Transkripsje (taalkunde)

Transkripsje (fan it Frânske transcription) is yn de taalkunde it sa klanksekuer mooglik werjaan fan in skreaune tekst of in sprutsen taalutering. In yn de wittenskip gauris brûkt transkripsjesysteem foar de sprektaal is it International Phonetic Alphabet (IPA) en it ASCII-ekwavilint SAMPA. By muzyk ymplisearret transkripsje it arrangearjen fan in stik foar in oar ynstrumint.[1]

Administratyf bewurkje seksje

In transkripsje wurdt ek tapast by gearkomsten, ferhoaren en diktearre brieven. Oan de hân fan de opnames wurdt efterôf in ferslach makke. Dêrby ûnderskiede jo in transkripsje dy’t wurdlik is en in transkripsje dy’t letterlik is. As it ferslach wurdlik is, wurdt datjinge wat bepraat is werjûn yn goede sinnen. By in letterlik ferslach wurdt alles opskreaun, krekt sa’t it útsprutsen is.

Transkripsjes wurde ek brûkt foar kwalitatyf ûndersyk. In ûndersiker foeget “time stamps” oan de transkripsje ta en kin op dy wize mei help fan Qualitative Data Analysis-software (QDA) syn gegevens flotter en better ferwurkje. Time stamps kinne in link hawwe dy’t derfoar soarget dat de lêzer op it winske stuit it korrespondearjende lûdsfragmint of it korrespondearjende fideobyld oproppe kin. Sa kin krekt ôfharke wurde hoe’t wat sein is: wie de sprekker noartsk, lilk, wifele er? Dat kin och sa wichtich wêze as it giet om ferhoaren of rjochtssaken.

Taalkundich bewurkje seksje

Transkripsje fan taal is sawol in helpmiddel by taalûnderwiis as by de wittenskiplike stúdzje fan taal. Yn beide gefallen hat de transkripsje as doel de brûker yn steat te stellen de útspraak fan wurden in sinnen fan in taal of in spesifike taalutering goed te reprodusearjen.

It transkribearjen fan in gebeartetaal wurdt SignWriting neamd.

Ferskil tusken transkripsje en transliteraasje bewurkje seksje

By transliteraasje is it doel om it skrift fan in taal sa krekt mooglik oer te setten yn in oar type skrift, wêrby’t der nei stribbe wurdt in letter nei letter sekuere omsetting te krijen.[1] Transkripsje belanget yn taalkundige sin gewoanwei of in fonetyske transkripsje of in fonologyske transkripsje oan. In fonetyske transkripsje is de werjefte fan taaluterings yn in fonetysk skrift lykas bygelyks it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet, wêrby’t sawol fonemen as allofoanen ûnderskieden wurde. In fonetyske transkripsje wurdt yn wittenskiplike publikaasjes gauris tusken rjochte heakken set. In fonologyske transkripsje ûnderskiedt allinnich fonemen en is om dy reden sa sekuer net. Foar it ûnderskied wurdt dy transkripsje gauris tusken skeane streken set.[2] As de taal dy’t werjûn wurdt in eigen fonologysk alfabet hat, kin in fonologyske transkripsje (fan de sprutsen taal) oerlaapje mei de transliteraasje fan de skriuwtaal.

Wurden fan bygelyks it Sineesk kenne ferskate transkripsjes; sa is Peking yn it hanyu pinyin Beijing en yn it Wade-Gilessysteem Pei-ching.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Koenen, M.J. & J.B. Drewes (red.), Wolters’ Woordenboek Eigentijds Nederlands Grote Koenen. Grins: Wolters-Noordhoff, 1986. ISBN 90-01-96820-1
  • Kost, Heleen (red.), Prisma van de taal: 2000 taalkundige begrippen van A tot Z verklaard. Utert: Het Spectrum, 1990. ISBN 90-274-1939-6

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Koenen & Drewes, 1986, p. 1307-1308.
  2. Kost, 1990, p. 76.