Treinramp by Ashtabula

(Trochferwiisd fan Treinramp fan Ashtabula)

De Treinramp by Ashtabula wie in grutskalich treinûngemak yn 'e Feriene Steaten, wêrby't op 29 desimber 1876 yn 'e neite fan Ashtabula, yn 'e steat Ohio, in passazjierstrein ûntspoarde trochdat de spoarbrêge oer de rivier de Ashtabula ynsakke. Under barre winterske omstannichheden stoarten dêrby twa lokomotiven en alve treinwagons sa'n 23 m nei ûnderen yn it wetter en op 'e rivierwâl, wêrnei't der yn 'e houtene wagons in útslaande brân útbriek. By de ûntspoaring en de brân kamen 92 fan 'e 159 ynsittenden fan 'e trein om it libben, wêrûnder de ferneamde hymneskriuwer Philip Bliss en syn frou. De Treinramp by Ashtabula wie it slimste treinûngemak yn 'e Feriene Steaten oant de Grutte Treinramp fan 1918.

Treinramp by Ashtabula
bysûnderheden
type ramp treinramp
oarsaak ynstoarten spoarbrêge
datum 29 desimber 1876
tiid ±19.30 oere
lân Feriene Steaten
steat Ohio
plak by Ashtabula
statistiken
deaden 92
ferwûnen 64
net-ferwûnen 3
lokaasje
Treinramp by Ashtabula (Ohio)
Treinramp by Ashtabula
Lokaasje fan 'e treinramp yn Ohio.

Ramp bewurkje seksje

Trein Nû. 5 fan 'e Lake Shore en Michigan Southern Railway, mei as bynamme The Pacific Express, ferliet it stasjon fan Erie, yn 'e steat Pennsylvania, op 'e middei fan 29 desimber 1876 yn westlike rjochting, wylst dy krite ûnder in tsjûk pak snie ferskûle gie. Twa lokomotiven, de Socrates en de Columbia, loeken mei-inoar alve treinwagons, wêrûnder twa ekspreswagons, twa bagaazjewagons, in smokerswagon, twa passazjierswagons, trije sliepwagons en in wurkmanswagon. Yn totaal hie de trein 159 ynsittenden, ynkl. masinisten en kondukteurs.

Om likernôch healwei achten jûns stiek de trein yn 'e steat Ohio de rivier de Ashtabula oer tusken de plakken Ashtabula en Edgewood, op likernôch 300 m ôfstân fan it stasjon fan Ashtabula, doe't de spoarbrêge oer de rivier ynsakke. De foarste lokomotyf helle de oare kant, mar de twadde lokomotyf en alle wagons waarden losskuord en foelen sa'n 23 m de djipte yn, dêr't guon delkamen yn 'e rivier en guon op 'e rivierwâl. Ferskate wagons kamen yn in rjochtoppige posysje telâne op har efterkant. Troch it omleech tommeljen wiene oaljelampen stikkenslein en ferwaarmingsstoven mei gleone koallen alle kanten útflein, mei as gefolch dat der yn 'e houtene wagons frijwol daliks in útslaande brân útbriek dy't mei gauwens oanwakkere ta in wier ynferno.

It leven fan it ûngemak waard yn it stedsje Ashtabula heard, en der waard alaarm slein. Tsjin 'e tiid dat de earste boargers de ynstoarte spoarbrêge berikten, hiene ferskate ferwûne passazjiers harsels yn feilichheid witten te bringen, mar begûn de brân it dreech te meitsjen om yn 'e neite fan 'e wagons te kommen. Doe't de brânwacht fan Ashtabula arrivearre, krige dy fan meiwurkers fan 'e spoarweimaatskippij ynstruksje om 'e ferwûnen te rêden en út it ravyn te helpen. Dêrnei waard net mear besocht om 'e brân te blussen, nettsjinsteande it feit dat der dúdlik noch oerlibbenen yn 'e baarnende wagons finzen sieten.

Fan 'e 159 ynsittenden fan 'e trein kamen 92 by de treinramp om it libben of stoaren letter oan har ferwûnings. Dêrnjonken rekken 64 oaren yn slimmere of lichtere mjitte ferwûne. Mar 3 ynsittenden, wêrûnder de masinist fan 'e foarste lokomotyf, dy't net ûntspoard wie, kamen mei de skrik frij. Under de deaden wie de ferneamde hymneskriuwer en gospelsjonger Philip Bliss, dy't de eigentlike ramp oerlibbe, mar de wagons wer yngie om syn frou te rêden doe't er seach dat der brân útbriek. Dêrnei waard neat mear fan him fernommen. Fan 'e stoflike omskotten fan him en syn frou waard neat weromfûn.

 
In foto fan it wrak fan 'e trein en de brêge nei ôfrin fan 'e ramp.

