Tsjerke fan Jehannes de Evangelist (Smolensk)

De Tsjerke fan Jehannes de Evangelist (Russysk: Церковь Иоанна Богослова; Tserkov Ioanna Bogoslova) is in otterdokske tsjerke út de 12e iuw yn 'e Russyske stêd Smolensk. It is ien fan 'e trije 12e-iuwske tsjerken fan Smolensk.

Jehannes de Evangelisttsjerke

Иоаннобогословская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Smolensk
koördinaten 54° 47' N 32° 02' E
Arsjitektuer
boujier 1173
boustyl byzantynske arsjitektuer
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 671410169530006
Kaart
Tsjerke fan Jehannes de Evangelist (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerke fan Jehannes de Evangelist

Skiednis bewurkje seksje

De Jehannestsjerke fan Smolensk waard yn 1173 yn opdracht fan prins Roman Rostislavitsj boud. Neffens de bewarre kroniken wie de tsjerke fersierd mei goud en emaille en alhiel fan binnen beskildere. De tsjerke bleau yn 'e oarspronklike foarm oant 1611 bewarre, doe't Smolensk nei in lang belis ynnommen waard troch it Poalske leger ûnder oanfiering fan kening Sigismund III.

 
De tsjerke foar 1917 mei in refektoarium en de klokketoer.

Yn de jierren dêrnei waard de tsjerke ferboud ta in roomske tsjerke, mar nei't Smolensk wer by it Russyske Ryk foege waard, waard de tsjerke wer otterdoks.

De Jehannestsjerke waard yn 'e 18e iuw foar in part ferboud. De koepel fan 'e tsjerke krige in achthoekige tamboer en der waard in klokketoer en in refter tafoege oan 'e tsjerke.

By de ferdriuwing fan it Frânske leger yn 1812 rekke de tsjerke slim skansearre, mar al gau wie it bouwurk reparearre en wer ree foar it fieren fan tsjinsten. Yn 1917 bleau de tsjerke ynearsten noch iepen, mar yn 1933 waard de tsjerke sletten en oerdroegen oan it museum en de biblioteek. De slimste skea waard lykwols feroarsake yn 'e Twadde Wrâldkriich, doe't it westlike part fan 'e tsjerke ferneatige waard en de 18e-iuwske klokketoer en refter yn pún leine.[1]

Net earder dan yn 'e jierren 1970 folge in restauraasje fan 'e tsjerke.

It gebou waard yn 1993 oerdroegen oan it bisdom fan Smolensk yn in steat dy't alhiel net geskikt wie foar it fieren fan de tsjerketsjinst. Sûnt waard de tsjerke restaurearre.

Sjoch ek bewurkje seksje

De oare twa 12e-iuwske monuminten fan Smolensk binne:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Иоанна Богослова (Смоленск)