Toskaanske Arsjipel

De Toskaanse Arsjipel is in Italjaanse eilannekloft yn de Tyrreenske See, tusken Toskane en Korsika (Frankryk).

Toskaanske Arsjipel

De arjiipel dy't ta Toscane heart bestiet út sân bwenne eilannen, dêr't Elba fan fierwei it grutste en meast bekende is. De oare eiannen lizze yn in bôge om Elba hinne. Fan noard nei súd binne dat Gorgona, Capraia, Pianosa, Montecristo, Giglio en Giannutri. De lêste twa heare by de provinsje Grosseto, alle oaren by de provinsje Livorno.

De ûnbewenne elantsjes, de Formiche (eamelders) di Grosseto, tusken Giannutri en it fêstelân heare ek by Grossetto. Der binne noch mear ûnbewenne eilantsjes, by Elba: Corbella, Formiche della Zanca, Gemini, Liscoli, Remaiolo, Ogliera, Ortano, Scoglietto di Portoferraio, Topi en Triglia; by Giglio: Cappa, Corvo, Le Scole; by Montecristo: Scoglio d'Affrica en by Pianosa: La Scarpa, La Scola. As lêste wurde ek Argentarola, Cerboli, Formica di Burano, Meloria, Palmaiola, Isolotto di Sparviero en Isolotto di Porto Ercole ta de Toskaanske Arsjipel rekkene.

Elba is it eilân dêr't, yn 1814, Napoleon Bonaparte in jier wenne hat. De oare eilannen binne relatyf ûnoantaast en in grut part dêrfan is nasjonaal park. Alle eilannen hawwe hichten, útsein Pianosa (betsjut: 'flakkich') wat meast flak is. Pianosa hat lange tiid in finzenis hân, dy't yn 1997 sletten is. It eilân is noch altyd net frij tagonklik.

Eilân km² Ynwennertal
Capraia 19 366
Elba 224 30.000
Giannutri 3 102
Giglio 24 1553
Gorgona 2 220
Montecristo 13 0
Pianosa 10 0
Totaal: 295 31.875

Bylden fan de arsjipel bewurkje seksje