De oerlibbenen waarden by de hân laat, droegen en op sliden ferfierd nei hotels en wenten fan partikulieren yn Ashtabula, mei't der gjin sikehûs yn it stedsje wie. Guon fan 'e lju dy't de slachtoffers fan 'e ramp "te help" kamen, stielen jild en oare kostberheden fan sawol de deaden as de oerlibbenen ter wearde fan $1.500 (yn hjoeddeisk jild $32.000), dat weromjûn waard nei in oprop dêrta fan 'e boargemaster en nei't de plysje der in ûndersyk nei ynsteld hie. De liken fan 'e deaden waarden de oare moarns by it plak fan 'e ramp weihelle. Fan 48 passazjiers waard nea in stoflik omskot weromfûn of wie it stoflik omskot sa slim ferbrând dat se net mear identifisearre wurde koene. De spoarbrêge waard koarte tiid letter op provisoaryske wize werboud.

Undersyk bewurkje seksje

De deis nei de ramp waard in ûndersykskommisje ynsteld (yn it doetiidske Amerikaanske jargon in coroner's jury, "lykskôgerssjuery", neamd), besteande út seis saakkundigen dy't úteinlik 68 dagen de tiid namen om har rapport te skriuwen. De kommisje ûntdiek dat de ûntwerper fan 'e brêge feitliks Amasa Stone wie, dy't fan 1856 oant 1867 presidint-direkteur fan 'e Cleveland en Erie Difyzje fan 'e Lake Shore en Michigan Southern Railway west hie. Hy hie it ûntwerp nommen fan in bekende en goed oanskreaun steande soarte houten spoarbrêge en dy neimeitsje litten fan izer om it 50 m brede ravyn oer de rivier de Ashtabula te oerbrêgjen.

Doe't de brêge yn 1865 oanlein waard, stapte de yngenieur dy't foar de bou oannommen wie, op om't er fûn dat de stutten fierstente licht wiene. De yngenieur fan 'e Lake Shore en Michigan Southern Railway dy't de einferantwurdlikheid foar it projekt droech, Charles Collins, seach de brêge skynber as in eksperimint ûnder de ferantwurdlikheid fan Stone. It rapport fan 'e ûndersykskommisje utere fûleindige krityk op it ûntwerp fan 'e brêge, om't it meijaan fan ien ûnderdiel in keatlingreäksje ta gefolch hie dêr't de hiele brêge troch ynsakke, feroarsake troch it feit dat de stutten net op in ramt stipen, mar op inoar. It rapport sei ek dat eltse kompetinte yngenieur dat probleem opmurken hawwe soe as de brêge ea ûnder syn alvejierrich bestean in ynspeksje ûndergien hie. Fierders waard de brânwachtkommandant fan Ashtabula troch de kommisje teplak set om't er net besocht hie om 'e brân te blussen, wylst ek de wize fan ferwaarming yn 'e trein bekritisearre waard.

 
In plakette op it plak fan 'e ramp dy't it barren yn oantins hâldt.

Neisleep bewurkje seksje

It Hûs fan Offurdigen fan Ohio stelde neitiid guon yngenieurs oan om te sjen oft der ek wat oan it izer fan 'e brêge mankearre, mar dêr bliek neat mis mei te wêzen, sadat op 'e nij fêststeld waard dat de ramp oan it minne brêge-ûntwerp te witen wie. Resint hawwe ferskate histoarisy har lykwols ôffrege oft metaalwurgens, in ferskynsel dat yn 'e njoggentjinde iuw net begrepen waard, ek in rol spylje kinnen hat by it ynstoarten fan 'e spoarbrêge.

In pear dagen nei't er foar de kommisje fan it Hûs fan Offurdigen fan Ohio syn tsjûgenis oer de ramp ôflein hie, waard Collins, de yngenieur dy't ferantwurdlik wie foar de bou fan 'e brêge, dea yn syn sliepkeamer fûn mei in skotwûn yn 'e holle. Mei't er de moandeis tefoaren syn ûntslach by de spoarweimaatskippij besocht hie yn te tsjinjen (wat him wegere wie), giene de measte minsken derfan út dat syn skuldgefoelens him tefolle wurden wiene en dat er selsmoard dien hie. In plysjerapport út dy tiid suggerearre lykwols dat de wûne net sels tabrocht wêze koe, en nije dokuminten dy't yn 2001 ûntdutsen waarden en in modern patologysk ûndersyk fan Collins syn skedel wize derop dat de man yndie fermoarde wêze moat.

Amasa Stone, de ûntwerper fan 'e brêge, makke lykwols yn 1883 wol deeglik in ein oan syn eigen libben. Dat wie nei't er finansjeel yn 'e swierrichheden rekke wie trochdat ferskate izerjitterijen dêr't er yn ynvestearre hie, oer de kop giene. Boppedat litte er oan maachswolms dêr't er net fan sliepe koe en waard er doe noch altyd troch de publike opiny ferhune fanwegen syn rol by de treinramp.

Yn Ashtabula waard as útfloeisel fan 'e ramp in sikehûs, it Ashtabula General Hospital, boud. Likernôch tsien jier neitiid waard by de Amerikaanske spoarwegen stoomferwaarming ynfierd om 'e passazjiers waarm te hâlden, wêrmei't stoven mei gleone koallen ta it ferline kamen te hearren. Yn 1887 waard der in formeel federaal systeem ynsteld om fatale spoarûngemakken te ûndersykjen. Tweintich jier neitiid waard der op it begraafplak Chestnut Grove Cemetery yn Ashtabula in monumint oprjochte foar alle ûnidentifisearre slachtoffers fan 'e Treinramp by Ashtabula.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.