De tomkes (Troglodytidae) is in famylje yn it skift fan de moskeftigen. De namme Troglodytidae (hoalebewenners) hawwe de fûgels om harren nêst- en ytgedrach, op tsjustere plakken en yn hoalen. It binne mar lytse fûgels, mei in grutte sturt dy't somtiden rjochtomheech holden wurdt. Tomkes binne ûnopfallende fûgeltsje, útsein dat se lûd sjonge. Alle Tomkes binne ynsekte-iters.

Tomkes
tomke (Troglodytes troglodytes).
tomke (Troglodytes troglodytes).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: (Certhioidea)
famylje: tomkes (Troglodytidae)
Swainson, 1832

Der binne 88 soarten, wêrfan allinnich de nammejouwer fan de famylje, it tomke, yn Jeropa libbet. Dy libbet lykwols ek yn Amearika, dêr't ek de oare soarten fan de famylje libje.

Klassifikaasje bewurkje seksje

IOC World Bird List, Version 11.1, jan. 2021