Trijeperioadesysteem

Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litikum Let
Midden
Ier
Stientiid

It trijeperioadesysteem waard tusken 1820 en 1830 betocht troch Christian Jürgensen Thomsen en yn 1836 (anonym) publisearre. It wie de earste kear dat besocht waard om de prehistoaryske fynsten systematysk te oarderjen troch se op te dielen yn trije haadperioades: de izertiid, brûnstiid en stientiid, op basis fan de ûnderstelling dat minsken gjin stienen ark brûke soene as se brûnzen hiene, en dat se gjin brûnzen ark brûke soene as se izeren ark hiene. Dizze ûnderstelling betsjutte dat de progresje kronologysk ferklearre wurde koe. Mar ek Johann Friedrich Danneil publisearre dat jier in Allgemeinbericht wêryn't hy ek in trijedieling fan de prehistoarje útstelde. Dit late ta fûle strideraasje tusken Dútske en Deenske gelearden, dy't lykwols benammen politike motiven hienen. Ien en oar kulminearre net tafallich yn de Deensk-Dútske Oarloch fan 1864.

Krityk bewurkje seksje

De krityk op dit systeem barste al gau los doe't de Dútske archeolooch Ludwig Lindenschmit derop wiisde dat de brûnstiid yn Noard-Dútslân letter begûn as yn Súd-Dútslân. Ek waard letter de gedachte dat de oergong tusken de perioades net hookstrooks mar gradueel ferrûn wie algemien akseptearre en it systeem waard útwreide mei de kopertiid. Al yn de 19e iuw blykte it systeem sa groumazich dat de Deen Jens Jacob Asmussen Worsaae yn 1859 in oantal ferfinings publisearre, wêrby't elke perioade (en benammen de stientiid) fierder ûnderferdield is. Tsjintwurdich wurdt in ûnderferdieling brûkt yn inkele tsientallen perioades.

It systeem is ûntwikkele foar de Europeeske prehistoarje, mar is ek yn Aazje en it Midden-Easten goed brûkber. Yn Afrika faalt it lykwols, meidat der fan in brûnstiid gjin sprake is. Ek yn Amearika is der in likense situaasje, dus dit model is beslist net universeel tapasber.