Tjomme Ynte Kingma Boltjes

Tjomme Ynte Kingma Boltjes (Rotterdam, 4 juny 1901 - Doorn, 8 maart 2000) wie in Nederlânske heechlearaar algemiene en tapaste mikrobiology.

Libben en wurk bewurkje seksje

Boltjes wie in soan fan kantonrjochter mr. Hidde Kingma Boltjes (1875-1945) en Geertje Halbertsma (1879-1955 ). Hy troude mei syn nicht Tettje Kingma Boltjes (1910-2001), dochter fan de sjirurch dr. Menzo Pieter Kingma Boltjes (1880-1944).
Hy studearre ôf as skiekundich yngenieur oan de Technyske Hegeskoalle Delft yn 1928. Hy promovearre dêrnei op 28 july 1934 oan dyselde universiteit yn de skiekunde op Onderzoekingen over nitrificerende bacteriën mei as promotor prof. dr. Albert Kluyver (1888-1956). Op 1 febrewaris 1937 waard er beneamd ta lektor mikrobiology oan de Universiteit fan Amsterdam, hokker amt er oanfurdige mei de iepenbiere rede De microbiologie en hare veelzijdigheid. Mei yngong fan 1 july 1951 waard it lektorskip omset yn in bûtengewoan heechlearaarskip algemiene en tapaste mikrobiology, wêrby't er syn ynaugurele rede hold op 13 oktober 1952 ûnder de titel De ontwikkeling der microbiologie. Fan 1950 ôf wurke er mei oan it Leerboek der microbiologie en immunologie. Voor artsen en studenten in de geneeskunde dêr't ferskate drukken fan ferskynden (1950, 1953 en 1957).
Mei yngong fan 17 septimber 1956 waard er gewoan heechlearaar mei deselde learopdracht en hy gie op 1 septimber 1971 mei emeritaat, nei syn ôfskiedsrede yn july 1971 holden te hawwen. Hy waard as heechlearaar opfolge troch de Brit prof. dr. David Walker Tempest (1929).

Prof. dr. yr. T.Y. Kingma Boltjes ferstoar yn 2000 yn de âldens fan 98 jier.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Onderzoekingen over nitrificerende bacteriën. Delft, 1934 (proefskrift).
  • De microbiologie en hare veelzijdigheid. Delft, 1937 (iepenbiere les).
  • De ontwikkeling der microbiologie. Grins [etc.], 1952 (inaugurele rede).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • PiCarta (publikaasjes).
  • CV, op: albumacademicum.uva.nl.