Tsjerke fan Dimitri op it Bloed

De Tsjerke fan Dimitri op it Bloed (Russysk: Церковь Димитрия на крови) is in tsjerkegebou yn it kremlyn fan Uglitsj, Ruslân. De tsjerke leit op in skildereftige lokaasje oan 'e Wolga op it plak, dêr't yn 1591 prins Dmitri Ivanovitsj, de lêste fertsjintwurdiger fan 'e dynasty fan 'e Rjoerikiden, fermoarde waard.

Tsjerke fan Dimitri op it Bloed

Церковь Димитрия на крови

Lokaasje
lân Ruslân
Oblast Jaroslavl
plak Uglitsj
koördinaten 57° 31' N 38° 19' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Jarosvlavl
Arsjitektuer
boujier 1692
boustyl barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 761410065900006
Kaart
Tsjerke fan Dimitri op it Bloed (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerke fan Dimitri op it Bloed

Op útstel fan Ruslân is de tsjerke oanmeld foar de list fan it wrâlderfskip fan UNESCO. De tsjerke foarmet in ûnderdiel fan it Museum fan Uglitsj.

Skiednis bewurkje seksje

 
Fresko yn de tsjerke fan de moard op prins Dimitri.

Op it plak fan 'e moard fan tsarevitsj Dimitri waard yn 'e earste jierren fan 'e 17e iuw in houten kapel delset. Yn 1630 waard de houten kapel ferfongen troch in houten tsjerke, dy't yn 1692 ferfongen waard troch de hjoeddeiske stiennen tsjerke. De tsjerke leit oan 'e kant fan 'e Wolga yn it noardeastlike part fan it kremlyn.

Arsjitektuer bewurkje seksje

It giet om in lytse tsjerke mei in foarportaal, in net hege klokketoer, in refter, in heech sintraal diel dat bekroand is mei fiif koepels en in apsis. De tsjerke is yn bloedreade kleuren beskildere mei opfallende wite details (argitraven, pilasters en kroanlisten). De súdlike gevel fan 'e tsjerke is goed bewarre bleaun. Oan 'e noardlike kant waard yn 'e 19e iuw in net goed by de arsjitektuer fan 'e tsjerke passende kapel oanboud.

Ynterieur bewurkje seksje

Yn 'e tsjerke bleaune de fresko's út de twadde helte fan 'e 18e iuw bewarre. Se stelle de moard op tsarevitsj Dimitri en it oardiel oer de moardners foar. De fresko's yn 'e refter stelle foarstellings fan 'e skepping, Adam en Eva en de ferballing út it paradys foar. Opfallend foar in otterdokse tsjerke binne de realistyske útbyldings fan 'e (hast) neakene Adam en Eva.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Димитрия на Крови