Tropysk wâld is wâld dat groeit yn 'e tropen, d.w.s. it gebiet om 'e evener hinne dat rûchwei begrinzge wurdt troch de kreeftskearkring yn it noarden en troch de stienbokskearkring yn it suden. Tropysk wâld stiet benammen bekend yn 'e foarm fan tropysk reinwâld, mar dat is net de iennichste soarte tropysk wâld en foarmet mar 60% fan alle tropysk wâld op 'e wrâld. Yn 'e regel wurde der fjouwer soarten tropysk wâld ûnderskaat:

De fersprieding fan tropysk wâld oer de wrâld. (dûnkergrien = tropysk reinwâld; ljochtgrien = tropysk fochtich wâld; legergrien = tropysk drûch wâld; oranje = tropysk berchwâld)

Oare soarten tropysk wâld, dy't yn 'e yndieling hjirboppe by ien fan 'e fjouwer kategoryen ûnderbrocht wurde, binne bygelyks: seizoensbûn tropysk wâld (dat in drûch en in wiet seizoen ken), mangrovewâld, tropysk swietwettersompwâld of ûnderstrûpt wâld, tropysk nullewâld, savannewâld en dizewâld (fochtich tropysk berchwâld). Faak wurdt subtropysk wâld ek beskôge as in ûnderferdieling fan tropysk wâld.

Tropysk wâld op Borneo.

Hoewol't tuskenbeiden wâld en boreaal wâld frij maklik definiëarre wurde kin troch út te gean fan in beskate beamtichtens of in beskate tichtens fan it blêdetek, wurket dy metoade by guon soarten tropysk wâld gewoanwei net. Fral tropysk drûch wâld is tige iepen, mei beammen dy't frij fier útinoar steane. Fanwegen dy swierrichheden op it mêd fan it bepalen wat no eins tropysk wâld is en wat net, kinne sifers en oare ynformaasje oer tropysk wâld (bgl. it totale oerflak fan tropysk wâld op 'e wrâld) fan boarne ta boarne ferskille. Wat wol sûnder swierrichheden steld wurde kin, is dat alle soarten tropyske (en subtropyske) wâlden mei-inoar in grut diel fan it wrâldoerflak bedekke, en dat se justjes minder as 50% fan alle wâld op 'e Ierde foarmje.

Mear as oare soarten wâlden stiet tropysk wâld bleat oan ûntbosking troch houtkap en platbaarnen troch de minske. Sa giene yn 2018 allinnich al 3,6 miljoen ha ûnoantaaste tropysk wâld ferlern. Neffens in wittenskiplik ûndersyk dat it eilân Borneo as ûnderwerp hie, wie it oerflak tropysk wâld dêr tusken 1973 en 2018 tebekgien fan 76% fan it totale oerflak oan lân, nei 50%. De oarsaak dêrfan wie foar it meastepart útwreiding fan it areaal oan lânbougrûn.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.