syn brieven oan Sisero, dy't neitiid troch Sisero syn frijlitten slaaf en persoanlik siktaris Markus Tullius Tiro sammele waarden yn 'e Epistulae ad Atticum, binne lykwols it iennichste diel fan syn wurk dat bewarre bleaun is. Dy briefkerij wie faak yn in subtile koade skreaun om 'e politike waarnimmings fan 'e beide freonen tsjin fijannige eagen te beskermjen. Ut syn brieven komt Attikus nei foarren as in oardielkundich man fan elegante smaak mei in talint foar de sakewrâld.

Yn 65 f.Kr. kearde Attikus út Atene werom nei Rome. Neffens de begjinsels fan it epikurisme hold er him dêrnei safolle mooglik ôfsidich fan 'e polityk, in liedend motyf yn syn libben dat er inkeld út en troch ferbriek om syn freon Sisero te helpen. Sa skonk er him yn 49 f.Kr., doe't Sisero twongen wie en ûntflechtsje Rome, 250.000 sestersjes yn ien kear. Hoewol't Attikus him dus net aktyf mei de polityk bemuoide, is út syn brieven op te meitsjen dat er, krekt as Sisero, in oanhinger fan 'e âlde Romeinske Republyk wie, en der konservative politike ideeën op neihold. As sakeman wied er in partner fan Markus Lisinius Krassus, in lid fan it Earste Triumviraat.

Priveelibben bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan syn rykste omke oan memmekant Kwintus Sesilius Metellus waard Attikus oanfurde as de oannommen soan en erfgenamt fan dyselde, en dêrta naam er de namme Kwintus Sesilius Pomponianus Attikus (Latyn: Quintus Caecilius Pomponianus Atticus) oan. Doe't er al aardich op jierren wie (omtrint 53 jier) troude er tusken 58 en 56 f.Kr. mei in Sesilia Pilia (±75-46 f.Kr.), in pakesizzer fan Krassus, mei wa't er 35 jier skeelde. Harren houlik skynt lykwols gelokkich west te hawwen, oant Sesilia tolve jier letter kaam te ferstjerren. Foartiid hie hja Attikus in soan skonken, Titus Pomponius Attikus de Jongere, oer wa't hast neat bekend is, en ek in dochter, Sesilia Pomponia Attika, dy't letter troude mei de Romeinske generaal Markus Fipsanius Agrippa.

Lêste jierren en dea bewurkje seksje

Attikus wenne de rest fan syn libben yn Rome. Koart nei syn 77ste jierdei rekke er siik, hoewol't it der earst alle skyn fan hie dat him net folle mankearre. Nei in fearnsjier omgammeljen rekke er lykwols frij hommels slim yn 'e minnichte. Om in lange lijenswei foar te kommen en it ûnûntkombere te ferflugjen, hold Attikus doe op mei iten en hongere er himsels dea. Mei't er al ferswakke wie, duorre it doe net lang mear, en op 'e fyfde deis fan syn fêstjen, 31 maart 32 f.Kr., stoar er yn syn hûs yn Rome. Hy waard begroeven yn 'e grêftombe fan syn famylje, by de Fyfde Myl(peal) fan 'e Via Appia.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.