Tsjerke fan Ferwâlde

De Tsjerke fan Ferwâlde yn Ferwâlde is in ienbeukich tsjerkegebou, dat yn 1767 syn hjoeddeiske foarm krigen hat.

Tsjerke fan Ferwâlde anno 2011
Opskrift boppe it tagongspoartsje as oantinken oan de bou fan de tsjerke yn 1767

Beskriuwing bewurkje seksje

De hjoeddeiske tsjerke fan Ferwâlde komt út 1767. Doe waard de midsiuwske foargonger grif yngreven ferboud.[1] Boppe it tagongspoartsje oan de súdkant fan de tsjerke is in fronton makke. Op dit fronton stiet it jiertal fan de bou 1767 en de nammen fan de grytman fan Wûnseradiel, Wilco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg en fan de beide tsjerkefâden Pier Binkes en Claas Luwes, dy't belêste wienen mei it tafersjoch by de bou fan de tsjerke. Op het dak stiet oan de westside in houten dakruter. Yn 1877 krige de tsjerke oan de bûtenkant in pleisterlaach. Ut dy tijd stamt ek it tagongsportaal oan de westside fan de tsjerke.

It oargel fan de tsjerke waard yn 1911 makke troch de Ljouwerter oargelbouwers Bakker & Timmenga.

De tsjerke is erkend as in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Dielen fan de ôfbrutsen tsjerke soenen ferkocht wêze oan de semintyndustry fan Makkum (boarne Gemeente Súdwest-Fryslân Steden & dorpen - Ferwoude)