Tsarskoje Selo-lyseum

It Tsarskoje Selo-lyseum, ek wol it Keizerlik Lyseum (Russysk: Императорский Царскосельский лице́й) of it Aleksanderlyseum neamd, wie in ûnderwiisynstelling yn Pûsjkin (it eardere Tsarskoje Selo), yn de neite fan Sint-Petersburch. It lyseum waard yn 1811 troch tsaar Aleksander I stichte as eliteskoalle foar jongens dy't letter de hegere posten yn de keizerlike tsjinst besette moatte soene.

It keizerlik lyseum.
De 14 jier âlde Pûsjkin draacht syn gedicht foar foar in âlde Derzjavin yn it lyseum (skilderij fan Ilya Repin (1911)
19e-iuwske tekening fan it lyseum

De statuten fan de skoalle krigen earst in keizerlike sanksje op 12 augustus 1810, mar se waarden úteinlik mei goedkarring bekend makke op 11 jannewaris 1811. Op dat stuit waard de nije fleugel fan trije ferdjippings fan it Grutte Paleis oanwiisd as akkommodaasje foar it lyseum. De akkommodaasje hie ferskillende romtes, sa as in sikeôfdieling, in koken, oare húshâldlike tapassings en in ôfdieling foar de administraasje . It gebou stie ticht by it Katarinapaleis en waard boud yn neoklassike styl; it meubilêr waard ûntwurpen troch Vasili Stasov.

It Tsarskoje Selo-lyseum waard iepene op 19 oktober 1811 en de earste ôfstudearre studinten wiene allegearre briljant, wêrûnder Aleksander Pûsjkin en Aleksander Gortsjakov. Under de oare bekende studinten wie bygelyks de oriïntalist en skriuwer Fjodor Sjtsjerbatskoj. It stúdzjejier waard elk jier iepene mei in sûppartij en muzyk, dêr't Poesjkin foar hieltyd nije fersen skreau. Yn jannewaris 1844 waard it lyseum nei Sint-Petersburch oerbrocht. Yn de 33 jier dat it Tsarskoje Selo-lyseum bestie studearren 286 studinten ôf. Njonken de trije boppeneamden studearren ek de letter ferneamd wurden Anton Delvig, Wilhelm Kuchelbecker, Nicholas de Giers, Dmitry Tolstoj, Jakov Grot, Nikolaj Danilevsky, Aleksej Lobanov-Rostovsky en Michail Saltykov-Sjtsjedrin oan it lyseum ôf.