Toutenburch (kastiel)

Toutenburg is in midsiuwsk kastiel yn it Oeriselske stedsje Follenhove. It waard om 1500 hinne boud.

Resten fan kastiel Toutenburch
Skilderij fan kastiel Toutenburch
Resten fan kastiel Toutenburch

It kastiel waard boud foar Georg Schenk fan Toutenburch, in ealman út Tautenburg yn Thüringen, dy't beneamd waard ta skout fan Follenhove. Hy wie troud mei jonkfrou Anna de Vos fan Stienwyk, dy't ferstoar yn 1526. Ut syn twadde houlik mei Joanna fan Egmond waard in soan Carel berne.

Georg Schenck fan Toutenburgh ferstoar yn 1540, wêrnei't it kastiel yn besit kaam fan Carel en nei dy syn dea yn besit fan syn âldere broer Frederik. Nei de dea fan Frederik yn 1580 kaam it kastiel yn hannen fan de geslachten fan Haersolte en van den Boetselaer.

Yn de 18e iuw rekke it kastiel yn ferfal. Tsjintwurdich is der allinnich noch in ruïne oer dêr't iepenloftspullen hâlden wurde.

Keppeling om utens bewurkje seksje